de Moanne Live: in Wat-jo-wolle-dichtjûn
Publisearre op 7 november 2017
Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: De ideale teaterjûn! De akteurs besykje út te finen wat it publyk no eins echt sjen wol. Harren grutste prestaasje is jimme ferdivedaasje. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. De fraach bliuwt: slagget it om elkenien te jaan wat er wol?
Nei oanlieding fan dizze nije Tryaterfoarstelling ‘Wat jo wolle’ hawwe Grytsje Schaaf en Anne Feddema, yn opdracht fan ‘de Moanne’ en Tryater, neitocht oer hoe’t se it publyk belûke kinne by harren optreden. Dat wolle se graach útprebearje op de ‘Wat-jo-wolle-dichtjûn’! In jûn wêrby in soad romte is foar eksperimint en ûndersyk. It is oan de dichters wat se wolle. Nije foardrachtsfoarmen útteste bygelyks? Of miskien wurdst oan it wurk setten om in nijsgjirriche einrigel fan in fers te betinken.
Wolst der by wêze? Jou dy dan op! Der is romte foar maks. 30 persoanen.
Wannear: tongersdei, 7 desimber 2017, 20.00 oere
Wêr: Tryater, de souder; Oostersingel 70, Ljouwert
Yntree: €5,-
De Wat-jo-wolle-dichtjûn is in ‘Moanne Live’ yn gearwurking mei Tryater.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij
HARMEN WIND - BESIKING In beam draacht mear as er opnimt. Sa kin, wylst er al kroant ûnder syn eigen leaf, in kloft [...]