Spul fan wyn en wolken
Publisearre op 21 februari 2011
Toanielstik yn twa bedriuwen fan Akky van der Veer
Dit toanielstik, nei de roman ‘Ik haw in man stellen’ fan Ype Poortinga, spilet op Sylt, ien fan de Noard-Fryske waadeilannen, dy’t yn it jier 1843 by Denemarken hearden.
Maria Peters Lassen fan Rantum hâldt oprjocht fan seekaptein Taire Pauls fan Keitum, dy’t mei Moiken troud is. Maria hat al twa bern fan him en is no foar de tredde kear yn ferwachting. Merret, Maria har mem, warskôget har. Se moat foargoed mei Taire brekke, want oars sil se moardners fan har bruorren meitsje.
Ien fan de tema’s fan dit stik is earwraak. Wy sjogge dat no allinne noch yn oare kultueren, mar it is net iens sa hiel lang lyn, dat soks by ús ek de gewoante wie: de bruorren fan in faam mei in ‘ferkearde relaasje’ nimme wraak om dêrmei de ear en it oansjen fan de famylje te rêden.
Foar’t de bruorren fan Maria it rjocht yn eigen hân nimme, is der noch mar ien wei om dat te kearen. Maria moat nei de Deenske kening ta, dy’t op dat stuit op it eilân Föhr rjochtsprekt. Om’t oerhoer en troubrek by de Deenske wet ferbean binne en Maria har tredde oerwinneling ferwachtet, moat se foar de kening op ’e knibbels falle en him om genede smeke.
Dit stik begjint op in ûnlijige novimberjûn. Maria en Eedji (de âlde frou dêr’t Maria en har bern by yn ’e hûs wenje) binne allebeide bang. Maria, om’t Taire sa let is, Eedji foar de oanboazjende stoarm. Yn flashbacks krije wy te sjen wat oan dy jûn foarôf giet: de warskôging fan Merret en Maria op besite by de kening, ûnder begelieding fan Peter, har broer. Sil Maria belies jaan en foargoed mei Taire brekke? Of sil de leafde it winne?
Plak en lokaasje: de Murdhoun, Húns
Datum en tiid: 4 en 5 maart om 20.00 oere
Tagong: € 6
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Door de Nederlandse straten klinken melancholieke melodieën, een Russische straatmuzikant verdient zijn brood. Zijn talent blijft niet onopgemerkt. Gestaag beklimt hij de ladder van succes. [...]
Kategory: Aginda,Literatuer
Tresoar organiseert op 28 januari een middag over Harmen Wind, overleden op 1 oktober 2010, die bedoeld is als tribuut aan deze belangrijke dichter, schrijver [...]
Kategory: Aginda,Byldzjende keunst
Euf Lindeboom: schilderijen, grafiek en mobiele beelden, solo expositie van 5 februari t/m 13 maart 2011 Opening op zondag 6 februari 16.00 uur door Saskia [...]