The Vinyl Project

Publisearre op 14 augustus 2013

ARJAN HUT – 

Wat is der moaier as in tsjuster, rommelich platesaakje tsjin te kommen, dêr’t – leafst ûnder de skappen mei sortearre muzyk – legers oan bakken en iepen doazen mei âlde elpees pronkje. Tolve foar in tientsje, ofsa. In sneupersparadys. Mei fanalles trochinoar hinne: Alle 13 Goed en ABBA, mar ek út en troch in seldsume heavy metal-plaat, of in smite Fryske folk. In Bossa Nova-boks, Cabaret of krekt dy iene Steely Dan dyt’st noch net hiest, middenmank de meast ûnmooglike, wûnderlike ûnferkeapbere rotsoai…

En altyd, altyd komst wer eksimplaren fan Cat Stevens syn Tea for the Tillerman tsjin! Dêr moatte miljarden fan wêze. Do hoechst dyn tas mar iepen te hâlden op in rommelmerk of bradery en der springe fiif, seis eksimplaren fan Tillerman yn.

Mar sneupers, sa sinjalearje de hanlers, dy binne der hieltyd minder. Blinder, der komme wolris jongelju mei in tientsje de saak yn, en der binne de fêste klanten, dochs is dy smûke tiid fan omrommelderij oan syn lêste faze ta. Mei tank oan alle webwinkels hoecht ommers nimmen langer te sykjen of te wachtsjen. Der stekt noch ris in studint de holle troch it doarsgat en ropt nei de toanbank: ‘Hast ek dizze of dizze plaat…’ Mear ynspanning moat it net kostje. Men kin de brut ja likegoed fergees downloade.

Universal Music, ien fan de grutste plateboeren fan de wrâld, fernimt lykwols dat moderne minsken noch ferlet ha fan finyl, as dat mar op in oantreklike wize ferkocht wurdt. Fia it mei in tweet oankundige The Vinyl Project kinne klanten stimme op hokker ‘seldsum’ album sy werom op finyl ha wolle. Hasto op in plaat stemt en wurdt dy plaat drukt, dan bist ferplichte om him oan te túgjen. It is wat dat oangiet in hippe, spannende, ynteraktive multymediale megamjuks fan demokrasy, websjoppe en crowdfunding. De anty-rommelmerke. It omstekearde fan bespinreage, obskuere wûnderwinkeltsjes. De deastek fan de sneuperij?

Titels dêr’t fia The Vinyl Project op stimt wurde kinne, binne ûnder oare MTV Unplugged – Nirvana, Dream of the Blue Turtles – Sting, de roze Cream-klassiker Disreali Gears en de plaat dy’t in bytsje sneuper blyn op likefolle welke rommelmerke oanwize kin: Tea for the Tillerman, fan Cat Stevens.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels