De fernuvering fan Wybo Smids

Publisearre op 15 maart 2017

RYNK BOSMA – 

It wurd fernuvering plopt as in koarkje oan ‘e ein fan in fiskersangel hieltiten wer boppe yn it libbenswetter fan de yn 1970 berne Wybo Smids. Nim it jier 2013 bygelyks, doe’t Smids meidie oan The 48 hours Film Project, in filmwedstriid dy’t yn 48 oeren klear wêze moast. “Der dienen sa’n 200 steden oan mei en de priisútrikking wie yn New Orleans. Wy krigen doe de priis foar ‘Best ensemble acting’ foar de film Fred’s last minute.” Smids wie der by: “Wy geane nea djoer op fakânsje, dus dan koe dit wol.” Smids hâlde de speech by de film en doe’t hy it letter werom seach kaam dat koarkje wer boppe: de fernuvering fan goh ha ik dat dien.

 

“Ik fyn it dreech om út myn komfortzône te kommen, om mysels sjen te litten of te bewizen en audysje te dwaan.”

 

Faak hâldt Smids fersiken om earne oan mei te dwaan ôf. “Ik fyn it dreech om út myn komfortzône te kommen, om mysels sjen te litten of te bewizen en audysje te dwaan. Ik wol my sels op myn eigen wize bewize en ha gjin grutte bek nedich foar in grutte rol.” Dochs rûn it healweis novimber 2016 wat oars doe’t Tet Rozendal him belle mei it fersyk mei te dwaan oan de Brekbere sirkel. In dei letter kaam Smids del en hy tocht ‘Jesus wat in soad tekst’. De oaren wienen entoesjast en Smids is no bliid: “Ik ha noait de kâns hân om nee te sizzen en ik bin no bliid dat dy fraach my ek net steld is.”

Dêr komt noch by dat ek broer Remko as technikus by de foarstelling belutsen is, “En ús mem fynt dat geweldich.” Want de beide âlders ha altiten in stipe west foar Wybo Smids, ha him al betiid yn ‘e kunde brocht mei it hout fan de toanielplanken. Smids wit it noch krekt, “It wie yn 1981 de earste kear dat ik by it iepenloftspul fan Jorwert kaam. Us heit spile mei en ús mem die de klean. Letter ha’k noch in kear meispile, ik leau yn 2007. Regisseur Tjerk Kooistra woe myn freondin Annemiek doe hawwe foar in rol en hat my doe ek frege omdat ik oars de hiele simmer allinnich thús sitte soe. Doe haw ik sein ‘Ik wol wol, mar net te folle tekst’. It moaie wie dat ik doe in Gouden Gurbe krige foar de bêste byrol.” Fan dat jier ôf spile Smids ûnder lieding fan Tjerk Kooistra faak mei.

Tafallichheden yn ferhaalfoarm dy’t it libben fan Smids fersiere lykas de slingers op in jierdei. It tafal fan de moeting op Flylân fan de yn 1945 yn Arnhem berne Derk Smids en Gerry Smids dy’t doe yn in kapsalon op Flylân wurke, berne yn 1944 yn Turns. Leafde foar it eilân, leafde foar de hoedster fan it hier en boppe al leafde foar de provinsje Fryslân. Nea wer nei Arnhim werom, wêr’t in griffermeard ferline lei dat sa gau mooglik fergetten moast wurden. In kursus Frysk en aktearen holpen Derk in ein op wei.

“Ik ha neat mei it leauwen”, sa seit Smids, mar hy sil yn syn tirade tsjin god en it âlde testamint yn de ‘Brekbere Sirkel‘ fêst efkes tocht ha oan de ‘vernederingen’ dy’t syn heit út namme fan it leauwen ûndergean moast. Oan dy kear dat syn heit him op sneins in kear siik melde foar tsjerke, want it wie syn jierdei en it krekt krigen brommerke wachte op him. It foarnimmen lekte út en op dy snein waard de heit fan bêd roppen nei bûten, doe waard syn nije brommerke foar syn eagen yn elkoar slein op de Dag des Heren. ‘Zo daar rij je nooit weer op’, sa sei de pake fan Wybo doe.

Nee dan beppe. “Faak ha ik it gefoel dat myn beppe op myn skouder sit as ik de goede minsken op de goede mominten tsjinkom. Is it tafal dat je krekt de goede minsken tsjinkomme of binne it de juste ferkearsbuorden op de krusingen yn dyn libben? Wa sil it sizze?” Ein jierren tachtich begûn Smids mei de meao, folge troch de vmbo, mar eins woe Smids wat ‘creatiefs’ dwaan yn in tiid dat de kompjoeter der noch komme moast foar it grutte publyk. Heit Smids sei tsjin de Kryst tsjin him “Jij moet aan het werk.” Yn de metaal nei it fabryk fan Theunis Bakker Metaalbewerking yn Winsum wêr’t Smids Theunis Bakker tsjin kaam. “Theunis en Lize Bakker ha geweldich belangryk foar my west. Fan Theunis ha’k it ûndernimmen leard.” Smids wie tige ûnder de yndruk fan de wize wêrop Bakker jonge staazjerinners yn de skoalbanken hâlde. “Dan sei hy tsjin dy jonges dy’t eins fan skoalle woenen ‘Sjoch dêr lizze 6.000 buizen en dêr moatte gatsjes yn boarre wurde, gean mar oan de slach’. Dy jonges protestearden fansels en dan sei Theunis ‘Kinne jimme alfêst wenne oan it wurk dat jim dwaan moatte as jim de skoalle net ôfmeitsje’. Geweldich fûn ik sa’n oanpak.”

Yn 1999 kaam dêr in ein oan, letter is it fabryk ûnder de namme Mannen van Staal nei Ljouwert ferhuze. Mar der kaam ek in ein oan in leafdesferhâlding dy’t nei tsien jier ophâlde doe’t Smids in oare relaasje krige. Smids kaam yn Frjentsjer terjochte, boppe in pizzeria en hy kaam eigner Frank Altena tsjin. Nei Bakker de twadde man dy’t tige wichtich west hat foar Smids. Sa stadichoan begûn hy in eigen bedriuw yn webdesign en de saaklike kontakten fan Altena holpen him moai op wei.

Mar ek Altena koe net foarkomme dat de twadde relaasje fan Smids fêstrûn. Wol holp hy Smids doe’t hy in ‘date’ hie yn Weidum. “Kijk neem deze rode wijn maar mee naar je date”, mei dy wurden liet hy Smids nei syn Peugeot rinne. “Mar de auto woe net starte, dat ik de garaazje belje. Fansels startte de auto fuort doe’t de man fan de garaazje it besocht. Mar ik sei, ‘Ik ha om healwei seizen in ‘date’ ik wol gjin risiko rinne’. Doe krige ik in nije Peugeot út de showroom type Partner mei 100 kilometer op de teller mei nei Weidum.”

Dy date wie Annemiek Schuurman. “De moaiste frou fan Noard Nederlân. Trije jier âlder as ik en dat ha’k ek nedich.” Wol kaam it koarkje fan de fernuvering wer efkes boppe wetter, “Wat moat sa’n geweldige frou mei my?” Oan de oare kant socht Schuurman in man ‘mei passy’ en dat wie Smids fansels wol. “Doe’t de buorfrou fan doe, Betty, yn Weidum de oare moarns de gerdinen iependie seach sy de Peugeot stean mei der dwers oerhinne de reklametekst ‘De nieuwe partner’.”

In frou, in eigen hûs yn Weidum mei it sicht op tsjerke en keatsfjild en in eigen bedriuw, sa set Smids it op in rychje. En fansels in eigen frijheid, “Ik hecht oan frijheid, mar wol yn in bepaalde struktuer. Mar je moatte elkoar in mate fan frijheid gunne.” ‘Studio Smids reclame internet video’ is de namme fan it bedriuw dat Smids sûnt 1997 hat en dat no in plak hat yn it âlde molkfabryk oan de Wielsterdyk. Mei in eigen muzyk/videostudio, ek al neamt hy himsels foaral in muzikant dy’t de muzyk as hobby hat.

Elke kear as it prachtige rauwe nûmer ‘Reade wyn’ fan it Iepenloftspul Bohemia yn Jorwert út 2011 foar de radio draaid wurdt, krijt Smids steefêst in appke fan mem mei de opmerking dat it wer foar de radio is. It nûmer is in fertaling fan in lied fan Bram Vermeulen en stiet al in skoft yn de Fryske top 100. En dan te betinken dat dy muzyk tige wenne moast, “Ik hie neat mei dy muzyk fan Vermeulen. Dat wie trouwens earst ek sa mei de countrymuzyk fan de Brekbere sirkel. Ik moast der oan wenne, mar no… dan sjoch ik my op in krukje dat nûmer Reade wyn sjongen foar sa’n fiifhûndert minsken en dan tink ik fan goh ha ik dat dien?”

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels