Skriuwe foar FeRstival
Publisearre op 3 februari 2023
Wa skriuwt dit jier in fers foar 12 oant mei 18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? De organisaasje wil foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gearstalle mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde.
FeRsefariaasje
In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat sil nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurde. Der binne trije doelgroepen:
– Starters – 1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
– Trochsetters – 2de en 3de klassers, dus 14/15 jier;
– Toppers – 4de klassers, MBU’ers en HBU’ers, 16/17/18 jier.
De útdaging is fansels om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. Ferline jier keazen de Starters bygelyks opfallend faak it gedicht ‘Rampgebiet’ fan Paul van Dijk. In net al te dreech gedicht mei in tema dat foar skoalgeande jongerein werkenber is. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kiest faak moderne poëzij.
De fergoeding is € 75,- it gedicht as de karkommisje in fers útkiest. Bydrages kinne oanlevere wurde oant 1 maaie o.s. fia ferstival@cedin.nl.
FeRstival hopet wer in soad fersen te krijen. Neat moaier as dielnimmers dy’t nij wurk foardrage!
Skriuwgroep FeRstival
Wolst ek gedichten skriuwe foar FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen, mar soest ûnder it skriuwproses graach feedback krije fan oare dichters? Of fynst it gewoan moai om wat djipper yn de foardrachtkultuer te dûken? Slút dan oan by de Skriuwgroep Ferstival, in groep dichters dy’t ûnder lieding fan Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma oan ‘e slach giet mei it skriuwen fan gedichten dy’t geskikt binne om foar te dragen. Mei de groep wurde de gedichten bepraat en dielnimmers jouwe inoar tips. Digitaal meidwaan is ek mooglik.
De kursus wurdt fergees oanbean troch Cedin en Tresoar.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij
HARMEN WIND - BESIKING In beam draacht mear as er opnimt. Sa kin, wylst er al kroant ûnder syn eigen leaf, in kloft [...]