Goede bedoelingen net genôch foar It Pronkje fan Ierlân

Publisearre op 16 november 2018

RYNK BOSMA – 

Trochstrings doart Teatergroep Fjoer fan Poppenwier wol wat oan en dat is dit jier mei It Pronkje fan Ierlân net oars. It is it wat soere ferhaal fan skriuwer Martin McDonagh dy’t dit jier ûnderskieden waard foar de film Three Billboards Outside Ebbing, Missouri. Sa’n tweintich jier lyn skreau McDonagh it toanielstik The Beauty Queen of Leenane dat yn it Frysk oersetten waard troch Pyt en Tryntsje van der Zee as It Pronkje fan Ierlân.

 

Geandewei komme de minsken yn de seal derefter dat mem en dochter eins in deadlike tango dûnsje.

 

Miskien is it net iens in soer ferhaal, mar mear it portret fan twa minsken dy’t beiden in dearinnende strjitte ynslein binne. En dat is noch net iens sa slim, mar mem en dochter wenje al tweintich jier yn ien hûs. Mem Mag wurdt spile troch Baukje Stavinga en de al fjirtichjierrige dochter Maureen wurdt stal jûn troch Annemarie van Esveld. Mag hat de leeftiid dat je witte dat it lêste paad fan de dearinnende strjitte in kear ophâldt. Tink dan oan de bern dy’t je efterlitte, gun dy dochter har gelok en betink ris wêrom de beide oare dochters harren holle nea sjen litte.

Nee, de mem tinkt dat alles yn it libben om har en har drankje draait. In drankje dat hja alle dagen krijt fan de dochter en dêr meie gjin kluten ynsitte fansels. Geandewei komme de minsken yn de seal derefter dat mem en dochter eins in deadlike tango dûnsje, wêrby’t se besykje elkoar te smoaren mei in berop op de leafde mei in haadletter.

It is iensum en it portret fan de beide bruorren Robert en John Kennedy oan de muorre glimkje Maureen ta as woenen de mannen sizze ’toe no, juh’, mannen genôch yn de wrâld. Dy wrâld stapt de húskeamer binnen mei de buorman Ray, dy’t Maureen freget op in feestje fan syn broer Pato. De mem besiket de útnûging yn de kachel te triuwen en dat set de ferhâldingen noch mear op skerp. Geert Couperus spilet Ray en hy sjocht dwers troch Mag hinne.

Syn broer Pato, spile troch Sjoerd Stenekes, is de wat ferlegen sjarmeur dy’t eins dochs leaver al te grutte swierrichheden út de wei giet. Mar de leafde krijt Maureen en Pato te pakken, mar Mag rydt der troch hinne en geastlik hat Maureen ek in hiel ferline mei te tôgjen. It binne allegearre lytse ferwizingen nei gruttere tsjinslaggen yn it libben dy’t yn ‘e loft hingjen bliuwe.

De loopgraven fan haat tusken mem en dochter wurde stadichoan djipper, wat dat oanbelanget seit de dream fan Maureen alles: in treastende manljusearm om har hinne as sy yn it swart delsjocht op de kiste mei mem deryn.

It Pronkje fan Ierlân wurdt in swarte komedy neamd, hilarysk en bitter mar net maklik om dat alles op it publyk oer te bringen en it liket derop dat Teatergroep Fjoer him oan dit ferhaal in bytsje fertild hat. De goede bedoelingen binne der wol, dêr leit it net oan. Mar goede bedoelingen jouwe de minsklike tragedy net de djipgong dy’t de taskôger easkje mei. It bliuwt stykjen yn goede bedoelingen en dat is op sa’n jûn net genôch.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]