1275 Dagen

EELCO VENEMA –

Breinroer! Dat kin betsjutte datst yn ûntstjoer bitst. Dwers yn ‘e kop, dûm. En dan kin it mâl gean. Kinst ek breinroer wêze fan ferealens. Fan’t padsje ôf, dize yn ‘e harses. Koartsein betsjut Breinroer dus gewoan: gek yn ‘e kop! Oant safier it wurdboek der Friesche taal. Breinroer is no ek in teaterstifting oprjochte troch rasabsurdist Hans van der Eems út Ljouwert. Van der Eems & Co binne tegearre mei de jonge regisseur Anne Zijlstra (âld-studint fan ‘e teaterdosintoplieding) oan ‘e slach gongen mei in tekst fan de hjir frij ûnbekende Flaamske teatermakker en –skriuwer Yves de Fauw: 1275 dagen.

It giet oer trije manlju dy’t harren letterlik ôfsletten ha fan ‘e grutte gefaarlike wrâld, yn in hut. De mannen binne bang om it libben oan te gean, mar miskien noch wol banger om te stjerren. Fansels bringt in persoan fan bûten – de onvermijdelijke intrigant – twifel, ferwarring yn it deiske feilige ritueel yn harren safe-house.

Breinroer, gek yn ‘e kop, libbensfilosofy, langstme, absurdisme, der is folle net genôch yn de skuorre fan it Aldahuys yn Bears dêr’t de mannen trije ekstra foarstellingen spylje fan 1275 Dagen, yn it Frysk.

 

Ekstra foarstellings op freed 10 en sneon 11 maaie jûns om 20.30 oere. En snein 12 maaie middeis om 15.00 oere. Lokaasje: yn de skuorre fan ’t Aldahuys te Bears. Kaartferkeap fia 1275dagen@gmail.com. Sjoch ek: www.1275dagen.nl.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.