Albert Oost ferkeapet skilderijen fia nije webside

It mei bekend wêze dat byldzjend keunstners it hieltyd dreger hawwe om harren wurk te ferkeapjen. Galeryen falle om, keunstners nimme de ferkeap wer sels yn hannen en ferkenne nije mogelikheden. Rienold Postma eksposeart al in pear jier minder en ferkeapet fral wurken fia keunstboeken dy’t hy sels útjout. En dan komt no Albert Oost mei in nij idee. Hy ferkeapet fia dizze webside syn wurk, en dat ek mei in flinke koarting. ‘Guon kollega’s ferklearje my foar gek, dat ik no ûnder de priis wurk ferkeapje, sawol âld as nij wurk trouwens, mar ja, ik moat toch wat!’ En de prizen? Hiel ienfâldich: rekkenje de lingte plus de bridte fan in wurk út, fermannichfâldigje dat mei de faktor tolve en de priis is bekend.

Sjoch ek hjir foar Albert Oost.

De ferkeapside is hjir te finen.

Comments
Ien reaksje oan “Albert Oost ferkeapet skilderijen fia nije webside”
  1. Eeltsje Hettinga schreef:

    Oer Oost syn wurk, sjoch ek it artikel: ‘De lyriek van het sublieme toeval, of: das Unvollendete van Albert Oost’
    http://eeltsjehettinga.nl/albert-oost-de-lyriek-van-het-sublieme-toeval/

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.