Nije canon Fryske literatuer

JOSSE DE HAAN – 

Yn de wike dat ien fan de grutste wrâldskriuwers ferstoar – Philip Roth en syn alter ego’s – krige ik de Koarte Skiednis fan de Fryske Literatuer (‘Salang’t de beam bloeit’) yn mar leafst fjouwer talen. Roth – literatuer pur sang – en de Koarte Skiednis?

Ik haw sa myn twifels no’t de ‘pulpprodusint’ KFFB (Anne Wadman), en Hylke Speerstra – ‘quasi literair schrijver’ (Gerard Mulder HP, 2000), de literêre Fryske Olympus beklommen hawwe (c.q. troch Joke Corporaal en Teake Oppewal cs. as nije ikoanen beskreaun wurde). Werom nei it provinsjalisme?

 

It boek sels
In pear dagen lyn krige ik de Fryske en de Ingelske edysje tastjoerd troch Bornmeer. Ik haw Steven Sterk fan Bornmeer lokwinske mei de útjefte – útnoegjend omslach;  gouden snede-formaat; perfekte ferdieling tekst en yllustraasjes; goed papier; handich lêsboek; mei oare wurden, de layout kin besjen lije.

 

Wa’t hjir beslist hat wat der yn kaam is net dúdlik.

 

Yn de literatuerlist ûnbrekt in krekt ferskynd boek fan Huub Mous, skreaun yn opdracht fan Tresoar – De Fries die in de toekomst sprong(2016), dêr’t Mous nijsgjirrige opmerkings makket oer it modernisme en de literêre avantgarde yn Fryslân. It sil bliken dwaan dat dizze saken net yn de ‘Koarte skiednis’ pasten, want te friwool en te útwrydsk.

Der wurdt noch al skreaun dat Josse de Haan lykas Trinus Riemersma in fjirtich boekpublikaasjes op syn namme hat, mar der ferskynt net ien fan syn sekundêre publikaasjes yn de literatuerlist – de nije meiwurker fan Tresoar, M. Reitsma, skreau al op in bloch dat De Haan ‘syn stúdzje net ôfmakke hat en dêrtroch net kwalifisearre is’…

Yn de yndeks hie neffens my in alfabetyske list fan ûnderwerpen opnommen wurde moatten, sadat je moai gau earne hinne kinne. Ik jou hjir kommentaar op it tiidrek nei 1945, dêrfoar wit ik te min fan, de ôfrûne 55 jier haw ik in ûnderdiel fan de Fryske literatuer west.

 

Gjin avantgarde
De skriuwster fan dit boek, Joke Corporaal, hat mei har dissertaasje oer Anne Wadman sjen litten dat dy skriuwer foar har te grut wie. Se hat har ferslokt yn dit fenomeen – ‘de Sartre fan Snits’ sa’t Mous skreau. Ut dat proefskrift docht bliken dat se net echt op de hichte is fan de Fryske (noch Nederlânske) literatuer. Se hat (dus) letterlik oan de hân fan Oppewal (de ‘oersetter’ of skriuwer fan de Fryske edysje) dit boek skreaun – ik nim oan yn it Nederlânsk. Wa’t hjir beslist hat wat der yn kaam is net dúdlik.

Dit boek moast ienfâldiger wêze as it Wolkenboek (2006), want it is bedoeld foar studinten twadde fase eineksamenfak, en foar studinten yn it heger ûnderwiis.

Huub Mous syn boek wie foar dy lju blykber te muoilik, sadat de kar fan de ynhâld in behâldende en oerflakkige wurden is, dêr’t heel wat materiaal (en skriuwers) dat oansleat by de ûntwikkeling yn Nederlân en Europa ferdwûn is (binne).

Troch dizze kar foar de fersimpeling krijt in ynstelling as de Kristlike Fryske Folks Bibleteek (KFFB) sels in apart finster wylst it mei literatuer neat hat te krijen (allinne mei propaganda foar de moralistyske kristlike teksten, pulp neffens Wadman). It is de achtergrûn fan de literatuerbefoarderer T. Oppewal dy’t 25 jier (1993-2017) literatuer befoarderje moast dêr’t er gjin feeling mei hie.

 

Finsters
It boek wurket mei saneamde Finsters, dêr’t in persoan, in ynstelling of in ûntjouwing apart beljochte wurdt. Yn in beheind boek as dit wurket dat frij goed. Allinne, de kar fan de Finsters is in diskutabele.

 

Wolle we de literatuer sec noch oerein hâlde, de literêre keunst ferdigenje, of krijt ek hjir it populisme de oerhân?

 

Wichtige skriuwers, c.q. ûntjouwings, neffens de skriuwster fan dit boek, krije in Finster. Alles ek mei it each op wat de lêzers oan kinne. Nettsjinsteande dat past de ynformaasje oer de nonliterêre teksten fan KFFB en H. Speerstra net yn dit boek. Ek it aparte Finsterfoar De Blauwe Fedde hat mei literatuer net in soad te krijen. En oft Fedde Schurer in Finster ha moast yn ferbân mei syn literêre wearde wol der by my ek net yn.

Finsters mei eksplisite ynformaasje hiene ha moatten: Anne Wadman, Koperative Utjouwerij, De Fernijing en eventueel Oersettings. Yn in identyk boek foar de Nederlânske literatuer hie in Mulisch of in Hermans net ûntbrutsen (fgl. Wadman hjirre).

Anne Wadman hat yn it Fryske èn yn it Nederlânske sirkwy in grutte rol spile, hat as besprekker yn de Ljouwerter Krante fan eminint belang west. Dat hie yn in apart Finsterbeljochte wurde kinnen. Iksels haw Wadman ûntdutsen doe’t ik in skripsje oer Gerrit Achterberg skreau en yn Commentaar op Achterberg in prachtich essay fan syn hân lies oer dy skitterjende poëzy (1961).

 

Kwasy literêre heechdravendheid
Twa jier lyn bea Tresoar Hylke Speerstra in feest oan, omdat er 80 waard. As wie Speerstra de grutste Fryske skriuwer ever. No ek wer befêstige yn de fideo foar KH18. Ik wie tige ferbaasd, want yn it Wolkenboek wurdt er opfierd as sjoernalistike anekdoateskriuwer.

Oan Hylke Speerstra wurdt yn dizze Koarte Skiednis sels op twa plakken oandacht jûn – oer It wrede paradys en yn in apart finster oer koloniale literatuer oer Op klompen troch de dessa, net krityske fraachpetearen mei lju dy’t yn Indië fochten. Corporaal skriuwt dat de grinzen tusken de echte literatuer en de populêre diziger wurde. It sil de reden west hawwe dat K. Tiemersma de Gysbert Japicxpriis krije koe mei syn boek Einum. Ek faaks de reden dat Speerstra as super ikoan opfoerd wurdt. Wolle we de literatuer sec noch oerein hâlde, de literêre keunst ferdigenje, of krijt ek hjir it populisme de oerhân? Oer Speerstra syn It wredeparadys is tige kritysk skreaun:

Gerard Mulder (HP,2000): ‘… in dit boek komen onophoudelijk zinnen voor die dermate hoogdravend en quasi-literiar zijn, dat ik niet kan geloven dat ze echt zijn’

Atte Jongstra (NRC,2000): ‘… de bordkartonnen romantiek stoort enorm; Speerstra blijft de provinciale optekenaar van ‘even lekker achter het gebreide vrouwenbroekje’

Josse de Haan (Venus,2007): ‘Ferfalsking fan de werklikheid en it kreëarjen fan in myte – edelkitsch’

 

Operaesje fers
Corporaal beweart dat it twatalige karakter fan Operaesje Fers foar subsydzjejouwers in beswier wie. Allinne foar guon Fryske. We krigen fan de measte Fryske skriuwers adhesy. Doe’t we stopje moasten troch de tûzenden bellers yn april ’68 haw ik kontakt socht mei de gemeente Ljouwert en mei de frou fan minister Anne Vondeling – we hiene jild nedich foar 10 telefoanlinen. Fryslân wegere.

 

Yn it Finster hie de nasjonale en ynternasjonale kontekst beskreaun wurde moatten – lykas mei Operaesje Fers wie de Fryske literatuer op dat stuit ferbûn mei de ynternasjonale ûntwikkelingen. Dat is ynteressant foar studinten anno 2018.

 

Ein septimber ’68 sei it ANP om 18.00 oere op in jûn: ‘De Gemeente Leeuwarden stelt subsidie beschikbaar voor de telefoonpoëzie van Operaesje Fers’. Mei boargemaster Brandsma hiene we dat regele – hy wie poer entûsjast, O.F kaam yn Ljouwert, earst yn de gratis beskikber stelde bunkers fan de BB.

In wike letter skikte de kultuerminister Klompé ús jild ta – ‘eksperimenten op kunstgebied moeten beloond worden’. Frou Vondeling hie har wurk goed dien.

Wy wiene bewust meartalich, Fryske literatuer moast de wrâld yn. In heal jier letter wikselen we Fryske gedichten út mei Amearikaanske dêr’t Dial a Poem mei itselde eksperimint begûn wie. Yn New York koene de lju harkje nei Fryske gedichten, en wy yn NL/Frl nei û.o. Allen Ginsberg, Gregory Corso en Anne Waldman. We hiene it provinsjalisme ferslein.

 

Fisuële poëzy

In pear jier lyn haw ik in petear hân mei Bert Looper oer it ûntbrekken fan fisuele en konkrete poëzy yn de Spegel fan de Fryske Literatuer. Heel wat dichters en oaren hawwe yn de trotwaertiid sok wurk makke. Ik fûn dat der in apart boek komme moast mei dit wurk. Ik haw letter in list stjoerd mei titels en artikels yn de literêre tiidskriften.

Op dy byienkomst joech ik Looper in katalogus fan Spaanske fisuele poëzy oer in tentoanstelling yn Vitoria/Gasteiz (Baskenlân). Tagelyk in boekje gedichten en yllustraasjes-tekeningen, Grapefruit, fan Yoko Ono, mei in yntroduksje fan John Lennon. Sa’n bondel hie ik op it each.

Ien Finster yn de ‘koarte skiednis’ is wijd oan it fenomeen fisuele poëzy. It giet benammen oer Hessel Miedema (quatrebras) en foart in part oer Reinder van der Leest. In pear rigels wurde wijd oan de tentoanstelling Visual poetry yn Tresoar. Materiaal oer quatrebras, fan Van der Leest en fan Josse de Haan (Anarkys) wurdt tentoansteld. Fierder hat Frank den Oudsten in nij konsept yn Tresoar ûntwikkele.

Yn it Finster hie de nasjonale en ynternasjonale kontekst beskreaun wurde moatten – lykas mei Operaesje Fers wie de Fryske literatuer op dat stuit ferbûn mei de ynternasjonale ûntwikkelingen. Dat is ynteressant foar studinten anno 2018.

 

 

  • Nb1: my moat fan it hert dat ik it heel nuver fyn dat in grut skriuwster as Lida Dykstra (ryp foar de Gysbert Japicxpriis yn heel wat kategoryen) allinne mar yn in bysintsje neamd wurdt.
  • Nb2: Joop Boomsma dy’t begjin april dit jier ferstoar wie de earste dy’t in jier lang in (kritysk) ‘Skriuwersdeiboek’ byhâlde (2001), dat benammen oer de literatuer gong – útjûn troch de Q yn 2002. Hy bestiet hjir net.

 

Salang’t de beam bloeit – Koarte Skiednis fan de Fryske literatuer– Útj. Bornmeer, De Gordyk/ Tresoar, Ljouwert (2018); Frysk, Nederlands, Inglish, Deutsch (Paperback), 144 siden – 1 eks €15 (4 ekss €60).

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.