Frijwilliger yn ’t ljocht: Harold Hesselink

Publisearre op 14 mei 2015

SUSANNE BENSDORP – 

Hast alle dagen is Harold te finen by Tryater. Hy wurket nammentlik mei oan de foarstelling Untsnapping nei it fiere easten. Dizze foarstelling spilet alle wurkdagen, útsein woansdeis, op ‘e souder fan it Tryatergebou en ûntfangt dêrmei sa’n 450 bern yn ‘e wike. Harold fangt dizze bern op en wiist har it paad.

Harold is no sa’n fiif jier aktyf frijwilliger by Tryater. Harold: ‘Eartiids fûn ik it Frysk mar neat, ik fûn it in lytse, bekrompen mienskip. Ik kom sels út Ljouwert. Op ‘e sosjale akademy kaam ik yn oanrekking mei Frysk pratende minsken en doe kaam ik der achter dat it foar Fryske minsken hiel ferfelend is as se har eigen taal net prate kinne, grif om’t it echt in gefoelstaal is. Dêr kaam myn belangstelling foar Tryater wer nei boppen. Ik ha der doe net lyk wat mei dien, mar doe’t ik út it wurk rekke, wie Tryater it earste dêr’t ik oan tocht. Ik hie neat mear te dwaan en ik woe wol ûnder de minsken.’

 

As wy it net dogge, dan bard it ek net, dêr is gjin jild foar. Ik sit hjir op myn plak en ik fiel my wurdearre.

 

No mei Untsnapping nei it fiere easten wurket Harold in soad mei bern. Dat docht hy graach en hy fynt ek wichtich. ‘Ik fyn dat der in soad ûntwikkeling yn it jeugddiel fan Tryater sit’, seit Harold. ‘Eartiids wist ik net dat der safolle foar de jeugd dien waard. Der wurde hieltyd faker edukative programma’s oanbean oan skoalbern. Dat fyn ik ek wichtich, want yn in soad húshâldings is gjin jild om dit soarte kulturele dingen te dwaan. Op dizze wize komme bern dochs yn oanrekking mei teater.’

Neist publyksbeglieding by Untsnapping nei it fiere fasten hat Harold ek in protte yn ‘e provinsje west mei reisfoarstellingen om kaarten te kontrolearjen, wie hy sjauffeur by De IIsfoarstin, stiet hy faak achter de bar en hy hat in skoftsje húsmaster west by Tryater. Fansels giet Harold ek in soad nei foarstellingen fan Tryater. ‘Ik fyn dat der sa prachtich spile wurdt. Ik bin suver hast oandien as ik wer in stik ha sjoen. Lêstendeis wie ik by in try-out en dan realisearje ik my dat ik it hartstikke aardich fyn om by dizze klup te hearren, om hjir diel fan út te meitsjen. It binne mar lytse dingen dy’t ik doch, mar it is wol ûnmisber. As wy it net dogge, dan bard it ek net, dêr is gjin jild foar. Ik sit hjir op myn plak en ik fiel my wurdearre. Ik bin grutsk.’

 

Wolst lykas Harold ek frijwilliger wurde by Tryater? Stjoer in e-mail nei h.kronemeijer@tryater.nl of belje nei 058-2882335. 

Dit artikel is skreaun ta eare fan it 50 jierich jubileum fan Tryater en komt út de spesjale útjefte fan de Moanne: Tryater 50 jierde Moanne sjocht nei Tryater fan hjoed-de-dei. Hoe wurdt it selsskip skerp holden? Wat binne de driuwen en oanfiterjende dreamen dy’t binnen dit selsskip libje? Dizze Tryater-special is ferstjoerd nei alle abonnees fan de Moanne en de Freonen fan Tryater.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]