Jan Wolkers op toernee yn Zaandam

Publisearre op 18 mei 2016

ULKE BROLSMA – 

“Karina!” mei it lûd fan in misthoarne op folle see ropt Jan Wolkers syn frou. Ik wol in ôfspraak mei de master meitsje foar in besite oan Zaandam. En net samar in besite. De skilder, byldhouwer, skriuwer sil dêr te wurd. In moeting mei it folk dat rûnom de nije Dr. J.M. den Uylbrug yn Zaandam wennet. Hy sil útlis jaan oer syn Den Uylbyld, dat op de kommende wei is en in plak sil krije op de Dr. J.M. den Uylbrug. Opdrachtjouwer: de gemeente Zaanstêd. Ik wurkje by Zaanstêd as foarljochter en it is myn wurk om de kontakten te ûnderhâlden mei de byldhouwer, skilder, skriuwer. Ik wol dat er de bewenners fertelt hoe’t it byld der út sjocht. En mei reden.

 

Ik begûn mei ‘De bomen dorren in het laat seizoen’ en ynienen foel Jan Wolkers my by. It duo Brolsma-Wolkers die Kloos efkes. Alle fiif kûpletten, it komplete wurk.

 

My stiet noch it wûnderbaarlike barren yn Apeldoorn by. De gemeente hie, sûnder oerlis mei de omwenjenden, in grut abstrakt byld besteld. It waard op in moai plak del set. En doe? De bewenners hiene, mei itselde gefoel foar kommunikaasje as de gemeente, it byld ynpakt en fuortbrocht. Dat moast ús yn Zaanstad fansels net gebeure. De hiele operaasje Wolkers wie dochs al sa min útein set. De keunstkommisje Zaanstad hie in tekening krigen, in ûntwerp fan Jan Wolkers foar it Den Uylbyld. Nee, dat stie harren mar min oan, dat moast mar ris net, sa advisearre dit hege kolleezje it oare kolleezje. In pear dagen letter stie dat advys mei de tekening fan de ‘mislearring’ op de foarside fan de Vokskrant. Hoe wie it mooglik, in keunstkommisje wol Jan Wolkers net. In skandaal.

Meastentiids docht it kolleezje fan boargemaster en wethâlders wat sokke wize minsken foarstelle. Diskear net. It klupke keunstleafhawwers krige in brief mei tank foar it advys en Jan Wolkers in brief mei de opdracht foar it byld. En no wie it hast safier, fandêr dat ik, as gemeentefoarljochter, in ynpaksesje ‘à la Apeldoorn’ mar efkes yn’t foar wêze woe. En ik fûn it sels ek o sa nijsgjirrich om Jan Wolkers nei Zaanstad te heljen. De man wie in masterferteller. Ik hie earst alris oan syn frou Karina frege oft er it dwaan soe. ‘Tantsje’, sizze se leau ik yn it moaie geve Frysk. Karina twifele: “Vraag hem maar.” En jawol, Jan Wolkers woe it graach dwaan.

Jan Wolkers en syn byld. De seal siet grôtfol. Wachtsjend op de skriuwer, keunstner. Dy hie it noch net yn de holle. Hy stie noch noflik mei wat minsken yn de seal te praten. Nei wat oantrunen fan my gie er op it poadium ta. Hy fertelde en fertelde. Oer dy boargemaster fan doetiids, fan Zaandam. Dy woe ek in byld fan him hawwe. “En dan bespreek je dat met die burgemeester. Ik liet hem een ontwerp zien. De burgemeester vond het goed. En ik kon aan het werk. Zo ging dat vroeger.” Hy ûnderbruts syn taspraakje mei it typyske Jan Wolkers ‘heeeee’. It boadskip wie dúdlik: fuort mei al dy keunstkommisjes. Lit der mar ien man oer beslisse, de boargemaster.

Oan ‘e ein fan syn ferhaal woe er ús noch eefkes meinimme nei Grinslân. Dêr stie ek in byld fan him. Om’t it al in hiel skoft lyn wie dat er it makke hie, woe er dêr op in moaie dei ris hinne om te sjen hoe’t it der by stie. “Toen dat beeld geplaatst werd, was er alleen maar groen, de huizen moesten nog gebouwd worden. Nu stonden al die huizen allemaal om het beeld heen. De mensen zagen mij, ze herkenden mij. De ramen van die woningen gingen open, mensen staken hun hoofden naar buiten of ze kwamen op balkon. Plotseling begint er één te klappen, toen noch één en tenslotte applaudisseerde het hele plein. Dat vond ik heel mooi.” De Zaankanters sloechen de hannen ek op elkoar, sy woenen fansels net ûnderdwaan foar dy Grinslanners dêr yn it fiere noarderleech. Ja, ek sy fûnen it in moai byld.

