fotografy: Jorrit Lousberg

It swurd fan (immen oars as) Grutte Pier

RICHARD DE  BOER – 

It Fries Museum joech earder dit jier it swurd fan Grutte Pier de haadrol yn ‘e striid foar it bemasterjen fan ‘e Museumprijs. As pr-stunt kaam der sels in fiktive claim op te lizzen. Mar de fraach oft it ûnbidich grutte âld swurd no wol echt fan Pier Gerlofs Donia west hat, wie fierder gjin tema. Wylst no krekt dêr in hiel ferhaal efter sit.

Reinder Politiek iepenet de doar fan ‘e monumintale Laurentiustsjerke yn Kimswert. De 81-jierrige pensjonearre boer en doarpskronikeur liedt my troch syn fertroude tsjerke, lâns de ryklik ornamintearre grêfsarken op ‘e flier, fan Heemstra’s en Bonga’s, allegear famyljeleden fan Grutte Pier.

‘Sju,’ seit Politiek, wylst er wiist nei in âld sânstiennen grêf yn it koar, ‘dêr leit de pryster dy’t Grutte Pier doopt hat.’ In pryster mei de namme Johannes, ferstoarn op Sint-Vitusdei 1486. Syn grêfstien waard ûntdutsen by de restauraasje fan ‘e tsjerke yn 2011. ‘Doe’t Grutte Pier geboaren is, wie dizze man de pryster fan Kimswert.’

 

‘Het zwaard van Grutte Pier is duidelijk een bearing sword, een ceremonieel voordraagzwaard.’

 

Dan it trepke op nei boppe yn ‘e tsjerke, dêr’t terpfynsten en oare lokale bysûnderheden útstald lizze. Der leit ek in stiennen kanonskûgel by dy’t oan ‘e Winkelsterleane, op it lân dêr’t Grutte Pier syn pleats stie, fûn is troch de hjoeddeiske bewenner. ‘Neffens in archeolooch moat dat in kûgel út Pier syn tiid wêze’, ljochtet Politiek ta. Faaks in taastbere tsjûge út ‘e dagen dat Pier syn pleats en de Kimswerter tsjerke yn ‘e brân stutsen waard troch Saksyske troepen.

Kimswert soe ek in swurd fan Grutte Pier hawwe, mar dat is in hiel oar ferhaal. It swurd dat hjoed-de-dei yn it doarpshûs oan ‘e muorre hinget, hat de eardere kastlein fan ‘e doarpsherberch De Greate Pier meitsje litten, wit Politiek. ‘Foar dy tiid wie der hjir gjin swurd te finen.’

 

Een vleugje fictie
Nee, it echte swurd leit fansels yn it Fries Museum. Om krekt te wêzen yn ien fan ‘e fitrines fan ‘e tentoanstelling ‘Ferhaal fan Fryslân’. Doe’t it noch heech yn ‘e útstalling hong, rûn mannichien der straal oan foarby. Dêrom leit it no sa likernôch oan ‘e fuotten fan ‘e besiker.

Earder dit jier hie it swurd de haadrol yn in bombastyske multymediale pr-kampanje fan it museum. Under de kop ‘Friesland raakt zwaard Grutte Pier kwijt’ melde nijsbloch Suksawat yn maart dat it museum in claim op it swurd ûntfongen hie fan in advokatekantoar út ‘e Feriene Steaten. In Amerikaanske neikommeling fan in neef fan Grutte Pier, Wijerd Jelckama, soe it as rjochtlik eigner opeaske hawwe. It Fries Museum stelde yn in reaksje dat dit in saak wie dy’t alle Friezen oangiet. Al gau dûkten der allegear YouTube-filmkes op fan Friezen dy’t it bekende sechje ‘Bûter, brea en griene tsiis’ opseine.

It doel fan ‘e ludike kampanje, sa bliek al gau, wie om yn koarte tiid safolle mooglik Friezen stimme te litten op it museum foar de BankGiro Loterij Museumprijs. En dat hat ek wat opsmiten, want it Fries Museum wûn de priis – in som fan hûnderttûzen euro. De fiktive claim op it swurd fan Grutte Pier wie dus eins ynset as lokkebrea. Hoewol’t de reguliere Fryske media it foar it grutste part net oppakten, soe it ferhaal neffens it Fries Museum mear as 140.000 minsken berikt hawwe.

