Ik skriuw en bestean

Publisearre op 3 juli 2007

JOSSE DE HAAN – 

Yn in ynterview haw ik ris sein dat it ‘meitsjen fan in keunstwurk (in roman yn myn gefal) foar my de legitimaasje foarmet fan myn bestean’. Mei oare wurden, ik ûntlien myn identiteit foar in part oan myn literêre libben. Myn fundamintele wissichheid oer myn eigen plak en rol yn de wrâld – myn persoanlikheid sis mar – hat te krijen mei myn profesje as skriuwer.

Persoanlikheid of identiteit hat mei mear saken te meitsjen as it fak dat immen keazen hat. In eigen plak en rol yn de wrâld wize op it bestean as sadanich. De materiële en ymmateriële aspekten fan it libben fan in persoan dy’t ynherint binne oan it bestean wize ek werom op it lân dêr’t jo wenje, op de taal dy’t jo sprekke, op jo komôf, op de posysje dy’t jo yn de wrâld ynnimme. Koartsein, hoe manifestearje jo jo yn de wrâld.

 

Sletten wrâld
Yn in grutter wurdende en globalisearjende wrâld reitsje yndividuen soms ferlern, slane op ’e kletter. Alteast, se tinke dat se der net mear ta dogge. It grutte, it frjemde, it ûnbekende bringt twifel, eangst en ferset. Dat is net nij, dat is fan alle tiden.

Lju dy’t yn dy (fêstrustke) foarm sitte sjogge net mear wat der oan de bûtenkant bart, barre sil en op har ôfkomt. Se slute har op yn har eigen lân, yn har eigen taal, yn har eigen kultuer, yn har nostalgysk wrâldsje fan eartiids.

Ynstee fan eigen sterke eleminten te brûken om it nije te ûndersykjen wurdt yn it ferline flechte doe’t alles noch sa hearlik oersichtlik wie. In oait libben bestean dat him net fernijt en ferfarsket, ferwurdt ta in stilsteande dobbe, in bûten de realiteit tahâldend eilân.

Hjir fan Frankryk út sjoch ik mei fernuvering hoe’t guon Nederlânske groepen (SP, CU, PVV) har tsjin Europa keare, har fersette tsjin feroaring, ferbreding en ferdjipping, en dêrtroch de identiteit fan de Nederlanner dy’t al desennia ferbûn is mei Europa koartwjokje wolle. Ynstee fan dy identiteit te ferromjen en te ferrykjen mei de talen en kultueren om har hinne wolle se werom nei juster – de ferstjurring sil foar master opslaan.

 

Wa bisto?
Ik bewear net dat jo it âlde sûnder neitinken ynwikselje moatte foar it nije – op de dongbult smite of ferjitte. De persoanlikheid fan immen hat ek altiten te krijen mei it ferline, mei dielen fan âlde foarmen dy’t noch tige weardefol binne, en foar in part bepale wat immen docht en tinkt, hoe’t er praat en eventueel skriuwt.

Yn dit geheel is de memmetaal fan eminint belang – de taal dy’t de wrâld iepentearde, dêr’t de wrâld yn ûntdutsen waard. De memmetaal foarmet in wichtich diel fan de identiteit, fan de persoanlikheid – in ynstrumint dêr’t gefoel en wrâld mei beneamd wurde kinne. Ast gjin memmetaal hast – itselde jildt foar lju sûnder mem, heit of beide – misto in wêzentlik part fan dyn bestean.

Yn myn romans Nanette en Feuilles Mortes spilet it sykjen nei in identiteit in grutte rol. Nanette wol witte wa’t har (oer)beppes wiene, en yn Feuilles Mortes hawwe alle Anna’s in part fan har identiteit ferlern, soms is dy folslein opoffere. Ek yn Elja stiet it foarm jaan fan identiteit sintraal – op ûnderskate nivo’s en út ferskillende perspektiven.

Ast gjin memmetaal mear hast sikest dyn hele libben om dat begjin, dat part fan dyn bestean dat sa bepalend west hat foar dyn persoanlikheid – je kinne de wrâld mar ien kear ûntdekke. De skriuwer Hector Bianciotti is sa’n persoan mei in negearre memmetaal. Hy hat dêr it nedige oer skreaun.

 

Sûnder memmetaal
Bianciotti waard yn 1930 yn Argentynje berne út Italiaanske âldelju. Syn heit en mem praten it dialekt fan Piémonte en wiene as de dea dat har bern lykas as sijsels it Spaansk net leare soene – de taal fan it lân dêr’t se wennen. Har bern mochten it Piémonts net brûke, dêr stie de deastraf op.

Doe’t Bianciotti fyftjin wie learde er op it seminaarje it Frânsk. Yn 1955 sette er him ta wenjen yn Rome – hy woe it dialekt fan syn âldelju en it Italiaansk leare. Yn ’e kunde komme mei syn memmetaal. Fan 1958 oant 1961 wenne er yn Spanje en keas dêrnei definityf foar Frankryk.

Hy koe yntusken it Spaansk fan Argentynje, passyf it Piémonts fan syn âldelju, it Frânsk, it Italiaansk fan Rome en it Spaansk fan Spanje. Hy skreau dêroer: ‘Soms tink ik dat twa- of meartalichheid in foarm fan frijheid is, en soms dat men jins wêzen, jins identiteit, dêrtroch by eintsjebeslút fernielt (dat dy fernield wurdt)’. Dat idee hie grif te krijen mei syn opgroeien by âldelju dy’t har eigen taal fersmieten om de bern it lot fan isolemint dat se sels fielden te besparjen.

Oare meartalich opgroeide skriuwers lykas Canetti, Pessoa, Paz en bygelyks in Bert Schierbeek (‘In feite moest ik in Beerta steeds Hollands leren. Dat was niet mijn natuurlijke taal, het was mijn tweede taal’) binne folle positiver oer dat opgroeien yn mear talen. Neffens har kin it de identiteit fersterkje – ek it kreative produkt stimulearje. Het boek ik fan Bert Schierbeek is dêrfan in prachtich foarbyld. Schierbeek: ‘Critici als Fens en meneer Oversteegen wezen het af, ze vonden dat er zo niet geschreven mocht worden. Het was een rechtstreekse aanval op hun wereld, op hun ordening.’ (De Groene, juni 1988).

 

Mediameartalichheid
Hjoed de dei wurdt de identiteit fan minsken mei bepaald troch mediameartalichheid. Skûleboartsjen yn ien taal is net mear mooglik. Ynternet, tv-pannen en oare ynternasjonale kontakten ferbine de kontininten. Dêryn kin de memmetaal in krusiale rol spylje, omdat dy úteinlik tsjinst docht as ‘fertaler’ fan wrâldtalen en –kultueren. Dy kinne ferrykjend wurkje op de eigen taal, kultuer en identiteit. Dat easket oersettings – letterlike en figuerlike – en it akseptearjen fan mear wrâlden as allinne de eigen.

De identiteit fan Europa bestiet út ûnderskate talen en kultueren. Utwikseling en yntegraasje fan dy eleminten easkje in foarm fan meartalichheid, sadat der in mearwearde ûntstiet, dêr’t men himsels úteinlik yn weromkent.

In dichter as Octavio Paz hat him heel posityf útlitten oer it opgroeien yn mear talen en kultueren (syn memmetaal wie Spaansk): ‘In suster fan ús mem learde my al heel betiid Frânsk praten en lêzen. Op jonge leeftyd fûn ik it fertalen fan myn gedachten in normale saak, ik krige mear mooglikheden om my út te drukken. Myn persoanlikheid waard breder.’

Paz hat in tal ynteressante opmerkings makke oer it libjen yn twa talen. Hy fergelike dy sitewaasje mei it praten dat in bern leart. Praten leare sjocht hy as de oanset om de technyk fan it fertalen te behearskjen. Eat yn de wrâld krijt (hat) in namme dy’t oersetten wurde moat nei (yn) in betsjutting, dy’t wer keppele is oan oare wurden dy’t nei oare saken ferwize. Neffens Paz is in minske konstant oan it ‘fertalen’.

