Lústerje hjir nei ‘Cookies okee performance’ fan Hindirk Hannema
HINDIRK HANNEMA –
Op 10 septimber 2019 die ik mei oan in Fryske Poetry Slam (poëzijwedstriid), in priuwke yn Tresoar, ta eare fan it 60-jierich jubileum fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. It tema fan ús poetry slam wie ‘it folk’. No frege ik my ôf: wannear fiel ik my no folks? En dat is as ik op cookies okee mei drukke. Hûndert kear per dei. Dêr haw ik 25 haiku’s oer skreaun. In haiku is een koart gedicht fan 3 rigen mei yn dit gefal rigen van 5, 7 en 5 lettergrepen.
– – – – – – – – – – – – –
Op 10 september 2019 deed ik mee aan een Friese Poetry Slam (poëziewedstrijd) in Tresoar, ter ere van het 60-jarig jubileum van het Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Het thema van onze poetry slam was het volk. Ik vroeg me af: wanneer voel ik mij nou volks? En dat is als ik op cookies ok mag drukken. Honderd keer per dag. Daar heb ik 25 haiku’s over geschreven. Een haiku is een kort gedicht van 3 regels met in dit geval regels van 5, 7 en 5 lettergrepen.
Lústerje hjir nei it gedicht Cookies fan Hindirk Hannema:
Cookies okee performance
Cookies okee ja
It is in privileezje
Mar moai troch gean sa
Cookies okee ja
Tagong ta myn gegevens
Wat ik iten haw
Ja cookies okee
Advertinsje op mjitte
Moat dit no echt sa?
Cookies okee ja
Folgjende web side
No sil it heve
C-Cookies okee
Op frijwillige basis
As ik skiten haw
C-C-C-Cookies
Wat wolst oer my witte dan
As ik in frou haw
Ja cookies okee
Ik wurd hartstikkene gek
Dit is net te dwaan
Cookies ja okee
Wat kin my dat no skele
Is it no klear sa
C-C-Cookies
Wêr tekenje ik no foar
In hiele protte
C-C-Cookies ja
Pavloviaanse aksje
Folksferlakkerij
Cookies ja okee
Opstannige reaksje
Hjir komt gjin ein oan
Ja cookies okee
Is der gjin oare manier?
Wer sekonden foarby sa
Wat in lang gedicht
Dit mien ik serieus
Wy binne der hast
De Fries yn protest
Blokkearfries rjochting Brussel
Moasto oplette
Cookies ja jawis
Advertearders lêze mei
Neat is mear geheim
C-C-C-Cookies
Ut ’e koker fan Brussel
Dêr lit ik it by
Ja cookies okee
Bureaukratysk geneuzel
Foar dizze kear dan
Ja jawis cookies
Wat giet der yn dy lju om
Amtlik geheim
C-Cookies okee
Dit is folslein sabeare
We sykje him op
Ja cookies jawis
We knalle him foar syn kop
Ik graaf wol in gat
Okee ja cookies
Fryske proliferaasje
Fryske Taliban
Cookies ok ja
Kin dit net automatysk?
Dit rint út ‘e hân
Cookies okee ja
Kneppelfreed is der neat by
Wy sjitte him del
Cookies ja jawis
Klik klik klik klik klik klik klik
Klik klik klik klik klik
Cookies okee ja
Lade lade en lade
De ein is yn sicht
Kramp yn ’e fingers
Ik lis no de wapens del
Ik haw in mûsearm