‘Wat een museum vandaag de dag doet is niet objecten tonen, maar verhalen vertellen’, seit Femke Haijtema, haad kommunikaasje fan it Fries Museum. ‘En het verhaal van Grutte Pier staat als een huis.’ Pier syn swurd waard foar de kampanje keazen, om’t it as in ikoanysk foarwerp Friezen op harren sjauvinisme en grutskens oansprekke koe, leit Haijtema út. ‘Daarmee wilden we mensen bewust maken van hun geschiedenis en het Friese erfgoed onder de aandacht brengen. De feiten vermengden we met een vleugje fictie om het verhaal de wereld in te krijgen. We dachten dat men het verhaal wel met een korreltje zout zou nemen, maar het werd in groten getale voor waar aangenomen.’

 

In kriichstrofee
Oft it swurd sels no winliken fan Grutte Pier west hat, wie fierder gjin tema yn ‘e kampanje fan it Fries Museum. Ek al kin dêr in hiel ferhaal oer ferteld wurde. De eardere museumkonservator Nanne Ottema bygelyks, hie dêr yn syn tiid alris twivels oer útsprutsen. En eins kin elkenien op it earste each wol sjen dat in izeren swurd fan 2,13 meter en 6,6 kilo dreech te hantearjen is, sels foar in grut man, lykas Pier Gerlofs Donia neffens de oerlevering wie.

Skiedskriuwer Jacob J. Kalma, auteur fan Grote Pier van Kimswerd (1970), dat noch hieltyd de meast yngeande stúdzje fan de histoaryske en legindaryske 16de-iuwske strider is, hat him yndertiid oer dy kwestje bûgd. Hy dûkte djip yn ‘e argyfstikken en de kriichsliteratuer, hie korrespondinsjes mei saakkundigen en foar it Fries Genootschap joech er yn 1953 in lêzing oer it tema.

Dat Pier in grut swurd hie, is op himsels oannimlik, om’t kronykskriuwer Eggerik Beninga al om 1550 hinne oer in swurd fan Pier berjochtet, ‘welck sweert he na syn sterckheit heft maken laten, dat em gekostet heeft twaelf cronen.‘ It swurd dat yn it museum leit, hawwe Kalma syn ynformanten C.A. Hartmans en Heinz R. Uhlemann datearje kinnen as út Pier syn tiid, fan sirka 1500. Mar se wiisden tagelyk op in Dútske oarsprong fan dat type twahânsswurd, dat ek wol Zweihänder of Bidenhänder neamd wurdt. It soe nei Fryslân meibrocht wêze kinne troch in Dútske Doppelsöldner, in bedreaun hiersoldaat dy’t mei sa’n mânsk swurd in bres slaan koe yn fijanlike linys. Kalma wie dêrom fan betinken dat it hjoeddeiske museumstik net Pier syn eigen swurd wêze koe, mar mooglik in kriichstrofee dy’t er op sa’n Doppelsöldner ferovere hat.

En miskien wie it swurd net ferovere troch Grutte Pier, mar troch Wijerd Jelckama alias Grutte Wierd – dy’t wierskynlik net Pier syn neef wie, mar al syn opfolger. Wylst Pier him út ‘e striid weromluts en yn 1520 yn Snits op syn bêd ferstoar, sette Grutte Wierd de striid noch inkelde jierren troch, oant er yn 1523 yn Ljouwert ûnder it beulsswurd einige. Soks soe dan neffens Kalma ferklearje kinne hoe’t it swurd net yn Snits, mar yn Ljouwert bedarre is. Wol is yn Snits in helm te finen dy’t oan Pier taskreaun wurdt, mar dy hat mooglik de eardere stedsskutterij taheard.

Kalma hat him de holle brutsen mei ferskate nuveraardichheden dy’t it swurd fan Grutte Pier eigen binne. Sa wykt de útsûnderlike lingte fan 2,13 meter tige ôf fan oare Zweihänder út dy tiid, dy’t yn ‘e regel net langer binne as twa meter. De mysterieuze ynskripsjes op ‘e kling – in dûbel smidsmerk, it opskrift ‘INRI’ en in biskopsstêf – soene neffens syn ynformanten ferwize kinne nei de wapensmidden fan Passau of dy fan Solingen. En de achtkantige knop soe neffens Hartmans ‘een ondeskundig toevoegsel van veel latere tijd’ wêze.

Wat it swurd no eksakt wêze kin en oft it überhaupt wol brûkt is as slachswurd, dêr kamen de eksperts net út. ‘Ik geloof niet dat U verder komt’, skriuwt Hartmans op 6 jannewaris 1953 yn syn lêste brief oan Kalma. ‘Alleen zou het interessant zijn, de verschillende wapens met soortgelijke merken eens naast elkaar te kunnen zien.’

 

Bearing sword
‘Tsja, die correspondenties dateren uit de tijd dat er nog geen internet was en iedereen zich maar wat uit het hoofd uit gelezen boeken moest herinneren’, seit wittenskipssjoernalist Carl Koppeschaar oer Kalma syn ûndersyk fan mear as sechstich jier lyn. Koppeschaar, in betûft swurdekenner en -samler, slút net út dat Grutte Pier it twahânsswurd rôve hat fan in hiersoldaat fan it Saksysk bewâld, mar de provenance fan it swurd fertelt neffens him in oar ferhaal.

It mei dan wol in fierstente grut slachswurd wêze yn ferliking mei in trochsnee Zweihänder, mar kin just goed pleatst wurde by in oar type swurd. ‘Het zwaard van Grutte Pier is duidelijk een bearing sword,’ mient Koppeschaar, ‘een ceremonieel voordraagzwaard dat bij processies en andere officiële gelegenheden werd gebruikt als symbool van de macht. Het Vaticaan gebruikt ze nog steeds.’

 

‘It fuortsterkjen fan de mytefoarming docht yn myn eagen de leauweardigens fan it museum ûnderstek.’

 

Koppeschaar is der wis fan dat it swurd út ‘e biskoplike wurkpleats yn Passau komt, om’t de biskopsstêf op ‘e kling dêrnei ferwiist. De achtkantige knop is dêrby wol wat nuver. It is net fan lettere datum, sa’t Hartmans yndertiid tocht, mar tsjut lykas de platte parearstang op in Ingelske kontekst. ‘Die knop vind je op nagenoeg identieke bearing swords die in Engeland zijn te vinden. Duitse en Oostenrijkse tweehanders hadden peervormige of ronde pommels.’ Sa binne yn ‘e Toer fan Londen twa soartgelikense grutte swurden fan 2,27 en 2,31 meter te finen mei sa’n knop. Dy swurden, dy’t ek út Passau wei komme, wurde taskreaun oan de 15de-iuwske Ingelske keningen Henry IV en Henry V.

Yn ‘e Westminster Abbey yn Londen leit in 2,21 meter lang swurd, ek mei in achtkantige knop, wit Koppeschaar. Dy soe neffens de leginde fan de 14de-iuwske kening Edward III west hawwe. Koppeschaar: ‘Gezien de gelijkenis met het zwaard van Grutte Pier lijkt me dat veel te vroeg. Ergens tussen 1420 en 1520 lijkt me een betere schatting voor deze voordraagzwaarden.’

‘It idee dat it swurd fan Grutte Pier in fjochtswurd is, strykt mei de populêre opfetting oer hoe’t der mei swurden fochten waard yn ‘e midsiuwen, nammentlik hurd op mekoar ynhuffe’, seit histoarysk antropolooch Han Nijdam fan ‘e Fryske Akademy. ‘It ûndersyk fan ‘e lêste desennia nei midsiuwske fjochthânboeken, de Fechtbücher, en it praktysk rekonstruearjen fan dy techniken litte lykwols sjen hoe avansearre en yngewikkeld dit wie. Swurden dy’t swierder binne as sa’n trije kilo waarden yn ‘e regel seremonieel brûkt en net bedoeld foar yn in gefjocht.’

Koppeschaar hâldt lykwols in slach om ‘e earmtakke dat Grutte Pier it swurd dochs brûkt hat: ‘Misschien heeft hij zo’n grote tweehander met zich meegevoerd ter afschrikking. Ik sluit dat niet uit, omdat ik zo’n groot en vroeg gedateerd zwaard als dit in de hand heb gehad. Ik heb ermee gezwaaid en kon het als handelbaar betitelen.’ Dat swurd, dat sûnt 1875 yn besit is fan it Rijksmuseum en yn it depot yn Lelystêd leit, is 2,06 meter lang en hat lykas Pier syn swurd in achtkantige knop.

Ynienen falt him ek in bearing sword yn ’t sin dat er yn 2012 yn it Higgins Armory Museum yn it Amerikaanske Worcester sjoen hat. Dat swurd, dat it museum yn 1932 opkocht út ‘e kolleksje fan ‘e Newyorkske bankier en keunstsamler Giovanni P. Morosini, is mei syn 2,12 meter en 6,66 kilo sa goed as identyk oan it swurd fan Grutte Pier. De achtkantige knop en de ynskripsjes op ‘e kling komme folslein oerien, allinne de greep is net mei geitelear, mar mei read fluwiel bedutsen.

Sa liket it swurd fan Grutte Pier oer de wrâld hinne famyljeleden werom te finen.

 

Twee blanke zwaerden
De fraach bliuwt hoe’t in seremonieel prosesjeswurd yn Fryslân bedarre wêze kin. De histoaryske boarnen lykje dat riedsel net maklik oplosse te kinnen, hoewol’t Nijdam it net ûnmooglik achtet dat it swurd in seremoniële funksje hie yn it eartiidske Hof fan Fryslân. Neffens in brief fan ‘e gelearde Ubbo Emmius út 1595 wie der yn it Hof in swurd fan Grutte Pier (‘de ense Longi Pieri in curia‘) te finen.

Yn 1725 wurdt it swurd troch François Halma yn it portaal fan it Ljouwerter riedhûs sjoen, tegearre mei in twadde swurd. Halma hat it oer ‘twee blanke zwaerden van eene ongemeene lengte, die lange Pier en zijnen Neef gevoert zouden hebben‘. Dat swurd fan Wierd dûkt yn lettere boarnen net mear op. Wol soe der neffens in skiednisboek út 1785 in grut swurd lizze op it Camminghaslot op It Amelân, ‘dat gemeenlijk voor een Zwaard van Grooten Pier wordt gehouden’. Dat slot is lykwols ôfbrutsen yn 1828 en fan it Amelanner swurd is neat weromfûn.

It iennichst oerbleaune swurd fan Grutte Pier wurdt yn 1883 yn brûklien jûn oan it Fries Museum, dêr’t it yn ‘e rin fan ‘e tiid útgroeit ta kroanjuwiel en kaaistik. By de iepening fan it nije museum yn septimber 2013 spile it swurd in sintrale rol. Nijdam is fan betinken dat it museum fierstente folle gewicht takent oan it swurd fan Grutte Pier. ‘Dêrtroch liket it as moat it wol it echte swurd wêze. It fuortsterkjen fan de mytefoarming docht yn myn eagen de leauweardigens fan it museum ûnderstek.’

In beskiedend momint yn ‘e mytefoarming wie neffens Jacob Kalma it befrijingsjier 1945. Foar dy tiid waard it museumstik noch mei foarbehâld oantsjut as it swurd dat neffens de leginde oan Grutte Pier taheard hat. Mar dat feroare yn 1945, doe’t der halje-trawalje in Ingelsktalige brosjuere makke wurde moast foar de Kanadeeske befrijers. It swurd waard doe planút delset as ‘the sword of Great Pier, the Frisian champion of liberty‘. Dy dúdlike taal oer it komôf fan it swurd kaam ek yn lettere museumkatalogy werom en liket yntusken in status fan fanselsheid krigen te hawwen.

‘Der bestie al hiel lang in ferhaal oer Grutte Pier en syn swurd’, seit Nijdam. ‘Neffens my is dat ferhaal úteinlik ferbûn oan dit objekt, dat no as it swurd fan Grutte Pier presintearre wurdt. It Fries Museum moat it echt it hiele ferhaal fan dit swurd fertelle.’

Mar sels dan miskien sil Kalma syn oanmerking fan tapassing bliuwe ‘dat it greate publyk hyltiten wer kiest foar de opfetting, dat it swurd echt is’.

 

Richard de Boer (1976) is freelance sjoernalist en publisearret ûnder oaren yn De Volkskrant. Hy is ek warber yn ‘e kommunikaasje by de Fryske Akademy.

Earder publiseard yn de Moanne, 14 (2015) 5 (septimber), side 16-21

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.