Sterk programma wint fan minne waar

Publisearre op 27 mei 2013

TSJOMME DIJKSTRA –

Kjeld en rein meitsje dat de omstannichheden fan it Fries Straatfestival yn Ljouwert dit jier net optimaal binne. De waarsfoarsizzings wienen yn oanrin nei it festival al net bot geunstich, mar se blike ek noch aardich út te kommen. Op de sneontejûn benammen is it wiet en kâld bûten. Dochs lûkt it evenemint gâns folk. Der komme mear as sechtichtûzen minsken op it festival ôf en dy litte har sin net troch it waar bedjerre. Dêrfoar is der tefolle moais te sjen. Dat is in komplimint foar de organisaasje. In ferslach fan de twadde en drokste dei fan it strjitfestival.

Dy twadde dei, de sneon, begjint om ien oere middeis fuort mei in tal moaie optredens. De nuveraardige show fan de clown Pete Sweet op it Wilhelminaplein is dêr ien fan. Pete Sweet hellet op in humoristyske wize allegear akrobatyske toeren út. Ek de optredens fan Compagnie Retouramont en de Gillende Keukenprins midden op ’e dei hearre by de hichtepunten fan de dei. It hat yn de ôfrûne jierren miskien wol drokker west op it festival, mar de stimming is bêst en de optredens falle tige yn ’e smaak. Wol wurdt it oan it begjin fan de jûn, as de reinwolken de stêd berikke, benammen tusken de ferskillende poadia yn, gau rêstich op strjitte.

As om sân oere spilet AlascA op it Gouverneursplein begjint oan syn optreden, mizelt it al. It spilet dizze groep benammen oan it begjin parten. By de earste nûmers dy’t de groep spilet hat dy hast gjin publyk. As de band de minsken freget om tichteby te kommen, wurde it der geandewei lykwols wer mear en mear. Nei in skoftke freget de band oan de minsken om op har muzyk te dûnsjen. De minsken komme yndie yn beweging, mar no noch net om te dûnsjen. De organisaasje set op dat stuit krekt twa tinten foar it poadium del, sadat de minsken ek foar it poadium droech stean kinne.

De tinten wurde mei in soad jûchhei ûntfongen. Efkes earder binne der ek al poncho’s útdield oan de minsken. De fleurige muzyk fan AlascA soarget ek foar in gnyske op de gesichten. De fjouwer jonges – de drummer komt út Snits – jouwe in enerzjyk optreden en de klanken en melodyen fan har muzyk lizze maklik yn it gehoar. Se meitsje lichte indiefolk, mar der sit ek flink faasje yn de muzyk, benammen troch it flugge tokkelwurk op gitaar en banjo. “Bedankt voor jullie komst in het barre weer en tot ziens”, beslute se har optreden.

De sterke optredens fan de bands rêde de sneontejûn dy’t troch de minne waarsomstannichheden teistere wurdt. AlascA is ien fan dy bands dy’t goed spylje, se hâlde de minsken dy’t der noch binne by de poadia. As je oer de Eewal nei it folgjende poadium skarrelje, komme je oant by it folgjende poadium dan al hast gjin kop mear tsjin. Wol komt de muzyk fan it folgjende plak je dan ek alwer temjitte. Op it coverpoadium by hotel Het Anker is it nûmer Cocaine fan J.J. Cale te hearren, it wurdt spile troch First Issue. De oare kant wer op, by it Klokplein wurdt ûngefear op itselde momint ek covermuzyk spile. Hjir komt ûnder mear it nûmer Folsom Prison Blues fan Johnny Cash foarby, ek sa’n bekend Amerikaansk nûmer. Dat wurdt spile troch Babyface Nelson. By dizze beide poadia en dizze muzyk is ek op de jûn noch in soad entûsjast publyk te finen.

Half Way Station spilet om in lestich tiidstip op in lestich plak op it festival. De Rotterdamse groep makket donkere, driigjende en soms ûntregeljende muzyk dy’t oan 16 Horsepower tinken docht. It hâldt ûngefear it midden tusken folkmuzyk en post-rock. De muzyk passet wol by it waar. Dat der lykwols mar in lyts ploechje minsken tsjûge fan it optreden is, hat grif te krijen mei it feit dat it wol muzyk is dêr’t je wat langer nei harkje moatte en dêr’t je ynkomme moatte. Foar it grutte publyk is it no wierskynlik te kâld om dêr de tiid foar te nimmen. Mar de band krijt fan de minsken dy’t der binne bewûndering, en dat ek om’t de muzikanten sels ek fan it waar te lijen hawwe. Muzikante Elma Plaisier wol foar it lêste nûmer de gitaar oppakke en seit dan, miskien foar de grap, mar miskien dochs ek wol in bytsje serieus: “als m’n vingers nog willen tenminste.”

By de bands nei Half Way Station docht bliken dat it feest úteinlik wol it langst trochgiet op it Wilhelminaplein. It is dêr let op de jûn noch tige gesellich op it plein, mei alle terraskes dy’t iepen binne. Ek is it noch lang ljocht. En ek al reint it de rest fan de jûn, de bands Patchanka en Town of Saints dogge krekt wat noadich is mei dat wiete kâlde waar, se meitsje in feestje. De minsken yn de tinten smite de heupen los. By it Deenske Patchanka bart dat op in hearlike muzikale miks fan ûnder mear balkan- en punkynfloeden, by it Finsk-Grinzer Town of Saints op enerzjike indiefolk. Foar in lytse ympresje fan it lêste optreden is hjir in koart filmke te finen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels