Formule ien akteurs yn in DAF 55

Publisearre op 28 april 2016

RYNK BOSMA – 

As twa fûgels op de wjukken fan de wyn, sa natuerlik fleagen Ali Zijlstra en Lourens van den Akker oer it toaniel yn de foarstelling ‘It famke en de twiveler’ fan Tryater yn de Einekoer yn Ryptsjerk. Oardel oere lang sûnder skoft wurde de minsken meinaam yn it ferhaal fan Geerte en Johan dat yn de jierren fyftich yn Amearika in Broadwayklassiker wie. Mei de leafde as sintraal tema.

 

Elts seach it formaat fan de twa formule ien akteurs, en dan is it miskien net slim dat sy yn in DAF 55 rieden.

 

It famke, better soe wêze in frou want mei 28 jier binne je gjin famke mear, is as dûnseres net slagge en twivelt oan alles, mar benammen oan har sels, “Bin ik te dik?” En dan moetet sy Johan dy’t har ynflústert “Do bist de fûgel, ik de wjirm, goed foar dyn dieet.” Hy sit mei syn 33 jier yn de ‘jaren des onderscheids’ sa’t Jean Paul Sartre dat ea opskreau en it wurdt tiid foar ferantwurdelikheid nimme. Wat dat oanbelanget komt Johan der net sa goed ôf. Hy is de twiveler sûnder dat hy ek mar in kerreltsje sympaty opwekke kin. Hinkeljend mei de iene foet yn de bokse fan in fêstrûn houlik en de oare fertiisd yn de bokse fan in nije relaasje.

Trettjin jier lyn kaam hy syn frou tsjin, fjouwer jier letter stapte hy yn it boatsje en waard de folgjende njoggen jier tige goed fersoarge mei in rike skoanheid as ‘bonus’. Mar hy hat der neat fan leard, syn frou stapte in oare sliepkeamersdoar binnen en hy pakte syn koffers om wat nijs te begjinnen. En dan komt hy Geerte tsjin en docht krekt it selde as wat him earder oandien is, hy wol in studio foar har keapje sadat sy foar har sels begjinne kin.

Dat it allegearre mis giet komt foaral troch de dûbele aginda fan Johan. In egosintrise man dy’t Geerte beskuldigt fan ûntrou wylst sy fergiet fan de maagpine. In tryste ridder dy’t net by steat is it wurd leafde net mei in haadletter te skriuwen. Mar wol it wurd iensum te pas en te ûnpas brûke, tinke oan brêgen om by del te springen om sa in ein oan syn libben te meitsjen. Je soenen as taskôger hast sels de balstiennen wol om syn fuotten bine wolle om foar te kommen dat hy wer boppe wetter komt.

Leafde mei in haadletter wurdt pas echt skreaun troch it famke dy’t wit dat sy “Net fierder komt as de hal wylst de eks yn de wenkeamer sit.” Dat alles makket dat de emoasjes dy’t hearre by leafde mei in haadletter hingjen bliuwe en net oerslagge op de seal. En dan kinne je de leafde wol prachtich beskriuwe as ‘De wrâld sjen troch de eagen fan in oar’, mar de begeliedende fonken wurde útdoofd troch in al te Amearikaanse oerflakkichheid.

It is te folle it ferhaal fan ‘mijn vrouw begrijpt me niet’ fan de man dat miskien yn de jierren fyftich noch nij wie yn Amearika mar no sa folle bart dat je tinke ‘fertel my wat nijs oer de leafde mei in haadletter, dat oare wit ik wol.’

Dat alles nimt net wei dat Ali Zijlstra en Lourens van den Akker formule ien akteurs binne. Nim allinne mar dy sêne fan it útpakken fan dat kadootsje, wat in talint, wat in potinsje, wat in twaspan. Dat fûnen de minsken yn Ryptsjerk ek, de tiid fleach lykas fûgels op wynkrêft tolve. Elts seach it formaat fan de twa formule ien akteurs, en dan is it miskien net slim dat sy yn in DAF 55 rieden.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]