• 6 juli 2016

    De tydskriften 'de Moanne' en 'Noorderbreedte' presinteare tidens it UIT Festival yn Ljouwert tegearre it projekt 'It analoge ambacht'. Fjouwer teams, besteande út in skriuwer en in fotograaf, presinteare tidens it festival de magy fan it ambacht as fotograaf en skriuwer. Dizze gearwurking sil op in bysûndere wize fertaald wurde nei fisueel proaza of poëzij.   Wat bart der as it ljocht it papier rekket? [...]

  • 28 juni 2016

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma ôfrûne sneon live fanút kafee 'De Bak' yn Ljouwert yn it programma 'Op en út fan' Omrop Fryslân mei Douwe Heeringa: - Hilda Talsma, 'Wyn fan de wierheid'. Elikser, Ljouwert 2016. (Boek fan de Moanne july/augustus) www.elikser.nl - Jules Verne, 'In wrâldreis yn 80 dagen'. Utjouwerij Regaad, Grins 2016. www.regaad.nl - 'Käthe Kollwitz. Getekend leven'. Museum Belvédère, Heerenveen-Oranjewoud 2016. www.museumbelvedere.nl

  • 3 juni 2016

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma yn it programma 'Op en út' fan Omrop Fryslân: - Reitze Jonkman en Arjen Versloot, 'Fryslân, lân fan talen'. Afûk, Ljouwert 2016. (Boek fan de Moanne) www.afuk.nl - Graham Swift, 'Moeders zondag'. Vertaling Irving Pardoen. Hollands Diep, Amsterdam 2016. www.hollandsdiep.nl - Tom Lanoye, 'Revue Lanoye. Filipica (polemische replieken)'. Prometheus, Amsterdam 2016. www.uitgeverijprometheus.nl

  • 13 mei 2016

    KAREN BIES -  Wy rinne achter Murk oan oer de betonreed it lân yn. De fugels ha wy al heard, mar we sjogge se no ek, en fan sa tichtby. Ast gewoanwei ergens oan it fytsen bist en do sjochst in skries, dan stapst even ôf, sa bysûnder is dat. Hjir, yn it lân fan Murk Nijdam oan de Slachte yn Wommels, stekke by de [...]

  • 1 mei 2016

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma by Douwe Heeringa yn it programma 'Op en út' fan Omrop Fryslân, tsjin healwei tolven, fanút kafee De Bak yn Ljouwert. - Ulke Brolsma, 'Oarloch yn Grou'. Bornmeer, De Gerdyk 2016. www.bornmeer.nl - Nell Zink, ‘Misplaatst'. Vertaald door Gerda Baardman. Ambo/Anthos, Amsterdam 2016. www.amboanthos.nl - Willem van Toorn, 'Zolang deze heuvels van aarde zijn. Ontmoetingen in Europa'. Querido, Amsterdam/Antwerpen 2016. www.singeluitgeverijen.nl/querido/    

  • 6 april 2016

    De Afûk en Tresoar noadigje jo fan herte út foar in middei mei literatuer, keunst en muzyk op snein 17 april, 14.00 oere yn de âlde suvelfabryk fan Marrum. Oanlieding foar dizze feestlike middei binne de residencies fan twa Ierske keunstners yn Fryslân. Beide keunstners, in skriuwer en in byldzjend keunstner, wurkje de kommende wiken yn Fryslân en dogge ûndersyk nei de Fryske taal en [...]

  • 1 april 2016

    Kom bried mar op myn lân Elmar Kuiper   de Moanne en Noorderbreedte nûgje dy út foar in jûn live yn de greide. Op 12 maaie 2016 om 19:30 oere binne wy te gast yn it lân fan boer Murk Nijdam yn Wommels, om te harkjen nei greidefûgels en poëzy. Fûgels: skries, ljurk, ljip, tsjirk, strânljip ensfh. Dichters: Simon Oosting, Elmar Kuiper en Willem Tjebbe Oostenbrink. Tagong: [...]

  • 29 maart 2016

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma by Douwe Heeringa yn it programma Op en út fan Omrop Fryslân, tsjin healwei tolven, fanút kafee De Bak. - Nelly Jongsma-de Jong, 'Moard út it ferline'. KFFB, 2016. www.kffb.nl - Kira Wuck, 'Noodlanding'. Podium, Amsterdam 2016. www.uitgeverijpodium.nl - Julian Barnes, 'Het tumult van de tijd'. Atlas-Contact, Amsterdam 2016

  • 22 maart 2016

    No woansdei 23 maart om 20.00 oere organisearret de Moanne yn gearwurking mei Museum Belvédère en Tresoar in dichtersjûn yn Museum Belvédère. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herte út om hjirby oanwêzich te wêzen. Christiaan Kuitwaard portrettearre tweintich Fryske dichters en gie dêrby metoadysk te wurk. Hy brûkte de camera lucida en bylde harren ôf mei de eagen ticht. De reeks waard oankocht troch Tresoar en wurdt no as gehiel toand yn Museum Belvédère. Alle [...]