Page Against the Machine – Telefoan út, boek oan!

Publisearre op 2 april 2024

Nim in boek en wat te drinken mei en doch de telefoan út foar in wolfertsjinne ‘detox-read’ yn de prachtige Prinsetún yn Ljouwert UNESCO City of Literature. Sakje hearlik ûnderút yn in lekkere lêsstoel en ferjit even alles om dy hinne.

Page Against The Machine is in ynternasjonaal barren dat lêzers fan alle leeftiden en eftergrûnen byinoar bringt, om mei-inoar te genietsjen fan it lêzen.

Witst net krekt watst lêze wolst? De Culturele Apotheek is der ek wer by foar in boek op resept! It boek dat sy dy foarskriuwe kinst fuort keapje by boekhannel Van der Velde, berneboekwinkel De Toverlantaarn of liene by Tresoar of dbieb!

As it net sok moai waar is lêze we yn it Historisch Centrum Leeuwarden oan de Prinsetún.

Nei it lêzen wer hielendal opladen? Dûk de stêd yn foar it Fries Straatfestival!

Wêr & wannear?
sneon 25 maaie 2024

13:00-16:30 oere
Prinsetún, Ljouwert

Programmearre troch Ljouwert UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Norwich UNESCO City of Literature en The Book Hive. Stipe troch it Cities of Literature-netwurk.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels