Nothing left to lose

Publisearre op 13 januari 2016

HENK TE BIESEBEEK – 

Ofskie fan David Bowie

Look up here, I’m in heaven/I’ve got scars that can’t be seen/
I’ve got drama, can’t be stolen/
Everybody knows me now

 

Efterôf kin je de ko yn ‘e kont sjen. Fansels hat David Bowie op syn alderlêste single Lazarus de eigen dea al oankundige. Look up here, man, I’m in danger /I’ve got nothing left to lose. As ik op de eksposysje ‘David Bowie is’ yn it Grinzer museum de clip bij de titelsong fan syn nije CD Black Star mei alle oandacht besjen kin, sjoch ik dat it net kloppet. Oan de dûnspaskes troch datselde lichem leit it net. Ek de outfit is wer kreas fersoarge. Mar it gesicht is net de master himsels. It is te giel, te meager. Goed, by de presintaasje fan it album Station to Station yn 1976 wage de Thin White Duke ek net mear as 45 kilo. Mar dit is oars. Dit is in oare David Bowie. Something happened on the day he died/ Somebody else took his place, and bravely cried.

Moandei 11 jannewaris, 06:30 oere. Goeifreondinne Rennie, sjoernaliste bij it AD makket my wekker mei in app op myn mobyl. ‘David Bowie is overleden’. Dat kin net, dat mei net. Is ek net sa. Alle oare Nederlânske media swije ommers noch. Mar op syn eigen Facebookside lit soan Duncan Zowie Jones witte: January 10, 2016 – David Bowie died peacefully today surrounded by his family after a courageous 18 month battle with cancer. Krekt trije dagen nei de offisjele útjefte fan syn nije album Black Star. Dat kin net, dat mei net. Bowie moat my earst noch by de hân nimme troch syn nije tekstenlabyrint. Oars reitsje ik it paad noch bjuster.

 

Goeifreondinne Rennie, sjoernaliste bij it AD makket my wekker mei in app op myn mobyl. ‘David Bowie is overleden’. Dat kin net, dat mei net. Is ek net sa. Alle oare Nederlânske media swije ommers noch.

 

As skoaljonge fan 17 jier mei de elpee Aladdin Sane ûnder de earm nei de kapperssaak fan Nan Bulthuis. De hilariteit is grut as ik de hoes iepenklap. In androgyn wêzen mei de hannen op beide heupen sjocht de wrâld útdaagjend oan. Skean oer it gesicht rint in bliksemskicht, it hier stiet rocht oerein op ‘e holle, read. De nekke bedutsen, mar de earen frijknipt. ‘Dat lykt wel in wiif juh, fine dyn ouders dat wel goed?’ It kin my net skele. Making love with his ego Ziggy suckes up into his mind. René fan Nan doart it wol oan. Hy pakt in plastik hânboarstelke mei wol hûndert skerpe plastik pintsjes en skuorret dat oer de stoepe stomp. Alle moarns moat ik tenei in healoere earder fan it bêd ôf om myn hier te föhnen sadat de kuif oerein stean bliuwt. Mar it is slagge. Ik bin de earste jonge yn Ljouwert mei in Bowie-kapsel!

Bowie hie dus al oardel jier kanker. Black Star is syn ôfskie fan syn fans. Look up here, man, I’m in danger/I’ve got nothing left to lose. Benammen dat lêste fielt mear as in ferlies. De man dy’t my makke hat ta wa’t ik bin, dy’t tidens myn skoaltiid mear ynfloed hân hat op myn grutwurden as ús heit en mem, dy’t syn tearste gefoelens dielde yn ús ferset tsjin de boargermaatskippij, dy hat syn fertriet no net mei ús diele wold. Oh no love! you’re not alone. No matter what or who you’ve been, I’ll help you with the pain. You’re not alone. Gimme your hands. Wis, ik hâld dyn hân fêst, mar do litst my stean. Hoe sil ik moarn fierder gean?

Fjouwer jonges telt ús Bowie-clan op dit stuit. Krekt santjin jier, mar as it heal kin gean we yn pak nei skoalle. Ien each opmakke. As hommage. Want de helden fan Bowie binne ús helden: Is there life on mars Anthony Burgess? As ik werris justjes te let op skoalle kom, reagearret de skeikundelearaar grimmitich: ‘Kun je nu niet gewoon eens een keer in spijkerbroek op school komen?’ Fansels net, want wy binne oars. We lêze allinne literatuer mei in haadletter, hâlde net op by it ferplichte Catcher in the Rye, mar sykje yn obskuere boekewinkeltsjes nei fergetten wurk fan J.D. Salinger. Poëzij hat ús foarkar en we komme dêrfoar yn lytse stúdzjegroepkes bymekoar. We slaan klasgenoaten mei sitaten om ‘e earen. Nimmen doart it yn humor tsjin ús op te nimmen. Wy behearskje de korrizjearjende oertreffende trep.

