Psychology fan ‘e wiete grûn

Publisearre op 1 september 2009

ATE GRYPSTRA –

Koos Tiemersma syn fiifde boek Under wetter spilet him ôf yn de takomst; yn 2065 om presys te wêzen. Neffens de omskriuwing op de achterflap wurdt Fryslân yn dat jier ‘priisjûn oan it seewetter dat heger en heger komt’.
Ik haw in tal minsken de foarkant fan de roman sjen litten en harren frege watfoar soart boek se tochten dat it wie. Efkes foar jo byldfoarming: op it omslach binne in plasse wetter, in strook gers mei in bannespoar en in rustbrune boerehikke te sjen. It liket in plaatsje fan in stik greide dat ûnderrûn is. De assosjaasje mei in iisbaan dy’t op froast te wachtsjen leit, is miskien ek wol op syn plak.
Earlik sein fernuvere it my dan ek net dat ik in pear kear it antwurd ‘in boereroman’ krige, ynstee fan ‘in takomstroman’. Pas at je it boek hielendal iepenteare, wurdt de omslachfoto nammentlik dúdlik: it giet om in grien stikje (see?)dyk dat abrupt yn in wettermassa einiget. De hikke hat dúdlik in ôfslutende funksje en it lêste spoar fan eardere minsklike oanwêzigens wurdt útwiske troch it rimpeljende wetter. Suver symboalysk foar it einigjen fan in maatskippij of soks.
Mar it mei dúdlik wêze dat dy symbolyk net ta syn rjocht komt troch inkeld nei de foarkant fan it boek te sjen en dat dat der spitigernôch ta liede kin dat in takomstroman yn earste ynstânsje as in klassyk boereboek beskôge wurdt. In misse slach op ûntwerpersmêd, tinkt my.

Dan mar gau op nei de ynhâld. En dêr waard ik op it earste gesicht ek net bepaald bliid fan. Nei it motto (in bekende fersrigel (1) fan de keunsthistoarikus en skriuwer Hessel Miedema) en it twatalige foaropwurd (fan de optochte Litouske prof.dr. Arvydas Gilys) folget it fiksjonele deiboek fan de haadpersoan Sil Posset.
En yn dat lêste siet ’m wat my oanbelanget de oast. O, horror! De deiboekfoarm… dêr bin ik yn de jierren tachtich by de oe sa grappige Adrian Mole fuortendaliks al op ôfknapt. Pas letter yn myn lêzende libben kaam ik derachter dat it noch slimmer koe at it yn de letteren op in flauwe, repetearjende keunstgreep oankaam, en dan doel ik fansels op achttjinde-ieuske brievewikselromans, sa as Pamela fan Samuel Richardson, of, om tichter by hûs te bliuwen: De Historie van Mejuffrouw Sara Burgerhart fan it dynamyske damesduo Wolff en Deken.
Mar nee, sa woe ik net. Sa móast ik net. De betûfte auteur fan fraaie boeken as De Ljedder en it boekewikegeskink Mind Games fertsjinne mear kredyt as dat myn wjeraksel tsjin it kalindermjittige droanen fan de deiboekfoarm – dêr’t yn myn eagen it wurd ‘datearre’ in dûbeld negative lading troch krijt – him jaan woe.
Boppedat skeat my yn it sin dat Winston Smith, de haadpersoan fan dy oare bekende takomstroman, Nineteen Eighty-Four fan George Orwell, ek syn taflecht socht ta it byhâlden fan in deiboek. It grutte ferskil mei Under wetter is lykwols dat yn 1984 de deiboekpassaazjes sitearre wurde yn in grutter personaal fertelperspektyf en dat it byhâlden fan in deiboek yn de totalitêre steat, dy’t terrorisearre wurdt troch de Thought Police, immen de deastraf opleverje kin:

The thing that he was about to do was to open a diary. This was not illegal (nothing
was illegal, since there were no longer any laws), but if detected it was reasonably
certain that it would be punished by death, or at least by twenty-five years in a
forced-labour camp (s. 10). (2)

Safier giet dat allegear net yn Tiemersma syn frijwat swiermoedige skets fan de twadde helte fan de 21e ieu, dy’t deropút rint dat ‘in diel fan de Lege Lannen as gefolch fan it Klimaatakkoart fan Londen opoffere [wurdt] oan de see’ (s. 7). Mar de Nederlânske maatskippij hat dan wol deeglik wat totalitêre trekjes krigen. Sa lêze we dat de autoriteiten gebrûk meitsje fan lytse, fleanende kamera’s om de befolking yn de gaten te âlden. Sil Posset skriuwt dêr foar it earst oer op snein 18 oktober 2065:

Op ynternet it lêste nijs sjoen. Nei oanlieding fan de brân en de sjitterij (yn Ljouwert,
ag) sille se FLY’s ynsette. (…) Dat hakt deryn, sa bist nergens mear feilich (s. 53-54).

Dy lêste sin jout dúdlik oan dat der sprake is fan in Orwelliaansk Big Brother is Watching You-gefoel. By Posset yn alle gefallen. Oaren, sa as syn eardere húsbaas Wende Andreae, lykje harren der net sa botte drok om te meitsjen:

FLY’s (Och, dy hawwe se yn Den Haach ek. Soms fleagen se flak foar de ruten fan
it ferpleechhûs del, koest it eachje fan de kamera sjen. Krekt libellen, fynst net?)
(s. 70)

Sy wiist justjes fierderop yn it petear mei Sil Posset op in oar aspekt fan de kontrôlesteat dy’t Nederlân wurden is. At hy freget oft it ‘yn Den Haach sa slim is as op it nijs’, antwurdet Wende:

Helte slimmer (….). De sensuer hellet de skerpste kantsjes derôf, leau my mar.
Klearebare oarloch, in oar wurd is der net. (…) De sikehuzen lizze grôtfol (ibid.).

Oerheidskontrôle, skeinde privacy, sensuer en geweld: it mei dúdlik wêze dat Tiemersma, krekt as Orwell, yn syn roman gjin prachtige takomst, mar in dystopy foar eagen hat. Foar Fryslân sit sels dat lêste der trouwens op in gegeven momint net mear yn. It heitelân hâldt nammentlik net iens in maatskippij mei inkeld negative eigenskippen oer. Nee: it heitelân strûpt derûnder en wurdt folslein útwiske.
Ien fan de fragen dy’t dan ek sintraal stiet yn Under wetter is hoe’t it komt mei de Fryske taal en kultuer at it geografyske part fan de identiteit ûnder de weagen ferdwynt. It is in fraach dêr’t Sil en syn kammeraten Jarch en Wester al skoften mei ompakke. Se hawwe yn it ferline it literêr/muzikale keunstnerskollektyf FRL oprjochte mei it doel alles wat Frysk is te hoedzjen en te noedzjen. Mar dat slagget mar min: it is in tiid wêryn’t men de Fryske taal op kursussen leare moat (sa hawwe Sil en syn lettere frou Ynke it sels ek yn ’e macht krigen (s. 61)), der is al twintich jier net mear in Fryske roman ferskynd (s. 231) en Fryske boeken wurde op rommelmerken fergees oan de minsken meijûn (s. 61).
Dat wiist fansels allegear mar min foar de Fryske taal en kultuer. Mar it aksjegroepke FRL jout net op. Nei in mislearre besykjen om te radikalisearjen, dat wol sizze troch de ‘oer-myn-lyk-mentaliteit’ (s. 30) oan te nimmen, en sels troch geweld te brûken, beslute se om nei de ynundaasje in firtuele Fryske mienskip op te bouwen dy’t wrâldwiid tagonklik is, om taalkursussen oan te bieden en om Fryske enklaves op te setten (s. 231).
Sil Posset is dan al net mear fan de partij. Hy beslút om net mear achterom te sjen en him te rjochtsjen op de takomst. Hy lit Fryslân achter him en sil op Litouwen ta. Oan ’e ein fan it boek seit er tsjin syn âlde maten:

Ik tink net dat de plannen dy’t jim hawwe, werklik wurkje sille. Jim wolle my tefolle
werom nei wat wie, restauraasje is tinke op sterk wetter en jim plakke de diggels ek
noch ferkeard oaninoar. It hâldt allinnich mar yn dat jim stekken bliuwe en neffens my is dat de deastek foar de takomst, der binne ûntjouwings dy’tst net opkearst (s. 236).

En dat foar in jonge boskboustudint dy’t yn it tryste, útstoarne Ljouwert omswalke salang’t er koe en dy’t der net foar tebekskrille om nei de wapens te gripen om syn kulturele idealen oan ’e bittere ein ta te ferdigenjen!
It sitaat jout lykwols oan dat Sil Posset de libbenslessen fan syn eardere mentriks Wende Andreae ferinerlike hat. Hy sjocht no werklik yn dat taal en identiteit soeverein binne. Dat dy komme en geane sa’t se wolle. Dat er net bang wêze moat foar de takomst. En dat de ein tagelyk in begjin is, op betingst dat er net hingjen bliuwt (s. 70 en s. 236).
Sil Posset is dus folwoeksen wurden. En dêrmei docht bliken dat Under wetter net yn it foarste plak in takomstroman mei dystopyske trekjes is, mar in Bildungsroman, dy’t ferhellet fan de emosjonele, morele en yntellektuele ûntjouwing fan in jonge haadpersoan.
Simpelwei ‘coming of age’ dus. Mochten jo in spannende takomstroman à la Orwell ferwachtsje, dêr’t de wrede Thought Police op elke bledside op ’e loer leit, dan falt dat faaks in bytsje ôf. Mar Tiemersma hat wol op oangripende wize in sfear fan mankelikens, ferfal en ferlittenheid delsetten. Boppedat biedt Under wetter, neist in syktocht nei it wêzen fan in folk dat syn wengebiet kwytrekket, in nijsgjirrich stikje ûntwikkelingspsychology fan in jongkeardel. En ik moat tajaan dat de deiboekfoarm him dêr dan ek wol wer prima foar lient.

Koos Tiemersma, Under wetter. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2009.

 

Earder ferskynd yn de Moanne 8 (2009) 7 (septimber).

 

1. Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer siz mar.
2. George Orwell, Animal Farm/Nineteen Eighty-Four, London: Book Club Associates, 1976.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels