Gysbert 2015: Sipke de Schiffart

Publisearre op 15 mei 2015

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 hjoed in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen.

 

Hoe soenen jo jo nominearre boek yn ien tweet (140 tekens) omskriuwe?
Dit wurdt dus myn earste (koarte) tweet: In boek dêr’t humor, synisme, grofheid en oerdriuwing ôfwiksele wurde mei tearheid en weemoed.

Hokker boek of hokker ferhaal soenen jo begjinnende lêzers fan jo oeuvre oanrikkemedearje?
It ferhaal ‘Hawwe jo dat ek wolris’ – dan witte se gelyk wêr’t se oan ta binne.

Wa binne jo literêre helden?
Okkerdeis hie ik mei de skilderesse Wietske Lycklema à Nijeholt in petear oer grutte keunstners dy’t pas nei harren dea erkenning krigen, ûnder oaren Mozart en Van Gogh. Doe’t ik nei hûs ried, tocht ik: Anne Frank is ek in goed foarbyld. Lit ik dêrom hjoed har en Etty Hillesum myn literêre helden neame.

Wurdearje jo in nominaasje? Is soks foar in skriuwer fan belang?
It is krekt as mei winne of ferlieze by it skaken: in oerwinning seit net folle, mar in ferliespartij is ferskriklik. In nominaasje is frij gewoan, mar net nominearre te wurden, dat is faak in ramp.

Wa fertsjinnet de priis?
Dat kin ik net sizze, want ik ha net alle boeken lêzen. Ik kin allinne sizze dat ik tink dat Hylke Speerstra de priis kriget.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels