Esther de Jong op toernee troch Ljouwerter hûskeamers

Publisearre op 1 februari 2022

Yn de rin fan febrewaris sil muzikant Esther de Jong (Dokkum, 1994) acht hûskeamerkonserten jaan yn de gemeente Ljouwert. Alle kearen nimt se in Ljouwerter gastdichter of -muzikant mei.

De ôfrûne jierren is de drompel om nei keunst en kultuer te gean aardich heech wurden. Dêrfandinne besiket de Jong dy wer omleech te krijen troch nei it publyk ta te kommen. By de hûskeamerkonserten hopet se mei de oanwêzigen it petear oan te gean oer hoe’t sy de ôfrûne perioade belibbe ha en hoe’t se tsjin de takomst oansjogge.

De Jong wie in 2019 winner fan de Friese Popprijs en makket Nederlânsktalige deiboekmuzyk. Yn 2020 ferskynde har debút Van Mij (een EP mei seis lieten) by Excelsior Recordings. Earder foarme se mei Jamila Faber it elektropopduo Oh, Kutjes. Se wurket oan in folslein album dat ek by Excelsior ferskine sil.

De hûskeamerkonserten binne útsoarte besletten, mar mochten jo josels oanmelde wolle foar in datum, stjoer dan in mailtsje nei Esther-djd@hotmail.com. Miskien dat der earne dochs in (coronaproof) plakje beskikber is.

Spyldatums:
vrijdag 4 februari met Arjan Hut
zondag 6 februari met Sido Martens
vrijdag 11 februari met Rinske Dolstra
zaterdag 12 februari met Annemarie Lindeboom
zondag 20 februari met Marrit Jellema (Koarnjum)
vrijdag 25 februari met Tolls
zaterdag 26 februari met Timo de Jong
zondag 27 februari met Zippora Tieman

Website Esther de Jong: Niet zweven maar zakken.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Poëzij

    HANS PETER WESTIN -    I Zelfportret met kroonpen   Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]