Wy nimme ús Bowie-húswurk oars wol serieus. Komt in nije LP fan de master út, dan moat ien fan ús skoaltsjeskûlje om alfêst bij De Put in eksimplaar te keapjen. Op de studintekeamer fan Rixt (in kammeraat dy’t op Amelân wennet) sitte we tusken de middei dan allegear om syn koffergrammofoan. Station to Station. Wild is de wind. We bestudeare de teksten, skatte wat de bestjutting wêze kin. Fergelykje mei eardere albums. Rixt heakket ôf. Bowie is him te benypt, The Thin White Duke te Germaansk. In Hitler-mannetje. Mar wa hâldt wa de spegel foar? The return of the thin white duke/throwing darts/in lover eyes.

 

Under de yndruk set ik in berjocht op myn Facebook-side. Mei in foto fan mysels as 17-jierrige Bowie-fan. Yn pak. En krij daliks reaksjes: ‘Bijna religieus Henk.’

 

Optein kom ik 10 desimber werom fan de eksposysje ‘David Bowie is’ yn it Grinzer museum. As sjoernalist mocht ik by de offisjele iepening wêze. In útstalling fan 300 objekten út de sammeling fan 75.000 foarwerpen fan de master sels. In prachtich oersicht fan de karrière fan David Bowie yn alle fasetten. De tekstskriuwer/dichter, de komponist, de muzikant, de arranzjeur, de ûntwerper, de artyst … Under de yndruk set ik in berjocht op myn Facebook-side. Mei in foto fan mysels as 17-jierrige Bowie-fan. Yn pak. En krij daliks reaksjes: ‘Bijna religieus Henk.’ ’Onze bewondering voor jullie kwam ook voort uit angst om anders gekwetst te worden, Henk.’ Rjocht út it hert is yn alle gefallen de reaksje fan âld-klasgenoat Jaap M, no in suksesfol muzikant: ‘Oh Henk, wat haatte ik je toen. Nu niet meer hoor …’

Barbera sit achter by my op de fyts. De eks fan myn bêste freon. Moat kinne. Bowie hat paden sljochte, grinzen ferfage litten. Tinke we. Ik sjong Five Years, ien fan de moaiste nûmers ea. Saw you in an ice-cream parlour/ drinking milkshakes cold and long/ Smiling and waving and looking so fine/ don’t think you knew you were in this song. Barbera jout gjin krimp. ‘Het is net alsof ik Bowie zelf hoor zingen’, is har replyk. ‘Ik vraag me werkelijk af of je zelf nog wel weet wie je bent.’ Au.

De klap fan de portier op myn wang liicht der net om. Louis syn earm wurdt omdraaid. We wurde rimpen út de Ljouwerter diskoteek Vat 69 ferwidere. Op lêst fan Siebe O. himsels. De DJ draaide Golden Years fan Bowie dus kamen wy yn ús outfit de dûnsflier op. Wite pakken dit kear. Mei sulverblau eachskaad. En o ja, ien pinkneil lakt yn parelmoer. Neffens de hoarekabaas soene de normale besikers ús net aksepteare. Wy dûnsje mei mekoar en flirte mei de froulje fan oare manlju. Foar ús soart binne oare gelegenheden. Mar it giet net om ús. Wy sette júst doarren foar oaren iepen, dy’t sels net doare. Lit se mar rabje. We litte it folk achter ús. Louis hat ommers kaarten regele foar it earste konsert fan David Bowie yn Nederlân. Hy stiet 7, 8 en 9 juny yn de Rotterdamske Ahoy-hal. Wy sille freed.

Yn de lêste seal boppe yn it Grinzer museum moetsje ús bern David Bowie as performer yn optima forma. Op grutte skermen docht Bowie syn namme as muzikale kameleon alle eare oan en hopt fan glamrock fia soul, funk en elektroanyske muzyk nei de fleurige dûnsdisco fan Let’s Dance. Se binne ûnder de yndruk. Ek in jongfeint fan 18 en in famke fan 15 jier âld stean iepen foar in alsidige artyst as Bowie. En ek it album The Next Day, de ûnferwachte comeback nei alve jier, mei der wat dat oanbelanget wêze. Opluchting by de heit. It ferhaal David Bowie is dus noch net út. Dat docht bliken as nei de yntroduksje fan de single Black Star op freed 8 jannewaris it album mei deselde namme presinteard wurdt.

Efterôf is it maklik praten. David Bowie wol op weardige wize ôfskie nimme fan syn fans. Fansels. Something happened on the day he died/spirit rose a metre and stepped aside/somebody else took his place, and bravely cried.

En mei in knypeach stjoert er ús oan ‘e ein dan dochs wer dat labyrint yn fan syn teksten. Seeing more and feeling less/Saying no but meaning yes/This is all I ever meant/That’s the message that I sent. It ferlies is der net minder om.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels