Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see

ARJAN HUT –

De minsken hiene de fjoerpylken al yn de hân doe’t op de uterste râne fan 2016 de nije Edwin de Groot ferskynde. ‘Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see’ is de fjirde bondel fan de dichter út Aldehaske, dy’t as Feandichter ek yn tsjinst is as poetysk fertsjinwurdiger fan de gemeente It Hearrenfean. Hy hat it drok. Henk van der Veer bellet foar in ynterview, mar dy moat letter mar even werombelje.

In bondel útbringe is in hiele happening, mar foar De Groot is it pas stap ien. By útjouwerij In de Knipscheer ferskynt meikoarten nammentlik ek noch de Nederlânsktalige ferzje. Net in oersetting, trouwens. “De fersen ûntsteane yn beide ferzjes eins tagelyk”, ferdúdlikt er. “Ik begjin yn de iene of de oare taal en wurkje dan tagelyk oan de oersetting. De oersetting feroaret it orizjyneel, en dy wikselwurking giet hinne en wer oant beide ferzjes útskreaun binne. Feitlik is der dan gjin orizjyneel mear.”

 

“Dat iene gedicht, de rykdom fan dat iene gedicht, dat weecht foar my folle swierder as de earmoed fan oare gedichten.”

 

As foarbyld jout er it gedicht ‘Opgean’. “Yn dat fers fyts ik yn Frankryk in berch op en ûnderweis hear ik ús heit. Ik bin ticht by de himel, dan reitsje ik him wer kwyt. It byld fan porslein en diggels kaam yn it Nederlânsk hiel moai út op it wurd ‘heelhuids’. Dat ‘heel’ komt fan ‘helen’, genêze, hiel meitsje, dat woe ik perfoarst ek yn it Frysk ha. Dan sjoch ik yn it Frysk hânwurdboek en it Wurdboek fan de Fryske Taal nei wat de mooglikheden binne. ‘Heelhûds’, dat koe neffens it WFT. It WFT hat it my ‘tastien’, oars hie ik miskien it hiele gedicht net brûkt. Dat wurd mei dy betsjuttings moast deryn.”

Op de achtergrûn draait in cd fan Ron Affif dy’t klassikers fan Miles Davis spilet. Der stiet in weeftou foar it finster. Wy sitte yn syn grienhouten wenning oan it smelle tsjerkepaad. Fiif hûnen sliepe by de kachel, der pesjantelje trije katten om. Allegear bisten dy’t De Groot en syn frou rêden ha. In hûntsje út in deadesel fan in asyl yn Spanje, ien mei trije poaten dy’t men by it spoar fûn, in doarpskat dêr’t de baaskes stikem fan ferhûzen. Se ha in smûk thús fûn.

Der komme in soad Fryske fûgelnammen yn syn wurk foar en op it mêd fan wurdkar giet de dichter net troch de knibbels foar it mytyske brede publyk. “Guon gedichten draach ik ek net foar. Ik tink dat se, ast se sa allinne mar hearst, net datjinge jaan kinne wat se wol dogge ast se lêst en werlêze kinst. Dêrby bin ik in freeslike siker, mei graach wurden opsykje. As in wurd ien kear los is, is it net werom te fangen, wie it net Horatius dy’t soks sei? Mar by in foardracht kinst in gedicht ynliede. Do litst de harker by wize fan sprekken alfêst ien stap yn de keamer sette.” Dat achteryn syn bondel noch in soad notysjes steane, komt ek omdat De Groot soks sels moai fynt by oare dichters.

As ik him freegje nei in fers út de bondel dat er graach foarlêst, neamt er nei wat fluch ombledderjen ‘Besef fan Gemis’. Hy draacht it oan tafel it foar. Ien fan de hûnen leit har krollekop by my op skoat. “By dit gedicht is gjin ynlieding nedich. Do kinst daliks mei de earste wurden meikomme. Nee, ik ha it net sa yn ien kear opskreaun, al liket it miskien wol sa. Ik skriuw hast nea yn ien kear in gedicht. Dizze hie sels in fjirde strofe, mar Jelma Knol (kollega-redakteur by Ensafh) sei dy moatst skrasse. Se hie gelyk.”

