SKIMER

SKIMER

Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar harren betsjut de skimer in tuskentiid: alles is noch mooglijk. Foarút of achterút binne der net mear, yn skimer besteane meardere realiteiten neist inoar. 

Alles is mogelijk in de schemering van het noorden

Afgelopen zomer reisden vijf jonge Friese kunstenaars drie weken lang door IJsland. Ze lieten zich daar inspireren door de leegte en het kale, onstuimige landschap. José Witteveen (beeldend kunstenaar), Grytsje Schaaf (dichter), Tryntsje Nauta (beeldend kunstenaar en fotograaf), Heleen Haijtema (beeldmaker) en Grytsje Klijnstra (schrijver en grafisch vormgever) kozen de schemering, waarin realiteit en fantasie met elkaar verslingerd raken en alles nog mogelijk is, als uitgangspunt voor hun project SKIMER.

SKIMER: Brûzje

Fiif jonge Fryske keunstners reizigje op útnoeging fan Tresoar trije wiken troch Yslân, foar in projekt dat SKIMER hiet. Foar de Moanne dogge sy ferslach fan dizze reis, wêr Brûzje it earste diel fan is.

SKIMER: Konstruksje

Yn it lân dêr’t de hynderkes mei de sturt omheech troch ûnoantaaste natoer drave, it wetter like ljochtblau is as de sinne-ûndergongen roze en elts nij útsicht wer in ‘oeh’ of in ‘aah’ ûntlokket, leit it leaflike en it moaie foar it gripen. Mar as de ferve ôfblêderet, komt de rauwe wurklikheit oan it ljocht. Under it pastel fan Yslân ferdwine mannen op see, wenje yn elts doarp ‘Poalen’ yn treurige flats en binne libben en leafde earder pragmatysk dan romantysk fan aard.

SKIMER: Ûnmjitberens

Sa’n lân is sa dochs oars. Wy binne gjin toeristen, mar oan it wurk en dus mei in hiel oar each op paad. Fjouwer ferskate plakken moatte gau ynsichtelik makke wurde. De minsken, it lânskip, harren ynteraksje, it wenjen, it wurkjen, de ferhalen: foar elk fan ús falt der in hiel soad te heljen. En dan binne der ek noch kaders, yn de foarm fan in tiidsramt, de ferbliuwsplakken en fansels in projektplan. Foar de ien in segen, foar de oar somtiden in belemmering. Der is foar ús gjin bewiis nedich fan it 'Ik bin hjir west, sjoch mar'. We leverje mei ús wurk ommers gjin ôfdruk fan in yndruk, mar in eigen blik en ferdjipping.

SKIMER: Fisk(ur)

By de Yslanners sit fisk yn it bloed. Harren ekonomy draaide der op en oeral sjochst de fisk as symboal yn logo's en merken werom kommen. Op it stuit ferbliuwe wy yn it fiskersplak Bolungarvík, in doarp flak foar 'the end of the end' op de noardlike Westfjorden. Wat de fiskerij oanbelanget is Bolungarvík al sûnt 1400 ien fan de grutste boarnen fan Yslân west, dêr't de Denen en de Hollanders by gebrek oan regulaasje yn dy tiid ek goed gebrûk fan makke ha. At fiskers hjir oerlibben, koenen se oeral oan de bak komme.

SKIMER: Fitraazje

Foar de bewenners fan fiskersdoarp Bolungarvík is de isolearre lizzing fan harren wenplak in diel fan harren wêzen. We kamen ûnferwachts telâne op in famyljefeest in pear huzen fierderop. Beppe wie 90 wurden en de famylje fan 68 leden fierde dat op útlitten wize, mei lûde, falske seemansliederen en in soad fiskerslatyn. Foar de dei dernei waarden we útnoege foar it moarnsiten by ien fan de soannen.

SKIMER: Projeksje

Yn de leechte fan Yslân ferfaget de grins tusken ferbylding en wurklikheit. It helle ljocht yn de simmer en it tsjokke tsjuster yn de winter docht wat mei de fantasije fan de minsken. De wolken foarmje swarte plakken op de bergen en delten, yn it ljocht fan in leechsteande moanne krije rotsen gesichten en de hurde wyn hat somtiden in stim.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.