Sjuery ûnder de yndruk

Publisearre op 11 maart 2014

De sjuery is der út! Alle ynstjoerings foar it Alfabet-projekt binne besjoen en trochpraat. De sjuery wie ûnder de yndruk fan it nivo en de kwaliteit fan de ideeën. Ynkoarten krije de 26 keunstners, skriuwers, foarmjouwers en oare kreative tinkers in persoanlike brief op ‘e matte. En dan kin it Alfabet-projekt echt begjinne!

De 26 selektearre keunstners binne fia de website fan de Moanne te folgjen yn harren wurk. Oan ’e hân fan ynterviews, fideo’s, sketsen en oare bydragen kinst it ûntstean fan harren letter fan tichtby folgje. As alle letters klear binne, sil it alfabet presintearre wurde op in Moanne-Live eksposysje. Dêrneist sil it alfabet ôfprinte wurde yn in papieren útjefte fan de Moanne.

 

 

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels