Oprop sprekkers foar workshop: De Lapekoer fan Gabe Skroar (1822-2022)
Publisearre op 18 mei 2022
Dit jier is it 200 jier ferlyn dat de earste printinge útkaam fan de De Lapekoer fan Gabe Skroar, de foarrinner fan Rimen en Teltsjes. Yn de Workshop Lapekoer wolle wy omtinken jaan oan dit literêre masterwurk troch der lêzingen oer te organisearjen yn relaasje ta de skriuwers (Eeltsje en Joast Halbertsma) en har tiid. Wy freegje lju om har te oppenearjen dy’t op ‘e workshop in lêzing hâlde wolle (likernôch: 20 minuten lêzing + 10 minuten diskusje). De workshop duorret 3 oeren en is ûnderdiel fan de Second Conference on Frisian Humanities (frisianhumanities.frl), dy’t holden wurde sil fan tiisdei 13 septimber oant en mei freed 16 septimber.
Wa’t ynteresse hat, kin in mailtsje stjoere oan: Meindert Reitsma, Meindert.Reitsma@tresoar.nl, of Eric Hoekstra, ehoekstra@fryske-akademy.nl.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]