‘Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see’ hat in motto dat ûntliend is oan de Poalse dichteres Wisława Szymborska (1924 – 2012): ‘Je bent – je moet voorbijgaan – Je gaat voorbij – en alles is oké.’ Yn de bondel steane omheech sjen en yn de grûn dolle gauris tsjinmekoar oer. “Dat betink ik net yn ’t foarren, it ûntstiet yn syn letterlike betsjutting en de byklank groeit deryn. It lânskip is foar my gauris it fertrekpunt, dat is myn referinsjekader. As ik op de motor sit of op de fyts, dan oerweldiget my it gefoel dat ik hjir makke bin, hoe’t ik ferbûn bin oan dizze omjouwing. Dat wurdt hieltyd slimmer. De healheid fan it lân, de wietens, de monotoane polderdoarpen, mar sa moai! Troch it dichtsjen ûntstean nije ynsjoggen. Ik fyts en tink, no kin ik dit noch, en dat noch en aanst net mear. Dat ik it no kin, dat ik hjir no bin, dêr meitsje ik by it dichtsjen akte fan op.”

Romans lêst de Feandichter (healweis syn twa jier tsjinst) hast nea. It binne non-fiksjeboeken of gedichten dy’t him ynteressearje. Hy is net ien dy’t gau alles fan in dichter moai fynt, mar somtiden is ien raak gedicht ek genôch. “Dat iene gedicht, de rykdom fan dat iene gedicht, dat weecht foar my folle swierder as de earmoed fan oare gedichten.”

Ut en troch wol De Groot, dy’t in trui draacht in deselde kleur blau as de letters op it omslach fan ‘Tibetaan’, my in boek sjen litte, mar krekt wat er siket kin er net fine. “Wêr leit dy no?” Wol fynt er in stikkenlêzen bondel fan Kopland; ‘Het orgeltje van yesterday’, ek favoryt fanwege it formaat: kin sa mei yn de bûse. En in eigen boek, privé útjûn, oplage tsien stiks, mei as titel ‘Net foar te dragen fersen’. “Njonken it skriuwen ha ik in baan as operaasje-assistint. It is net sa dat ik nei it wurk gjin puf mear ha foar poëzij. Just dan, júst troch dat wurk yn in protokolearre omjouwing ha ik ferlet fan in eigen universum dêr’t ik de kontrôle ha.”

‘Fergean en bestean’ wurdt yn de notysjes achteryn oantsjut as kearngedicht fan de bondel. Simultaan wurde in sparwer en in ûnderseeboat folge, bylden fan fergonklikheid, wat by einsluten oerbliuwt binne ferhalen. “By it gearstallen fan de bondel kaam dat sa nei foarren. Wy ha ferlet fan ferhalen. Ferhalen, net altiten fan de wierheid.” Dat komt werom yn it slotgedicht, it fjouwerlûk ‘Kom dêr noch mar ris om’. “Ik wol bêst achter in kistje mei in relikwy oanrinne hear, ek as ik wit dat it de tomme is fan de lokale needslachter,” laket er.

Ien fan de bylden dy’t my it measte oanspriek is te finen oan de ein fan ‘Stille tsjûge’, dat tusken it titelgedicht en it kearngedicht yn stiet. ‘… hoe’t it is ûnsichtber foar dyn âlde hûs te sitten / sjen nei it folk dat foarbygiet.’ In lânskipsfers mei waarme wurden foar einleaze Noardeastpolderdiken. “Dat byld komt út wei út myn brânende nijsgjirrigens nei de takomst. Moatst dy foarstelle hoe’t it wêze soe foar ien út de midsiuwen om hjir ynienen yn de keamer te sitten. Mar ik ha fierder gjin oardiel oer hoe’t it dan wêze sil. Miskien is it hjir ien woastenije, of krekt oarsom. Ik soe sa tsien jier fan myn libben oerjaan kinne om hjir oer 500 jier nochris ien dei te wêzen.”

 

‘Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see’, Edwin de Groot. Utjouwerij Afûk, 2016. €15,00

Comments
Ien reaksje oan “Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see”
    Reagearje

    DE MOANNE

    'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.