‘Dizze CD is it ferhaal fan Elske’

Publisearre op 1 december 2009

MARITA DE JONG – 

Twa en in heale wike hat sjongeres Elske DeWall (1985) út Ljouwert yn New York west om har earste cd op te nimmen. De measte tiid brocht se troch yn de studio. Fan de stêd hat se net folle sjoen. De earste single ‘Come see the end in me’ is yntusken útbrocht. Har debútalbum ‘Balloon over Paris’ folget begjin 2010. In wike neidat de sjongeres wer werom wie út Amearika hie ik in petear mei har op in sinnich terras op de Nijstêd yn Ljouwert.

‘Op it stuit wurdt de cd mikst troch producer Randy Crafton. Myn platemaatskippij Universal wurket in soad mei him. Sels hie ik in dúdlik byld fan hoe’t myn ferskes klinke moasten. Dêr ha we it mei Universal oer hân en de platemaatskippij wie fan betinken dat Randy syn opfettingen dêr goed op oanslute soene. Hy hat bygelyks ek de cd fan Room Eleven produsearre. Myn ferskes skaaie mear út nei de popkant. Ik moat sizze dat ik de klank fan syn cd’s wol hiel moai fyn. Hy nimt de stikken op de bân op, en dêrtroch klinke se hiel waarm. Op myn 18e skreau ik myn earste ferskes. Op de cd steane nûmers fan doe, mar ek guon dy’t ik foarich jier skreaun ha. De ûnderwerpen lizze ticht by my. Myn teksten kinne oer fan alles gean. In freondinne dy’t wat seit dat my rekket, in ferhaal fan in buorfrou, doku’s, neam it mar. As ik in goeie film sjoch ferpleats ik my yn in personaazje en meitsje der in ‘jij en mij’-ferhaal fan. Ik wol net prekerich wêze yn myn teksten, ik skriuw mear op in deiboek-eftige wize. Ik ha ek altyd opskriuwboekjes by my om moaie sinnen of wurden te notearjen. Teksten, wurden, dêr bin ik altyd mei dwaande.

 

Ik wol net prekerich wêze yn myn teksten, ik skriuw mear op in deiboek-eftige wize.

 

Ik bin berne yn Feanwâlden. Us heit is plysje en sljocht op syn trompet. Hy spilet by de Blauhúster Dakkapel en studearret alle dagen in oere. Us mem is sekretaresse, spilet piano en hat altyd yn koaren song. It earste live-konsert dat ik ea seach makke in soad yndruk op my. Ik hie allinnich mar each foar de sjongeres en hoe’t se de mikrofoan fêsthold. Myn suske Femke en ik stiene thús wol foar de spegel te sjongen mei de deodorantbus as in mikrofoan yn de han. Krekt echt. Myn earste serieuze optredens wiene tegearre mei Femke. Nei de Havo bin ik nei de Popakademy gien. Doe siet ik yn in bandsje dat spile op feesten en sa. Dat hat in goeie learskoalle west. As sjongeres moatst hiel goed lústerje nei wat de muzikanten dogge. Dochs koe ik dêr myn aai net kwyt en ha ik it beslút naam om myn ferskes te ûntwikkeljen. Ik ha in demo opnaam, dy’t mikst is troch Michiel Hoogeboezem. Hy wurket ek wol foar Universal en is mei de demo nei de platemaatskippij gien. Dêr wist ik neat fan. Se wiene drekt ynteressearre. It frjemde wie dat it as hiel normaal fielde. Ik wie wol bliid fansels, mar it wie krekt as koe ik it net hielendal befetsje. Se fregen my oft ik mei oare komponisten nûmers skriuwe woe.

 

Myn teksten skriuw ik yn it Ingelsk. Dat is de taal dy’t it bêste by my past.

 

Ik ha nei Londen en Stockholm west en ha dêr mei minsken wurke dy’t ek foar artysten as Pink en Natasha Beddingfield skreaun ha. Doe’t ik dêr foar it earst binnenstapte hie ik gjin idee hoe’t dat gean soe. Minsken dy’tsto hielendal net kenst en dan yn ien dei mei in liet komme, dat like my a mission impossible. Doe hie ik foar it earst it gefoel: no wurdt it serieus. Dy minsken binne echte breaskriuwers. Ik hie wol wat muoite mei dy druk, want ik woe de mannen net teloarstelle, fielde my ferantwurdlik. Sa fan: dit moatte hits wurde. Dat is fansels wichtich foar it opbouwen fan myn karriêre. It wiene gelokkich aardige, gefoelige minsken, dêr’t ik 10 oant 15 nûmers mei skreaun ha. Wat ik dêrfan leard ha, is dat fan alve oant seis wurkje wol wat opleverje kin. Wol of gjin ynspiraasje: skriuwe. Dat kaam my frjemd oan mar as ik dan jûns nei myn hotel gie, folge dy ynspiraasje soms fansels. Ik hie altyd it romantyske idee dat dy bysûndere mominten harren oantsjinje moasten. As dat dan safier wie koe ik de hiele nacht wol trochgean mei skriuwen. Je kinne troch hurd te wurkjen ek in sfear kreëarje wêryn’t dy mominten ûntstean kinne. Myn teksten skriuw ik yn it Ingelsk. Dat is de taal dy’t it bêste by my past. Ik ha altyd wat hân mei Ingelsk, it bekket goed, sjongt moai. De earste kear dat ik yn it Frysk song, wie yn it Leonard Cohen-projekt. Yn earste ynstânsje fûn ik syn songs swiere kost. Ik wie net hiel bekend mei syn wurk. It nûmer Hallelujah koe ik wol mar dat wie it dan ek. No’t ik mear fan syn repertoire ken en der langer nei lústere ha, bin ik behoarlik ûnder de yndruk. Dat Frysk sjongen is my goed befallen mar yn myn memmetaal skriuwe, dat is in oar ferhaal. Dat sil der wol net fan komme. It wie leuk en nijsgjirrich foar it projekt.

Op de cd stiet in nûmer fan my, in ballad, opnaam mei in lytse besetting. Dêr is in apart sello-arranzjemint foar skreaun. Doe’t ik dat foar de earste kear werom hearde, koe ik net leauwe dat ik dat sels skreaun hie. Ik wie doe echt grutsk, myn eagen stiene fol wetter. Sokke mominten duorje jammer genôch net sa lang.

 

Hoe’t it fierder giet, oft myn muzyk oanslaan sil, dêr bin ik net al te folle mei dwaande.

 

De earste wike waard de band opnaam. Ik wie der by en song as in soarte fan gids mei. De twadde wike wie ik oan bar en moast ik myn partijen ynsjonge. Nei dy earste wike sloech de twifel ta. ‘It moat wol goed’, tocht ik. De producer wie al entûsjast wylst ik in gefoel hie fan ‘ho, ho, it moat allegear noch’. Die sân dagen yn de studio, sûnder deiljocht, diene my gjin goed. Ik ha doe mei myn manager en Femke út te iten west. Lekker nei bûten, efkes de sinne op ’e kop. Dat hat goed west. Ik krige lêst fan ferkâldenheid en dat wylst my nea wat mankearret en ik nea lêst fan myn stim ha. Ik moast prestearje, it wie gewoan a state of mind. Doe’t ik op ’e nij de studio yn gie, wie der neat mear oan ’e hân, it gie hiel goed. Ik ha de stikken trije oant fjouwer kear ynsong. De bêste útfiering komt op de cd. De cd is it ferhaal fan Elske. De ynhâld fan de muzyk, dêr moat it oer gean en dêr wol ik muoite foar dwaan. Ik wol net heal neaken yn in fideoklip. Dat past net by my. Ik wol benaderbaar bliuwe, ik kin net in rol spylje en dat wol ik ek net. Hoe’t it fierder giet, oft myn muzyk oanslaan sil, dêr bin ik net al te folle mei dwaande. Foar my is it it wichtichste dat ik muzyk meitsje en optrede kin. Op it stuit binne we drok mei it plannen fan in Club Tour. En ik wol kommende simmer graach op festivals spylje. Wis is dat ik op 19 febrewaris yn de Skâns op ’e Gordyk te sjen bin en dêr sil ik ek nûmers fan myn cd sjonge. Ik spylje mei in fêste band. Myn sus Femke docht backing vocals, perkusje en spilet gitaar, en fierder bestiet de band út myn freon Sietse Huisman op drums, op bas Wytze van der Meer en op gitaar Peter Krako. Sietse ha ik moete op de Popakademy, dêr’t hy dosint is. Dat wy beide yn de muzyk sitte hat sa syn foardielen. Ik hoech my nea te ferûntskuldigjen as ik wer oer muzyk begjin. En ús tiden binne itselde, jûns faak op ’en paad, in ûnregelmjittich libben. Ik hâld dêrfan, libje op it rântsje. Sietse seach it drekt yn my sitten. It is hiel bysûnder dat je dy emoasjes dele kinne.

 

Wat my dúdlik wurden is, is eat dat ik al lang wit: skriuwe is it moaiste wat der is.

 

Wat my dúdlik wurden is, is eat dat ik al lang wit: skriuwe is it moaiste wat der is. En live sjonge, dêr soe ik ek net sûnder kinne. Dy studio-erfaring: dat is wer in oar soarte enerzjy. It hat in tiidsje duorre foar’t ik my thús fielde op it poadium. Ik besykje om noch tichter by mysels te kommen, ha it idee dat ik noch in hiel ein groeie kin. Guon mominten moat ik gewoan ûntstean litte en ik moat mear rêst yn mysels fine. Ik meitsje pop- en mainstream mar ik fyn ek dat it folwoeksen popmuzyk is. Der sitte mear lagen yn. Einliks is it hiel lestich om wat oer je eigen muzyk te sizzen. Foar’t je it witte, ha je der in etiket op plakt dêr’t je hast net wer fan ôf komme. Ik bin in singer-songwriter fan ‘soul’-folle pop. En dan bedoel ik gjin soul lykas dy fan Stevie Wonder, dy’t ik trouwens geweldich fyn. Yn myn muzyk sitte funky en gospel-ynfloeden en ik wurkje graach mei koarkes. Ik wol mysels net labelje mar ik neam it dochs popmuzyk. De cd is in momintopname fan mysels en ik hoopje dat in protte minsken harren mei myn muzyk identifisearje kinne.’

Foar mear ynformaasje, sjoch ek op: www.elskedewall.com

 

Earder publiseard yn de Moanne, 8 (2009), 10 (desimber), s. 6-9.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels