Fan âlde en nije boeren (1)

Publisearre op 18 november 2015

GERBEN DE VRIES – 

It is noch net sa hiel lang lyn dat de boeren oppermachtich wiene op it plattelân. Pleats nei pleats tsjûgje fan rykdom en wolfeart. De trekkers rieden noch drok troch it doarp en op merken en doarpsfeesten wie de boer grut man. De kâlde sanearing fan Europeaan Sicco Mansholt hie der foar soarge dat de lytse boeren ferdwûn wiene en dat der feitlik allinnich mar gruttere boeren oerbleaune. Dizze boeren foarmen meiinoar in soart fan plattelânsadel, lyts yn oantal mar grut oan ynfloed. Dochs wie it foar elkenien wol dúdlik dat dy aristokrasy noch net sa hiele âld wie, dat dy gjin ieuwenâlde woartels hie.

Oant djip yn de 19e iuw wiene der de measte bewenners fan de doarpen boeren en boerenarbeiders. Yn elts doarp wiene in pear grutte boeren, mar de measte agrariërs wiene lytsboer of boerefeint. Ien fan de wichtigste ferskillen mei letter wie dat hannelers it plattelan ofstrupten en de foarnaamste lanbouprodukten foar in prikje opkochten. Allinne ticht by de steden en stedsjes brochten boeren har produkten sels nei de merke. It ferskil mei no koe hast net grutter wêze.

Mei twa resint ferskynde boeken kin it grutte feroaringsproses fan it plattelân yn de 19e en 20ste iuw tsjin it ljocht holden wurde. Histoarikus Ronald Rommes publiseaarre yn 2014 ‘Voor en door boeren? De opkomst van het coöperatiewezen in de Nederlandse landbouw vóór de Tweede Wereldoorlog’ en sjoernalist Kees Kooman dit jier ‘Boerenbloed. Melkquota, megastallen en het verdwenen idyllische platteland’. De ynfloed fan koöperaasjes op de modernisearring fan it plattelân wie frjemd genôch earder noch nea op nasjonaal nivo ûndersocht en yn dat opsicht is it earste boek in eyeopener. Op it nivo fan de provinsje hie Fryslân oars al in standertwurk yn de foarm mei ‘De Friesche boeren-cooperatis in haar maatschappelijk verband. Een studie van gemeenschapsleven’. Mar dizze dissertaasje fan Teartse van der Zee datearret ek al wer ut 1933. En de foarnamme Teartse is fierders sawat útstoarn.

Ik soe weze kinne dat Rommes de studsje fan Van der Zee min as mear as praktysk útgongspunt nommen hat en dêr in soartemint theoretyske laach oerhinne lein hat. Van der Zee giet al wiidweidich yn op koöperaasjes op it mêd fan de oankeap fan feefoer, hynsten- en bolleferieningen, ûnderlinge fersekeringen, suvel, boerenleenbanken en ferwurking en ferkeap. Dizze eleminten beskriuwt en analysearrte Rommes fansels ek, mar no op nasjonaal nivo. It docht bliken dat de koöperaasje yn Nederlân, oars at altiten tocht wie, hielendal net sa´n let ferskynsel wie. Op beskieden skaal kamen oan’e ein fan de 18e iuw ôf oan al gearwurkingsferbannen foar, bygelyks op it terrein fan de kollektive brânfersekeringen. Wa’t oait ‘Kroniek van een Friese boer. De aantekeningen (1821-1856) van Doeke Wijgers Hellema te Wirdum’ lêzen hat, koe dat al witte. Rommes hat it boek net op syn literatuerlist setten.

Lange tiid waard tocht dat de opgong fan de koöperaasjes fan boeren en túnkers benammen troch de lânboukrisis (ruchwei tusken 1880 en 1895) feroarsake waard. Troch dy krisis soe der mear oanlieding west ha foar ûnderlinge gearwurking. Dat wurdt hjoeddedei as in wat al te ienfâldich andert op de komplekse matearje fan de koöperaasje sjoen. De rol fan de ‘marktmacht’ fan hannelers en fabrikanten spile net swak by. Tsjinoer in protte oanbieders (de boeren) stiene mar inkelde ôfnimmers (de hannelers en fabrikanten) en dit soarge foar wat wol ‘marktfalen’ neamd waard. De bûterkrisis bygelyks waard foar in grut part feroarsake troch de strieminne bûter dy’t nei it bûtenlân eksportearre waard en it gebrek oan kwaliteitskontrôle mocht de hannel him oanrekkenje. De grutte agraryske krisis soarge der yn earste ynstânsje krekt foar dat de oprjochting fan gearwurkingsferbannen fertrage waard, want de ferearme boerestan hie yn dy swiere jierren amperoan jild foar fierdere organisaasje.

Dochs setten yn de swiere jierren de boeren troch. Ien fan de wichtigste modernisearingen wie yndied de stifting fan koöperaasjes, om sa kwaliteitsprodukten te leverjen. Yn Fryslân wie de ‘Friesche Maatschappij van Landbouw’ (FML) de grutte motor achter de oprjochting fan koöperaasjes. Dat wurdt dan wol net mei safolle wurden sein troch Rommes, mar de namme fan dizze organisaasje dûkt hieltyd wer op yn syn boek. De FML waard yn 1852 oprjochte en wie yn it earstoan in klub fan benammen grutgrûnbesitters, adel en patrisiaat. Ien fan har, jonkhear D.O. Engelen, wiisde al yn 1875 op de grutte foardielen fan de koöperaasje, ûnder mear om de gemiddelde bedriuwsgrutte fan de boer op te fieren.

In kommisje fan de FML besocht trije jier letter Denemarken, Sleeswyk-Holstein en Sweden om te sjen oft bûter- en tsiisfabriken ek foar Fryslân in útkomst wiene. De kommisje fûn fan net, mar al yn 1879 waard yn Feanwâlden de foarste Fryske suvelfabryk oprjochte. Dit wie noch in partikluiere fabryk, mar yn 1886 folge de earste echte koöperatieve suvelfabryk, yn Wergea. Oars as it ferhaal wol, wiene de oprjochters grutte boeren, mei gemiddeld 31 molkkij. De monopolyposysje fan de suvelhannel wie yn in pear jier fuort en om 1900 hinne waard sawat alle molke ferwurke yn koöperatieve en partikuliere suvelfebriken.

It wie it begjin fan de fiktoarje fan de koöperaasje yn de lânbou. De FML hat ek op dit mêd in protte aktiviteiten op tou set. Nei de oprjochting fan bygelyks it Friese Paardenstamboek en it Fries Rundveestamboek (beide yn 1879) en ek de Suvelskoalle te Bolasert (1887) wie de maatskippij ek belutsen bij it ta stân kommen fan de Frico (1898, as de Friesche Coöpeatieve Zuivelexportvereeniging), de Friesland Bank (1912) en de Coöperatieve Condensfabriek ‘Friesland’ (1913). Johan Jacob Spahr van der Hoek en Obe Postma skreaune yn 1952 it boek ‘Geschiedenis van de Friese landbouw’, mei in soad oandacht foar de FML. No’t it archief fan de FML troch ynfentarisaasje krekt twa jier lyn ûntsletten is, is it faaks tiid om ris in nij ljocht skine te litten oer dizze nijsgjirrige maatskippij.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels