Gysbert 2015: Leo Popma

Publisearre op 15 mei 2015

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen.

 

Hoe soenen jo jo nominearre boek yn ien tweet (140 tekens) omskriuwe?
âlde leafde flammet op yn in lânhûs oan see. mar #de treinkaping hat syn slopende útwurking net mist. wat in libbens. @ sirkwy.nl/titel/906

Hokker boek of hokker ferhaal soenen jo begjinnende lêzers fan jo oeuvre oanrikkemedearje?
Himelsk Ferwulf; ferhalen (oer reizen en tipelsinnich folk, oer oarsprong en delgong, oer dreamen, ferbylding en yllúzjes).

Wa binne jo literêre helden?
J.M. Coetzee, Albert Camus, John Williams, Martinus Nijhoff, Anton Koolhaas (de diereferhalen), Tommy Wieringa … (deikoers fan 25/5/15)

Wurdearje jo in nominaasje? Is soks foar in skriuwer fan belang?
Ja, ja, fansels. Oer in skriuwer syn wurk moat songen, swetst en beard wurde, dat hâldt de moed der wat yn. Dat lêste moat er sels, it earste lit er better mar oan oaren oer dy’t mear distânsje hawwe en it witte kinne. It moat gjin apedûns wurde yn in sirkustinte. Mar fierders, nominearje mar ta.

Wa fertsjinnet de priis?
Wa’t de foarsjennichheid wol en it lot goedgunstich is.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels