Famyljebedriuw Wiersma

Publisearre op 27 juli 2012

‘Ik wurd fan ‘t jier 69. Eins hie ik al lang pensjonearre wêze moatten. Mar… Ik kin it net. Boppedat, wat soe ik dan moatte? Om’t myn libben sa rûn is as it rûn is, bin ik in hurde wurker wurden. En as ik no nei dy supermerk sjoch, bin ik grutsk.’ Sa fertelt Jetze Wiersma, âld molkboer fan Minnertsgea, yn in ynterview yn de Moanne 6. Yn it artikel – skreaun troch Marrit de Schiffart – sjocht Wiersma werom op syn libben as molkboer en fertelt hoe’t syn brijkarre útgroeid is ta in supermerk. Filmmakker Suzanne van Zwam ynterviewde Klaas, de soan fan Jetze Wiersma dy’t de supermerk no mei syn heit runt. Wat is it ferskil tusken doe en no?

Lês ek it ynterview mei Jetze Wiersma yn de Moanne nûmer 6 – 2012.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels