De berchrede fan Jabik Veenbaas

Publisearre op 9 juli 2020

Kommend wykein op Omrop Fryslân​ TV in twadde seary Fryslân DOK’s ûnder de titel ‘De Berchrede fan it Flakke Lân’. Tinkers formulearje in perspektyf foar de maatskippij nei de Coronacrisis. Hokker ynsjoggen kinne wy meinimme nei de takomst?

Lês de ‘Berchrede’ fan Jabik Veenbaas no alfêst op ‘de Moanne’.

 

Leave minsken,

In tiid fan krisis kin ek in tiid fan besinning wêze. Fan meditaasje, fan ynkear, fan fragen stelle. Hoe komme we hjir út? Hawwe it oant no ta wol goed oanpakt? Kin it yn ’e takomst better? Wêr moatte we hinne?

Ik stel foar om dêr noch in fraach oan ta te foegjen. En dat is de fraach: wêr komme we wei? De fraach nei ús oarsprong, ús boarnen fan ynspiraasje is nei myn idee like wichtich as dy oare fragen. Wat binne dy boarnen, doge dy boarnen noch en wat moatte we der fan meinimme nei de takomst?

 

‘Doar te tinken!’ skreau Immanuel Kant. Nim dyn ferantwurdlikheid, betsjut dat. Nim dyn ferantwurdlikheid as boarger, as dielnimmer oan de demokratyske rjochtssteat.

 

Us foarnaamste boarnen lizze, tink ik, yn de tiid fan de Ferljochting. Dat is in belangryk gegeven en dat meie we nea ferjitte.

De Ferljochting, dat wie de tiid dat de minske op himsels begûn te stean, dat er him losmakke fan âlde ôfhinklikheden, fan de ôfhinklikheid fan it leauwe en fan dy fan foarst en adel. Hy sette de stap nei de frijheid en doarst fan him ôf te sprekken, as sterk en mûnich wêzen. ‘Doar te tinken!’ skreau Kant yn 1783, ‘Haw de moed om dyn eigen ferstân te brûken’, dat is it motto fan de Ferljochting.

Wêr helle de minske dy frijmoedichheid wei? Hoe kaam it dat er dy stap nei de frijheid doarst te setten? Dat ferhaal begjint winliken al yn de santjinde iuw, ûnder mear by de grutte natuerwittenskippers út dy tiid. De grutte sjenner Francis Bacon stie oan ’e widze fan de moderne empiryske wittenskip en socht nei manearen wêrop’t  dy wittenskip de minske effektyf bystean koe om langer en lokkiger te libjen. Gelearden as Galileï en Newton begûnen te begripen hoe’t it hielal yn elkoar siet. Technologyske fynsten spilen ek in rol: Galileï betocht de teleskoop en brûkte dy om te bewizen dat de ierde om de sinne draaide (en net oarsom), Van Leeuwenhoeck makke mikroskopen dy’t 400 kear fergrutten en waard sa de earste dy’t baktearjes waarnimme koe.

Der ûntstie in hiele nije sfear, in sfear fan ‘sjoch ris wat wy kinne’, in nij selsbetrouwen, en dat nije selsbetrouwen hawwe we de namme Ferljochting jûn.

Dy Ferljochting hat ús in soad brocht dêr’t we grutsk op wêze kinne. De moderne demokrasy, bygelyks, mei syn lykwicht tusken de ferskillende machten, sa’t dy yn de Feriene Steaten fan Amearika al ier realisearre waard. De minskerjochten waarden foar it earst as sadanich formulearre yn 1789, doe’t de Frânske Revolúsje útbruts. Der waard foar it earst neitocht oer de fersoargingssteat, troch tinkers as Thomas Paine. De emansipaasje fan ’e frou waard as tema op it aljemint brocht troch in sterke frou as Mary Wollstonecraft. Thomas Paine wie trouwens ek ien fan ’e earsten dy’t yn ’e pleit gie foar de ôfskaffing fan de slavernij.

Ut dat alles blykt wol hoe praktysk de tiid fan ’e Ferljochting wie. It wie gjin tiid fan abstrakte, holle riddenearingen, it wie in tiid fan krityk en taastbere ferbetteringen.

Yn de beroerde corona-perioade dy’t we no trochmeitsje dûkt de Ferljochting oan alle kanten op. Alderearst fansels yn de wittenskip dy’t we safolle gesach takenne. De wittenskip moat ûndersykje hoe’t it krekt mei de fersprieding fan it firus om en ta giet, de wittenskip moat ús advys jaan oer hoe’t it lân wer iepengean moat, de wittenskip moat derfoar soargje dat der in faksin komt. Yn ús fertrouwen op dy wittenskip litte we sjen dat we bern fan de Ferljochting binne. We smite net mei runestaafkes om de takomst te foarsizzen, we preekje net dat it coronafirus in straf fan in wraaksuchtige God is en we ferbaarne net in stikmannich heksen omdat se mei har duvelske keunsten de wrâld betsjoend hawwe. Nee, we witte dat dat firus in ierdske oarsaak hat en dat we in ierdske remeedzje fine moatte.

In ierdske remeedzje: in faksin. Ek de faksinaasje stammet út de achttjinde iuw. Oan ’e ein fan dy iuw naam Edward Jenner waar dat melksters minder gau pokken krigen as oare minsken. Hy ûntdiek dat dit kaam omdat se sels besmet waarden mei in mylde foarm fan de sykte, nammentlik mei kowepokken. En sa kaam er op it idee om minsken mei kowepokken yn te intsjen. En dat wurke. De dream fan Francis Bacon – de minske langer en lokkiger libje litte – kaam wer in stapke tichterby.

Mar de Ferljochting oppenearret him yn de coronatiid ek op in oare manear – as warskôging, as alarmsysteem, tsjin rezjyms dy’t it net sa nau nimme mei de minskerjochten, en dy’t de coronakrisis brûke wolle om minsken har rjochten te ûntnimmen. De Russyske presidint Poetin fynt it mar fijn dat er demonstraasjes tsjin syn rezjym ferbiede kin by wize fan hygiënemaatregel, de Sineeske lieder Xi set it opstannige Hongkong just yn dizze perioade klem mei strange, ûnderdrukkende wetten. Ek hjir is it erfskip út ’e tiid fan ’e Ferljochting de noarm: de demokrasy, de dieling fan de steatsmachten, de rjochten dy’t minske en boarger hawwe op frije ferkiezingen, op frije mieningsutering, op feriening en fergadering.

Tagelyk driget de coronakrisis ús it sicht te ûntnimmen op wat wierskynlik noch in folle gruttere en belangrikere krisis is. De klimaatferoaring, de opwaarming dan de ierde, dy’t no al djippe spoaren neilit. Simmer op simmer wurdt it waarmer op ierde, rivieren drûgje út, boskbrannen lôgje op, sprinkhoannepleagen ferniele rispingen, de permafrost raant. Sille ús bern noch op in ierde wenje kinne dy’t har genôch te bieden hat, sille se noch gewoan fan de simmer genietsje kinne, sil it wetter ek foar har noch hast fergees út ’e kranen streame?

We meitsje ús soargen, en mei rjocht. Mar yn dy soargen binne we dochs ek wer bern fan ’e Ferljochting. We hawwe dy soargen foar in part ek urven út dy tiid. Want de Ferljochting wie in tiid fan grutte technologyske ûntwikkelingen, it wie de tiid fan de meganisaasje, fan de stoommasines dy’t in geweldige ympuls joegen oan de yndustry. Dy yndustry begûn it lânskip te fersmoargjen en te bedjerren, dêr klage ein achttjinde iuw in dichter as William Blake al oer. Yn dy tiid koene se noch net witte dat miljeubedjer de hiele wrâld op ’en doer bedriigje soe. Dit aspekt fan ús erfskip kinne we net kritysk genôch besjen.

It giet net allinnich om fersmoarging, mar ek om útputting. It giet hjir trouwens ek om in konsekwinsje fan sukses. As gefolch fan ferbettere hygiëne, fan bettere sûnenssoarch en medyske ûntdekkingen libje we nammentlik langer. En mei dêrtroch binne we op ierde fierste machtich wurden. De oerbefolking foarmet in soarchlike kwestje, dy’t we dochs beneame moatte.

Dochs, yn ús analyzes harkje we wer nei de wittenskip. We sjogge nei bûten en tinke, it is moai waar, mar we witte dat it waar te moai is en dat dat moaie waar ús op ’en doer bedriigje kin, omdat dat blykt út ûndersyk.

Wittenskip en technology moatte ús ek oan remeedzjes helpe. Dy moatte sinnepanielen en wynmûnen betinke en se sadanich ferbetterje dat se rendabel wurde kinne en dat se ús hiele enerzjyfoarsjenning oernimme kinne. Der moatte elektryske auto’s boud wurde dy’t hielendal gjin fize stoffen útstjitte en ús yndustry moat sa ynrjochte wurde dat er hielendal sirkulêr funksjonearje kin. In remeedzje tsjin oerbefolking sil lestich te finen wêze, mar edukaasje en bewustwurding sille yn dy remeedzje in foarname rol spylje moatte – typyske Ferljochtingstema’s.

We binne bern fan de Ferljochting.  Yn it betrouwen dat we hawwe yn ’e wittenskip, yn de demokrasy, yn de rjochtssteat, yn de fersoargingssteat. En ik tink ek dat we dat bliuwe moatte, omdat it tiidrek ús duorjend ynspirearje kin. Om alert te bliuwen op it neilibjen fan de minskerjochten. Om de eagen net te sluten foar ûnderdrukking, foar diktatoriale rezjyms, om op te kommen foar gelike rjochten fan de frou, te striden tsjin rasisme.

It kearnwurd is, tink ik, emansipaasje. We moatte benammen bern fan de Ferljochting bliuwe omdat we yn dy tiid útgroeiden ta selsstannige, mûnige, ierdske wêzens.

‘Doar te tinken!’ skreau Immanuel Kant. Nim dyn ferantwurdlikheid, betsjut dat. Nim dyn ferantwurdlikheid as boarger, as dielnimmer oan de demokratyske rjochtssteat. Bliuw net op ’e bank sitten te seuren en te kankerjen as der ferkiezingen binne, mar bring dyn stim út. Folje dyn belestingformulier earlik yn, omdatst witst datsto sels ûnderdiel bist fan de fersoargingssteat en dat dy allinnich mei dyn belestingjild yn stân hâlden wurde kin. Wurd lid fan in politike partij, want dy politike partijen foarmje it semint yn ús demokratyske stelsel. Lês in goede krante. Folgje de polityk kritysk. De demokrasy freget om bewust boargerskip.

It betsjut ek dat hiele elemintêre: nim dyn ferantwurdlikheid foar de minsken om dy hinne. Behannelje de minsken om dy hinne mei respekt, want krekt as dy binne dat selsstannige yndividuen dy’t rjocht ha op har eigen plak. Yn ús omgong mei oaren sit faak in te grutte flechtichheid, dy’t te meitsjen hat mei ús libbensstyl, miskien ek wol mei ús grutte mobiliteit.

En nim dyn ferantwurdlikheid foar de ierde. Sjoch it gefaar fan de klimaatferoaring, sjoch net de oare kant út – dat betsjut ek: leau net yn anty-wittenskiplike pseudoteoryen, foarmen fan nije achterlikheid – stek de kop net yn it sân. Sjoch nei minsken as Greta Thunberg en Marjan Minnesma, foarbyldige yndividuen dy’t har ljocht net ûnder de nôtmjitte skowe, mar har moedich en selsbewust doarre te oppenearjen.

Wês dy bewust fan de miljeuproblematyk, krekt as sy. Alles watsto dochst is ommers fan belang. It makket út watfoar ferfiermiddel oftst brûkst, reizgje sa skjin mooglik. It makket út by hokker bank oftsto dyn saken dochst, hokfoar enerzjyleveransier oftst hast, watfoar nije auto of watfoar nije kuolkast oftst keapest. It makket út hoe’tst mei dyn besittingen omgiest, mei dyn meubels, dyn klean. Besykje dyn guod sa lang mooglik te brûken, lit it meitsje as it stikken is en smyt it pas fuort as it werklik te’n ein is. Ek op dit punt binne we faak te flechtich. We libje by de wearde fan de dingen lâns.

Lit ús doare te tinken, lit ús fan ús ôfsprekke, as krityske, mûnige, ûnôfhinklike wêzens, lit ús stribje nei praktyske ferbetteringen, as bern fan de Ferljochting, as bern dus fan de ierde, lit ús wiis wêze mei de ierde en der sunich mei omgean, want de ierde is alles dat we hawwe.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels