Elske Schotanus lêst foar út eigen wurk

Publisearre op 24 juni 2021

De coronakrisis hat minsken lang thúsholden. Elske Schotanus ek. Sy tekene, skreau en lies foar út har boek It griisstiennen wurd. De ferhalen spylje op en oer de grinzen fan de deistige werklikheid. De beskreaune wrâld liket gauris sa betroud en eigen, mar dan teart de werklikheid om yn it surrealistyske of hy glydt súntsjeswei fuort yn it mysterieuze. De persoanen bedarje yn in ûnbekend gebiet dêr’t de wenstige regels gjin jildichheid ha en alle hâldfêst fuortfalt.
Sjoch en harkje nei de ferhalen op ús YouTube-kanaal.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels