Amelân-brún
Publisearre op 1 oktober 2014
INGE NICOLAIJ –
In prachtige foto. De skeve hoarizon fertelt my dat de foto nei alle gedachten fluch makke is. Yn in opwâling. Muoike, sa neam ik har foar it gemak, makket in seksy pose op it momint dat sy de kamera sjocht. De fotograaf is sa fokust op muoike en it momint, dat hy de topless frou op de eftergrûn net sjocht. Of miskien wol?
As ik dizze foto op de fotoacademie toand hie, hie ik nei alle gedachten de folgjende fraach krigen: ‘Wêrom groeit der in frou út har earm?’ Ik soe dizze foto net meitsje kinne. It is der by my sa ynstampt dat it ûnderwerp altyd frij yn it byld stean moat.
Wat ik ek nijsgjirrich fyn, is dat it gebrek oan kleuren yn de foto, de see universeel makket. De see is net Amelân-brún of Middellânske see-blau. Wol soe ik graach de kleuren fan it badpak witte wolle, ik ferwachtsje giel en blau.
Fotografe Inge Nicolaij sammelet âlde famyljefoto’s en sil alle moannen foar de Moanne ien foto út har samling analysearje. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Inge Nicolaij.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
MARITA DE JONG - 'Ik streef naar een zo sober mogelijk beeld' Stephan Vanfleteren (Kortrijk 1969) is in ferneamd fotograaf yn België. Hy studearre fotografy [...]
MARITA DE JONG - (foto: Linus Harms) Iconen die de tand des tijds kunnen doorstaan Corbino (ps. Maarten Corbijn van Willenswaard, Strijen 1959), broer fan [...]
Kategory: Fotografy
'Lezen te midden van alles' - foto Traci White: www.traciwhitephoto.com