 

Halftalig
De dichter Leo Vroman dy’t al jierren yn Amearika wennet hat him yn in gedicht útsprutsen oer meartalichheid, hoe’t it wenjen yn twa talen de identiteit mei bepaalt. Hy neamt syn gedicht:

 

Halftalig

Wat schuilt er nu nog allemaal

onder mijn dikke moedertaal?

Mijn mond waagt zich nooit open want

mijn tong baadt zich – of baadt zich niet

in het losgewoeld gebied

van mijn oude binnenland,

ik praat zoals ik bijna hoop

engels met een groenig waas

van bejaarde goudse kaas

en met iets wrangs van appelstroop.

 

Mijn moeders taal is opgestaan

en haar strakgebroekte reet

liet in haar praatstoel geen geheimen

behalve dan die deuk waaraan

mijn mond die vage reuk van zweet

mijn mond zich warmt om nog te rijmen.

Lief lief kussen houd mij heet.

 (út: Leo Vroman, Gedichten 1946-1984 (Querido ’85)

 

Vroman omskriuwt syn sitewaasje as ‘healtalich’. Milan Kundera hat it yn syn essee De kunst van de roman (1987) ek oer sa’n foarm fan healtalichheid. Mei oare wurden, de twa talen dy’t Vroman en Kundera elk brûke foarmje de nije folle taal. Beide talen dy’t Vroman hantearret (Nederlânsk en Amerikaansk-Ingelsk) hawwe der by wûn. Syn tsjûke memmetaal is troch de ynfloed fan it Ingelsk iepener wurden, en hat mear geheimen frij jûn. Syn ‘mûle waarmet him noch om te rymjen’, en ‘it âlde binnenlân’ fan de taal is ‘in loswuolle gebiet’ (wurden), dat it libben ‘iepenteart’.

 

Riker en iepener
It healtalige fan de iene taal wurdt taheakke oan it healtalige fan de twadde taal, sadat der in rikere taal ûntstiet. Dy kin út soarte frij wêze fan klisjees en toarre bylden. Der ûntstean mear mooglikheden foar ekspresje, en it ymplisearret faaks in oare wize fan libjen. Yn alle gefallen sil sa’n meartalichheid de mearsinnichheid fan de identiteit te’n goede komme, meidat dy sterker wurdt, plurifoarmer ek. It opgroeien yn it Frysk en it Nederlânsk (en eventueel it Ingelsk) kin allinne mar posityf wurkje.

Der kin in probleem ûntstean as âldelju de memmetaal dy’t se sels brûk(t)e(n) net mear mei de bern prate en de bern in breklik hantearre twadde taal oanleare, soms ek noch mjukse mei in noch minder behearske tredde taal. It belang fan de memmetaal kin net oerdreaun wurde, meidat autentike gefoelens en emoasjes yn dy taal stal krije (moatte). Dat de identiteit fan in persoan útsoarte ek te krijen hat mei dy autentisiteit sprekt foar himsels.

Ik wenje no sa’n acht jier yn Frankryk en libje njonken it Frysk en it Nederlânsk ek yn de talen om my hinne (Frânsk, Spaansk, Baskysk) – aktyf en passyf, en yn it Ingelsk as algemiene fiertaal. Myn Frysk en Nederlânsk binne riker en iepener wurden troch de talen dy’t ik hjir brûk en folgje op tv en yn de kranten. Iksels bin der riker troch wurden.

 

 

Literatuer:

Josse de Haan;

  • Meartaligens, rykdom of handikap (Fryhol), yn: Trotwaer, 1986, 4-5.
  • It dronken skip fan Rimbaud, yn: Trotwaer, 1988, 5.
  • De Dream, in film troch Piter Verhoef, yn: De Groene Amsterdammer, jannewaris 1986.

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 7, 2007

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels