Inherent Vice
Publisearre op 9 april 2015
NIELS LAHUIS –
Wat soe dat dochs wêze? It Los Angeles út de jierren santich hat altyd in bepaalde, unike sfear. Is it de muzyk, de hippykultuer dy’t hast ferdwûn is of toch gewoan de styl. Hast elke film dy’t him ôfspilet yn dit desennium makket in gefoel fan langstme nei dizze tiid sterker. Paul Thomas Anderson set dat gefoel op ‘e nij sterk del yn de film ‘Inherent Vice’, basearre op in roman fan Thomas Pynchon. Nei de suksesfolle film ‘Boogie Nights‘ út 1997, giet hy mei dizze misdiedkomeedzje noch in stapke fierder.
Is in roman as ‘Inherent Vice’ wol yn in pear oerkes te ferfilmjen?
Haadpersoan Larry ‘Doc’ Sportello is in perfekte rol foar Joaquin Phoenix (‘Walk the Line’, ‘Gladiator’). Twa jier lyn joech hy syn karrière al glâns mei de rol fan de tragysk iensume Theodore yn ‘Her’. No spilet hy de folslein tsjinoerstelde rol fan de betize en ûnder ynfloed fan drugs steande privee-detektive Sportello. Al wer in nije kant fan dizze alsidige en miskien noch wol te bot ûnderwurdearre akteur. Set Phoenix mar gewoan yn it rychje njonken de ferline jier ferstoarne Philip Seymour Hoffman. Yn ‘Inherent Vice’ wurdt hy trouwens beselskippe troch in frij knappe cast fan stjerren. Sa komme Josh Brolin (yn in hast krekt sa’n briljante rol), Martin Short, Benicio del Toro en Reese Witherspoon sterk foarby.
Allegear besykje se de privee-detektive te helpen of hinderje him yn syn ûndersyk nei de fermiste en rike fêstgoedhanneler Mickey Wolfmann. Warskôge troch syn eks-freondinne oer in fermissing dy’t op kommende wei is (ek fan harsels trouwens), giet Sportello op syk nei oanwizings. Fanôf dat momint (wy binne dan tsien minuten op gleed) raast de film as it spoar oan ús eagen foarby. Sportello, in stevige joint is noait fier fuort, krijt in bizarre searje moetings foar de kiezzen. In geheimsinnich genoatskip, drok yn drugs hanneljende toskedokters, neonazi’s, sektes en hippies, in soad hippies. Omtrint alles komt wol foarby yn dizze sterke boekferfilming.
Mar is in roman as ‘Inherent Vice’ wol yn in pear oerkes te ferfilmjen? Eins net. Al fluch binne jo it paad bjuster omdat Sportello sa’n soad oerkomt. Jin ferpleatse yn de haadpersoan is dus gjin probleem. Sportello yn de war? Wy yn de war. Sa simpel is it. Mar der sit ek folle humor en paranoia yn ‘Inherent Vice’. En dan haw ik it noch net iens oer de sterke soundtrack. Dan is it net sa slim dat wy de plot de twadde kear pas goed folgje kinne. En betink dit: soartgelikense klassikers as ‘The Big Lebowski‘ en ‘Fear and Loathing in Las Vegas‘ snaptest ek net fuortendaliks folslein.
Inherent Vice is op dit stuit te sjen by Slieker Film yn Ljouwert.
Kategory
Tags
Benicio del Toro, Boogie Nights, film, Gladiator, Inherent Vice, Joaquin Phoenix, Josh Brolin, Martin Short, Mickey Wolfmann, Niels Lahuis, Philip Seymour Hoffman, Reese Witherspoon, Slieker, Thomas Pynchon, Walk the line
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]
Kategory: Resinsje
JOSSE DE HAAN - ‘De swalker suteret hjir wer grommeljend om, no’t de klútsjende winter wer delkomt op it nêst jonge magneten yn ‘e [...]