Sis my dat it net sa is

Publisearre op 24 juni 2019

ELSKE SCHOTANUS – 

Op de twadde jûn dat yn de tún oan de Haven fan Dronryp, ûnder regy fan Theo Smedes, Turks Fruit brocht wurdt as iepenloftspul, swimt Maarten van der Weijden yn de omkriten fan Boalsert syn Alvestêdetocht om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Sawol op de hinne- as op de weromreis is de autoradio ôfstimd op de Omrop, in nuver tafal, besef ik op de weromreis en it lietsje ‘Sis my dat it net sa is’ noch yn myn holle sit.

 

Seks wurdt ek yn it iepenloftspul net mijd: om de privacy fan de haadrolspilers net te skeinen meie der gjin opnamen makke wurde.

 

Sis my dat it net sa is: dat de jonge frou Olga (Christina de Boer), dêr’t de jonge byldhouwer Erik (Jitze Grijpstra) kompleet wei fan wie fan ôf it earste momint dat er har seach, syn ‘moai read beest’ dêr’t er mei neukte de earste kear dat er har moete, dy’t syn model en muze wie, dêr’t er mei yn it houliksboatsje stapte, dy’t noch altyd yn him siet neidat har relaasje útrûn op algeduerigen bargebiten en útinoar skuorde en dy’t, as er har, neidat hy der op los neukte mei alle froulju dy’t er safier krije koe – en dy wiene der by ’t soad – en sy inkelde mislearre relaasjes achter de rêch hie, op ’e nij moetet, in tumor yn ’e holle blykt te hawwen. Net te genêzen. Hy is ferslein, ûntheistere: Sis my dat it net sa is…

It boek, fan Jan Wolkers, ferskynd yn 1969 en de film mei Rutger Hauer en Monique van der Ven, yn 1973 yn de bioskopen, joegen de nedige opskuor om de eksplisite seks dy’t deryn sit. Seks wurdt ek yn it iepenloftspul net mijd: om de privacy fan de haadrolspilers net te skeinen meie der gjin opnamen makke wurde. Sjocht immen sa’n tritich jier letter noch op fan bleat? Fan Eriks fersyk oan Olga yn syn mûle te pisjen? Dat er him ôflûkt by in foto fan Olga?

Turks fruit is rûch én oandwaanlik, it giet oer seks én oer sykte en dea. Oer elkoar besitte, mei alle wille dy’t dêrmei mank giet, mar ek mei de skaadkant derfan: syn jaloerskens as sy it mei in oar oanleit, har gefoelens as sân kear deis har tefolle wurdt. It giet ek oer de frijfochten keunstner tsjinoer de boarger en dan benammen Olga har stokeljende fekke fan in mem (Eke Born). De mem dy’t, troch kanker, in boarst mist en de psychologyske ynfloed dy’t, hoe’t sy dêr mei omgie, hat op har dochter. De heit dy’t komt te ferstjerren, hoe’t de ferhâldingen dêrmei feroarje. En der is humor: Olga har heit (Jaap Jan Hemmes) dy’t, as syn frou der net by is op de maat fan de Radetzkymars meisjongt: ‘tieten, kont, tieten, kont, tieten, kont, kont kont’.

It sit der allegear yn en, op ynhâld, folle mear noch. Prachtich is hoe’t gebrûk makke wurdt fan it dekôr, bygelyks yn de begjinsêne dêr’t achter doek fammen stean as wiene it ûnfoltôge byldhouwurken. Prachtich ek de kever dêr’t Olga en Erik yn frije en foaral ek de klean út de jierren fan boek en ferfilming as haakte jurkjes, in jumpsuit. In liveband en bekende lietsjes as ‘Malle Babbe’ en ‘We zullen doorgaan’ mei ferfryske teksten meitsje it ôf. In stik fol fjoer, troch spilers dêr’t fjoer yn sit. Klasse.

 

 

Sneon 22 juny, Turks fruit, Iepenloftspul Dronryp. It stik is oant en mei 6 july te sjen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]