Tegearre mei de wethâlder foar brêgebou en oare swiere saken binne wy troch Jan Wolker útnoege foar in dei op Teksel. Samar, út de aardichheid. Der is wat moais ûntstien tusken Wolkers en Zaanstêd. Jan en Karina komme sa no en dan efkes oer. Der is in besite oan de glêsfabryk, dêr’t it byld makke wurdt. En Wolkers iepenet yn jannewaris 1991 yn Zaandam it Monumento Urbano fan de Italiaanske arsjitekt Aldo Rossi.

As iepening knipte Wolkers in tweintich meter lange banda rossa troch of sa as syn beide soannen Bob en Tom sabeare skriuwe yn de NRC rubryk ‘Wat wij zien en horen’: “Hij knipte een breed rood lint door dat om het hele gebouw geslingerd zat als een mini-rokje.” En om de jonges noch efkes oan it wurd te litten: “’s Avonds hebben we met mensen van de gemeente Zaanstad gegeten (…). Wij kropen onder de tafel door bij het verstoppertje spelen, want wij mochten daar alles. En zo nu en hoorde je een kreet van een van de gasten als je tegen zijn benen stootte zodat er bijna een sate met het scherpe bamboepuntje zijn keel in schoot.” Jan Wolkers romantisearret hjir neat, de hiele jûn wienen beide jonges op, ûnder en by de tafels op paad en hiene, wat je neame kinne: lol.

Zaanstad fersoarge Wolkers op alle mooglike manieren. By sa’n iten yn in restaurant fan in partijgenoat fan de wethâlder brêgebou, kaam it praat op Willem Kloos. De dichter. Trije jier lang ha ik yn de hjerst it gedicht ‘De bomen dorren in het laat seizoen en wachten roerloos de nabije winter’ opsein. By de lessen Nederlânsk op de Kweekskoalle op it Hearrenfean hearde it no ien kear sa dat je in gedicht út de holle leare moasten. Ik hie ien gedicht útsocht, júst, fan dy Willem Kloos. “De bomen dorren in het laat seizoen,” begûn ik. Ik koe it noch. Moast ek wol want yn de jierren nei de earste oplevering fan de ‘dorrende bomen’ ha ik it gedicht noch in pear kear opsein. De learaar wie it ferjitten tocht ik. No ja, by de tredde kear sei er: “Heb ik dat al niet eens eerder van jou gehoord?” No die dy grutte ynspanning fan my, om it wurk fan Kloos te masterjen, fertuten. Ik begûn mei ‘De bomen dorren in het laat seizoen’ en ynienen foel Jan Wolkers my by. It duo Brolsma-Wolkers die Kloos efkes. Alle fiif kûpletten, it komplete wurk. En hoe. Ik wie ferbjustere dat it stomme gelear op de Kweekskoalle dochs noch wat opsmiet.

Op Pomona kaam it net oan gedichten ta. Wy waarden meinommen troch it hûs. De doarren fan alle keamers waarden iepene. It atelier mei syn typemasjine dêr’t it grutte wurk ûntstie. De eks badkeamer, no argyf. “Daar berg ik alle kritieken op. Ook smerige verhalen, leugens, alles zit er bij. En als een journalist dan eens komt voor een interview heb ik alles bij de hand voor een ‘goed gesprek’.”

Yn de tún rattelet Jan Wolkers de nammen op fan de blommen om ús hinne. Der iepenet him in wrâld foar my. No ja, iepenje, ik ha nea immen west fan blomme nammen en sa. As ik al die kleuren yn it lân sjoch fyn ik dat hiel fyn, mar om dat guod allegearre by de namme te kinnen, wêrom soene je?

By de fiver yn de tún fertelt Jan Wolkers mei in protte wille hoe’t der hjir mei in ploechje froulju yn it wetter omsprong. We begrepen it boadskip: it libben fan in keunstner is net allinnich mar lijen. Sokke springpartijen yn it wetter, dat bringt libben yn it bestean fan in skrepper en skriuwer.

As it byld pleatst wurdt op 22 november 1990 binne Jan Wolkers en Karina der by. Ik ek.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels