Poëzij en keunstnerspetear

Publisearre op 4 april 2013

Tongersdei 4 april binne jo fan herte wolkom op in ynformele jûn mei foardrachten fan de dichters Eeltsje Hettinga en Anne Feddema yn galery Hoogenbosch. Yn it wurk fan beide dichters spilet byldzjende keunst in grutte rol. De eksposanten Jochem Hamstra en Tsjibbe Hooghiemstra binne dy jûn ek oanwêzich en noegje jo út om mei harren yn petear te gean oer harren wurk.
Mear ynformaasje en reservearring fia: 0513 46 51 78 of info@galeriehoogenbosch.nl.
Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels