Albert Oost ferkeapet skilderijen fia nije webside

Publisearre op 20 februari 2013

It mei bekend wêze dat byldzjend keunstners it hieltyd dreger hawwe om harren wurk te ferkeapjen. Galeryen falle om, keunstners nimme de ferkeap wer sels yn hannen en ferkenne nije mogelikheden. Rienold Postma eksposeart al in pear jier minder en ferkeapet fral wurken fia keunstboeken dy’t hy sels útjout. En dan komt no Albert Oost mei in nij idee. Hy ferkeapet fia dizze webside syn wurk, en dat ek mei in flinke koarting. ‘Guon kollega’s ferklearje my foar gek, dat ik no ûnder de priis wurk ferkeapje, sawol âld as nij wurk trouwens, mar ja, ik moat toch wat!’ En de prizen? Hiel ienfâldich: rekkenje de lingte plus de bridte fan in wurk út, fermannichfâldigje dat mei de faktor tolve en de priis is bekend.

Sjoch ek hjir foar Albert Oost.

De ferkeapside is hjir te finen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels