De kloklieder fan Nij Daam

Publisearre op 24 augustus 2013

Startdatum: 24 augustus 2013

Eindatum: 21 septimber 2013

Lokaasje: de notaristûn

Plak: Jorwert

Kaarten: de kaartferkeap (€ 21,- it stik) set útein op sneon 1 juny op www.iepenloftspuljorwert.nl.

Yn 1953 waard yn it lytse Fryske doarpke Jorwert in iepenloftspul organisearre. Mei dit iepenloftspul, ‘De Klokken fan Jorwert’, waard elkenien betanke dy’t (finansjeel) holpen hie de toer fan de Jorwerter tsjerke wer op te bouwen nei’t dy yn 1951 nei ûnderen kaam wie. Notaris Van der Hem stelde genereus syn tún ta beskikking, net wittende dat ek syn soan 60 jier letter de helte fan syn tún de helte fan jier ‘kwyt’ is oan it Iepenloftspul…

Yn 2013 fiert it Iepenloftspul fan Jorwert har 60-jierrich jubileum mei it stik ‘De Kloklieder fan Nij Daam’; in stik dat rûkt oan it ferline, mar priuwt nei it hjoeddeistige Iepenloftspul Jorwert. It stik past yn de no populêre rige Skandinavyske trillers: ûnderhûdse spanning, moard en geheimen. 

 

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels