Nyk de Vries mei gasten yn Melkwegtheater Amsterdam

Publisearre op 26 februari 2013

Tiisdei 26 febrewaris organisearret it Melkwegtheater yn Amsterdam yn gearwurking mei SLAA it earste 5KWARTS fan dit jier. In programma fan fiif kertier mei diskear skriuwer en nominearre foar de J.C. Bloem-poëzijpriis Nyk de Vries. De jûn hat de titel ‘Go to sleep little baby’.

Tegearre mei syn gasten weaget De Vries in stap oer de genregrins mei gastoptredens fan Stephanie Pan, Eefje de Visser, Awkward i, filmmakker Jan Pieter Tuinstra. Audio-visuele meiwurking is der fan audiokeunstner Bente Hamel.

De jûn begjin om 21:00 oere en kaarten kinst hjir bestelle.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels