Fausto & Giulia
Publisearre op 16 augustus 2013
Neam alles datst witst oer Fausto Coppi. Ehm… Italiaansk, hurdfytser, jierren ’60? ’50? Klimmer, Tour de France wûn, giro, jonge fan it plattelân, gedoch mei froulju, polio… Nee, gjin polio. Malaria! Stop! Keurich, mar we misse noch it Iepenloftspul Snakkerbuorren. Fausto Coppi yn in iepenloftspul? Hoe is de bêste man dêr no yn fersyld rekke? In grutte faktor moat wol regisseur en sportleafhabber Luuk Eisema wêze dy’t dizze produksje foar syn rekken nimt.
Dochs komt it stik ek net samar út de loft fallen. Yn 1992 waard it skreaun troch Paul Feld, ien fan de oprjochters fan teatergroep ‘Growing up in public’. Neist toaniel wie sport ek in grutte passy foar Feld, dy’t ûnder oaren foar Sport international en Volkskrant as sportjournalist wurke hat en 20 ier de ferslachjouwing fan de Giro d’Italia die. Ut dizze miks fan teater en sport kaam úteinlik Fausto & Giulia op it repetoire fan ‘Growing up in public’.
Yntriizjes, opgong en it fallen fan in held, religy, oanbidding fan it folk, macht en in bline masseur. Klassyke yngrediënten foar in moai stikje drama. Ut Italië fia Feld en Eisema op nei de Doarpstún yn Snakkerbuorren.
It stik spilet fan 5 o/m 7 en 12 o/m 15 septimber yn de Doarpstún fan Snakkerbuorren. Mear ynformaasje: www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl.
Kategory
Tags
Doarpstún, Fausto Coppi, Fausto en Giulia, Growing up in public, iepenloftspul, Luuk Eisema, Paul Feld, Snakkerbuorren
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
MARITA DE JONG - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]
TRYNTSJE VAN DER ZEE-DE BOER - De seal is lekker fol. Ik ha in plakje oan 'e sydkant. Treft net; 'k ha wat lêst [...]
HANNAH LUDWIG - ‘Dat famke mei dy moaie eagen’, dat is meastentiids de reaksje as de namme Tamara Schoppert falt. De eagen fan Ronja, fan [...]