Leaver De Prutsers yn in teetún as thús in dvd opsette

Publisearre op 5 juli 2021

ELSKE SCHOTANUS –

‘Je hoeft niet naar het theater. Je kunt ook thuis een mooie dvd opzetten’, sei minister fan folkssûnens Hugo de Jonge doe’t ûnder de coraonamaatreglen bordelen en Ikea ál en ûnder mear de teaters nét iepen mochten. As De Prutsers, it teaterselsskip dat ûntstien is by Tryater, Trije Susters fan Tsjechov spilet, spylje Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller en Brecht Wassenaar it stik, ûnder regy fan Ira Judkovskaja, net sa’t it mear as in ieu ferlyn skreaun is, mar giet it mei om de fraach: Wat hat Tsjechov ús, as publyk én as spilers hjoeddedei noch te fertellen? Dan giet it ék oer de gefolgen fan ‘corona’ foar it teater.

Dêrmei wurdt it stik oer de trije susters, dy’t nei de dea fan harren heit werom nei Moskou wolle, mar noait gean sille, nei de aktualiteit lutsen, en tagelyk reagearje de spilers as persoan op de oarspronklike ynhâld.

Nei inkelde foarstellingen yn kafees foarich jier – foar de earste lockdown – waard de toernee ôfbrutsen. No is de tried wer oppakt wêrby’t Trije Susters yn plak fan yn kafees op bûtenlokaasjes brocht wurdt. 1 july wie dat yn de teetún by de Túnmanswente yn Koarnjum, en dat gegeven wurdt brûkt troch, yn plak fan in pauze yn te laskjen, it publyk te betsjinjen troch mei kannen kofje en tee – en oranjekoeke, jammy! – by de taffeltsjes lâns te gean. Sa wurdt net allinne fernimstich gebrûk makke fan de teetún as lokaasje, sa fiere de susters tegearre mei har publyk de jierdei fan it persoanaazje Irina, as ûnderdiel fan de foarstelling.

Trije susters, Tryater

Trije susters, Tryater

Dat binne der al mei al tolve, spile troch fiif akteurs, wêrby’t sy de rollen fan elkoar oernimme kinne en meie. Is Sjoerd Blom by ien fan de útfieringen Irina, in oare kear, en ek in oar momint, kin samar immen oars dizze rol op him/har nimme. En dan kin it ek samar wêze dat Blom even net Irina spilet, mar aktearret as Sjoerd. Sa begjint de foarstelling ek: it binne de akteurs as de akteurs, dy’t, bliid dat se nei alle coronamaatregelen lang om let wer spylje kinne, entúsjast útein sette en it stik oankundigje. En freget ien fan de personaazjes har ôf wat der as oantinken oan in heit, in mem oerbliuwt, dan komt even letter de fraach ‘wa sil oer twa-, trijehûndert jier noch weet ha fan it selskip De Prutsers?’op it aljemint. Sa giet it stik mei om fragen oer it eigen bestean fan de akteurs. Ien sa’n kwestje is: wat wolst wêze? Is it net dyn dream om, yn plak fan akteur, regisseur te wêzen?

 

De aktualiteit kin CO2 wêze, mar it is fanselssprekkend dat benammen ‘corona’ yn de foarstelling krûpt is. As der in tút jûn wurdt, skrilje de spilers tebek: kin dat wol? En de wite wyn dy’t skonken wurdt, dat is in Hugo, sa seit it etiket.

Gearmjuks fan talen
Trije Susters is in hearlike foarstelling op prachtige lokaasjes, entúsjast spile, dan wer filosofysk, dan wer aktueel, en op mominten brekt it publyk yn laitsjen út of sjongt it út folle boarst it ‘lang zal zij leven’ mei. Sa’t de foarstelling op de earste july spile waard, is dy oant de lêste dagen byslipe. De tekst even kwyt? Gjin probleem, der mei ‘prutst’ wurde. Oft it dêrby doel hat twa talen – Frysk en Nederlânsk – troch elkoar hinne te ‘prutsen’ is ál in diskusje wurdich. Op mar ien momint yn de Trije Susters hat it Nederlânsk mearwearde en dat is as in spiler in Fryske tekst hat en dy troch in oar, as in soartemint fan echo yn it Nederlânsk, werhelle wurdt. Dat komt net sasear oer as ‘oersetting’ foar in publyk dat it Frysk net behearsket, mar as teaterefffekt. Trije Susters kin yn it Frysk spile, óf yn it Nederlânsk, mar wêrom dan wer de iene, en even letter de oare taal brûke? Yn Fryslân tilt it op fan de iepenloftspullen dy’t inkeld Frysktalich binne. De tribunes sitte altyd fol, ek mei publyk fan bûten de provinsje. It Frysk stiet net safier fan it Nederlânsk ôf dat in foarstelling net ek foar net-frysktaligen te folgjen is. En oarsom behearskje Frysktaligen it Nederlânsk likegoed. Dat: wêrom dy nuvere, keunstmjittich oandwaande gearmjuks fan talen?

Los fan de taalfraach is it in geniet om wer ‘live’ in foarstelling mei te meitsjen. In dvd mei dan ek ‘kultuer’ wêze, teater is ék it rûzemuozjen om dy hinne, de rook fan swit, de oansteklike wurking fan de emoasjes sa’t oaren yn it publyk dy ûndergean, en net te ferjitten de útwikseling mei de spilers dy’t har nei ôfrin tusken it publyk bejouwe.

Mear ynfo is te finen op: tryater.nl/show/trijesusters

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]