Wa is wa yn de Waalse Tsjerke

Publisearre op 2 juli 2014

ARJAN HUT – 

Sneontejûn 14 juny. In bysûnder konsert yn de Waalse tsjerke. Om healwei achten komme de earste besikers al oer de drompel fan it kapeltsje oan de Grutte Tsjerkestrjitte, mar sy binne te betiid. Alve ferskillende lokale artysten sille optrede mei begelieding fan it Fries Kamer Orkest. De jûn wurdt presintearre troch Kim Janssen, in moderne folky dy’t himsels ûnder it konsert op de achtergrûn hâlde sil. Fan de alve artysten – allegear jong, allegear Academie voor Popcultuur – binne guon noch oan it soundtsjekken en Janssen seit dat it pas oer in oere starte sil. In sjongeres mei in bril en in gitaar sjocht panikerich fanachter in mikrofoan wei de seal yn.

Hoewol’t it konsert fergees is, sit om healwei njoggenen de seal net fol, mar smûk is it al. Op harren website hie it Kamer Orkest in dei earder oanjûn dat der net genôch tiid wie om de stikken fan de studinten (sy skreaunen allegear nij materiaal foar it konsert) yn te studearjen. Gjin Fries Kamer Orkest dus, mar der sit al in ensemble mei strikers en blazers op it poadium, dy’t har kreas rêde en troch de studinte-muzikanten allegeduerigen yn it Ingelsk tasprutsen wurde. Janssen bekommeret him net of nauwelijks mei it oankundigjen, dat wa’t sy binne bliuwt foar it publyk in riedsel. De measten freegje har ôf wêrom’t it Fries Kamer Orkest ynienen fol mei bûtenlanners sit.

Brekbere akkoarden, it charisma fan in mankelike, iensume houthakker.

In jonge mei in burd en in akoestyske gitaar is it earst oan bar. “Sean Bökkels” sei Janssen, of wie it no ‘Sjon Boekholz’? Hy sjocht efkes lilk achterom nei de strikers dy’t him skrikke litte troch lûd te meitsjen. Dan sjongt er, syn stimme in rêchbonke dêr’t de fioelen bysûnder omhinne weagje. “Ik weet niet wat ik zeggen moet / ik weet alleen wat mijn stem doet.” Brekbere akkoarden, it charisma fan in mankelike, iensume houthakker.

Nei twa ferskes stapt er it poadium ôf en sûnder fierdere praatsjes stapt in jonge frou nei foarren, ek mei in gitaar yn de hannen. Ja, eefkes sprekt sy de harkers ta. “Wat is het stil. Normaal speel ik in cafés ofzo. Moet ik mensen stil krijgen.” Immen neamd har Mijke. Se hat hat hier oan ien kant opskeard en mei har hege, heldere stimme wit se yndruk te meitsjen. In sjongeres mei in bytsje spanning derop, krekt as in jonge Sinead O’Conner. De fioelen falle skitterjend yn.

Op de bankjes yn de seal sitte freonen en kunde, heiten en memmen, in pake en beppe en hjir en dêr in buorman of dosint. In soad ‘neutrale harkers’ binne der net. It gebrek oan presintaasje is raar. Is dit wol ‘voor iedereen toegankelijk’? Sit men net by fersin by in privé-feestje?

It rint net soepel, mar se spilet mei lef.

In famke dat der út sjocht as in jierren tweintich ferzje fan Madonna spilet in Eefje de Visser-achtich poetysk ferske en is sichtber feromme as it einlings dien is. Immen dy’t mei ‘Tem’ of ‘Tammy’ oansprutsen wurdt, rekket efkes yn panyk as de alt-fioel de earste side fan de blêdmuzyk kwyt is. Dochs spilet sy dêrnei fol oerstjûging twa gefoelige, ekspressive ferskes (ien achter it piano, ien mei fingerknipperij as perkussy) dêr’t opfalt hoe’t sy wrakselt mei it Ingelsk, mei de ekspressy en ek de akoestyk. It rint net soepel, mar se spilet mei lef.

In jonge mei lang donker hier, dy’t Anne hjit, spilet prachtige roljende akkoarden en de strikers klinke by him as in swarte, dreamleaze oseaan. Ferassende oergongen, kopketûmeljende arpeggio’s en suver dichterlik bekuolle sjongen – spitich dat de ein oan krêft mist.

Hast alle artysten ha foar de gefoelige oanpak keazen. De iene nei de oare ballade wjerklinkt en hoewol’t it allegear moai is, wurdt men der ek wat sliepperich fan. Sa sjongt Esther de Jong (dy’t harsels teminste fatsoenlik foarstelt) in poetysk ferske dat ‘Vitrine’ hjit (mei Tem / Tammy as twadde stim) dochs mei rigels as ‘in de vitrine waar je mensen ziet / dat zijn machines maar dat zie je niet’ in bytsje weirekket yn de stream fan it gehiel. Dan wer in jonge mei in lichte burd en in gitaar dy’t anonym bliuwt. En in jonge mei in pet en in burd en in gitaar dy’t opfalt omdat er net sjongt. Hy hat in twa komposysjes skreaun, hjit fan Bas (“Hoi, ik ben Bas”) en bliuwt sels mei syn gitaar op de achtergrûn. In lange, knappe klarinetsolo grypt de oandacht, yn in liet dat allegeduerigen oan de symfoanyske rockgroep Camel tinken docht. In jonge mei krollen en in bassige ferlegen stimme sjongt oer ‘Madelief’ en krijt dêrby stipe fan Esther de Jong. Bytsje rommelich, dochs sjarmant.

As sy skik ha, dan ha sy skik en de measte wille spat fan it ensemble ôf by it ferske fan in anonime jonge yn it swart.

De klassike muzikanten – anonime helden, op it lêste momint optrommele – ha dúdlik skik yn wat sy spylje, al falt wol in foarkar hjir en dêr te sjen. De measte studinten ha fierste bot útpakt mei wielderige orkestraasjes. Mar de lilke blikken dy’t de hearen en dames artyst-yn-de-dop geregeldwei nei achteren smite (as it falsk klinkt, dan moat it wol oan it orkest lizze, no?) dêr steurt fierder nimmen him oan. Se sille wol faker mei studinten spylje, sa liket it. As sy skik ha, dan ha sy skik en de measte wille spat fan it ensemble ôf by it ferske fan in anonime jonge yn it swart. In burdleaze jonge, opfallend – en hy fertelt dat er oars altyd yn it Ingelsk sjongt, mar foar dizze iene kear yn it Nederlândsk. Hy sjongt, spilet gitaar en lit de fioelen tokkelje yn in froalik, up-tempo popferske dat tige opfalt tusken de oare bydragen. “Ik ben de helse / ben niet dezelfde / ik ben degene die de chaos maakt”, sjongt er, in knallende tekst en in diksje dy’t oan Sido Martens herinnerje.

Nei tsien fan de alve ferskes is tiid foar skoft – en yn dat skoft komt wer deselde sjongeres nei foarren dy’t om healwei achten sa ferheftich stie te soundtsjekken. It skoft brûkt sy om nochrisom de klanken goed ôf te stellen. De Waalse Tsjerke hat in klinkende reputaasje as it op de akoestyk oankomt, men moat jins bêst dwaan om dêr min te klinken. Lykwols, as sy úteinlik begjint te spyljen, docht bliken dat se yndied it moaiste lûd fan de jûn hat. In oare sjongeres krûpt njonken har en begjint mei te sjongen. By it twadde ferske docht de oare sjongeres de earste stim en it famke mei de bril de twadde stim. Tem / Tammy stiet achter de strikers en de blazers mei in elektryske tromme, de beat is in moaie ekstra laach. Immen flústert dat dit de sjongeressen fan Sväva binne, in al wat bekende namme yn en om Ljouwert. Ien fan de ferskes hjit Ghost. Op de achtergrûn klinke junglelûden.

Dan sit it derop. En wylst de Grinzer band Swinder it poadium opkomt foar in ôfslutend optreden (it is dan krekt nei tsienen) falle de Popacademici – nei in jûn fol spanning, sfear en onbeholpen anonimiteit – famylje en freonen yn de earms.


Konsert Studenten Academie voor Popcultuur û.b.f. Kim Janssen, Waalse Kerk, 14 juny, mei ûnder oaren Mijke Ehring, Esther de Jong, Rahziël Anne Faber, Shawn Buckles, Tammy Rompas, Sväva & Stuart Mavis.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Muzyk,Ynterview

    MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]