Oprop: útnûging skriuwersworkshop
Publisearre op 17 maart 2022
Meikoarten spilet Tryater de foarstelling Under Wetter op de iisbaan fan Wergea. By de
foarstelling wurdt in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar
ynteressearre skriuwers. Do sjochst de foarstelling en dochst mei oan in skriuwworkshop.
Uteinlik wolle we dyn skreaune tekst hearre litte by in ynteraktive ferhalerûte.
Wat we dogge
Kenst noch it krassende lûd fan Fryske houtsjes? Kinst dy noch heuge dat hiele lange
iispylken oan de daksgoate hongen? Wat is dyn waarmste iisoantinken? By de workshop
fertelt Wessel de Vries, de skriuwer fan it stik, oer it kreative proses fan de teatertekst.
Dêrnei silst mei workshopdosint Sytse Jansma sels op syk nei waarme iisferhalen fan eartiids,
fan no en fan de takomst. Ferkenst de ferskillende tematiken dy’t yn de foarstelling oan bod
komme en ferwurkest dy yn in koart ferhaal.
De resultaten wolle we graach presintearje yn Under Wetter Kuierferhalen, in ynteraktive
kuierrûte dêr’t ferhalen yn te beharkjen binne. In redaksje lêst mei dy mei om dyn tekst sa
goed mooglik útkomme te litten.
Wat foar dy?
Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer dûkst yn de tematyk fan de foarstelling,
besjochst de foarstelling (try-out) en silst mei in groepke oan de slach om in nijsgjirrich koart
ferhaal te skriuwen. Dus hâldst fan skriuwen en teäter? Fynst it moai om oare skriuwers te
moetsjen? Dan gean we graach mei dy oan de slach.
Oanmelde
De workshop is tongersdeitejûn 7 april yn it gebou fan Tryater. De foarstelling (try-out) is
tongersdeitejûn 12 maaie op de iisbaan fan Wergea. Wês der gau by, want maksimaal 20
skriuwers kinne meidwaan.
Meidwaan? Jou dy dan op foar 1 april troch in mail te stjoeren nei Sytse Jansma
(s.jansma@tryater.nl). Dêrnei krijst mear útlis. Kosten: € 30,00 (ynklusyf foarstelling en
workshop)
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]