Reizgje mei: Martens’ Magical Mistery Tour

Publisearre op 28 oktober 2022

Op woansdei 29 oktober 1975 is in bus fan de Fram (Friese autobus maatschappij) ôfreizge fan de Oude Veemarkt yn Ljouwert ôf rjochting Amsterdam. Dêr, yn teäter De Brakke Grond, presintearre Sido Martens út namme fan de platemaatskippij Negram syn earste solo-elpee Land & Water. Martens hie dat jier Fungus (1974 hit Kaap’ren Varen) ferlitten gie solo fierder. In memorabele trip waard it yn in folle bus mei sjongen en laitsjen en smoken (doe noch hiel fanselssprekkend).

Op snein 6 novimber giet opnij in bus op paad nei in presintaasje, no fan Martens’ nijste cd MultiLied. De rûte fiert nei it paviljoen MeM dat leit oan it grien fan Egypte, krekt bûten Bûtenpost.

En no mei der net smookt wurde yn de bus. Op MultiLied stean 16 nije, farsk skreaune Nederlânsktalige lieten. Sober arranzjearre, ynkringend spile en sjong.

Foar alle besikers is der neist de cd in drankje en in kado.

Reservearje kin fia info@sidomartens.nl.
Kosten 25 euro.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels