Trije
Publisearre op 16 december 2014
INGE NICOLAIJ –
Ik herken dizze foto. Ik herken de kontoeren, de foarm en ek it tafreel. Ha ik yn it leger sitten? Nee.
Wol hawwe ik ferskate kearen yn grutte groepen libbe. Grutte groepen minsken dy’t allegearre yn sels opsette tenten sliepten. Wy moasten allegearre nei deselde wc. De omstannichheden wiene oars as thús. ‘Earmhertich’ soene guon minsken sels sizze. Unbekenden waarden bekenden, guon sels freonen. Mei troch it groepsgefoel yn de goare douchekabines.
Alle dagen marsjearren wy mei syn allen nei itselde gebiet, om nei in skoftke wer werom te gean nei it ‘basiskamp’. Hoopjend dat de tinte noch oerein stiet. Hoopjend dat de wc’s skjinmakke binne en der gjin rige foar de douche stiet. Hoopjend dat elkenien wer weromkommen is.
Ha ik festivals besocht? Ja.
No wol ik alhiel net pretindearje dat ik wit hoe’t it is om yn it leger te sitten. En ik wol beide situaasjes ek net tsjinelkoar oer sette; it is dochs wol wat oars as immen net mei komt nei it basiskamp om’t er dronken en ferdwaald is of dat er omkommen is.
De fergliking kaam troch boppesteande foto. De jonge mannen yn himdsjes kinne op it each sa ferfongen wurde troch jonges dy’t op Lowlands trije dagen wille makke ha. De jonges op ‘e foto hawwe sa’n trije jier foar har libben fjochtsje moatten. Dochs hawwe se grif ek aardige mominten meimakke.
Fotografe Inge Nicolaij sammelet âlde famyljefoto’s en analysearret alle moannen foar de Moanne ien foto út har samling. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Inge Nicolaij.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
MARITA DE JONG - 'Ik streef naar een zo sober mogelijk beeld' Stephan Vanfleteren (Kortrijk 1969) is in ferneamd fotograaf yn België. Hy studearre fotografy [...]
MARITA DE JONG - (foto: Linus Harms) Iconen die de tand des tijds kunnen doorstaan Corbino (ps. Maarten Corbijn van Willenswaard, Strijen 1959), broer fan [...]
Kategory: Fotografy
'Lezen te midden van alles' - foto Traci White: www.traciwhitephoto.com