Oprop: optrede foar de frede
Publisearre op 8 maart 2022
Skriuwers, dichters en muzikanten litte in artistyk tsjinlûd hearre
Dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en City of Literature Ljouwert organisearje kommende snein 13 maart in kulturele manifestaasje foar de frede.
Skriuwers, dichters en muzikanten komme byinoar yn ytkafee De Basuin (achter it Ljouwerter stasjon) en foarmje in line-up mei koarte optredens. Ferskate learlingen fan Kristlik Gymnasium Beyers Naudé dogge ek mei. De presintaasje fan de middei is yn hannen fan Amarins Geveke, haadredakteur fan De Moanne.
Elkenien is tige wolkom!
De tagong is fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555.
OPROP
Skriuwers, dichters en muzikanten dy’t har oanslute wolle mei in optreden, kinne har oant uterlik freed 11 maart oanmelde fia ynfo@rixt.frl
It evenemint is meartalich.
It stiet dy frij om de taal fan dyn hert te brûken.
Wat: optrede foar de frede
Wannear: snein 13 maart, 12.00 – 14.30 oere
Wêr: ytkafee De Basuin, Nieuwe Hollanderdijk 1, Ljouwert
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’ In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]