De keunst fan it finen

Publisearre op 12 augustus 2014

MARRIT DE SCHIFFART – 

‘Andere Tijden’, ‘In Europa’, ‘Na de bevrijding’, ‘Ramses’, ‘Het Koninkrijk’ en ‘Land van aankomst’, televyzjesjoggend Nederlân wurdt de lêste jierren bedoarn mei moaie histoaryske searjes. Hieltyd wer stiet dy iene namme yn de ôftiteling: Gerard Nijssen. De yn Feanwâlden berne Amsterdammer is byldresearcher en reizget stêd en lân ôf foar argyfbylden. Dêrmei skreau er al ferskate primeurs op syn namme. Sa fûn er bygelyks unike opnamen fan de ferloving fan Beatrix en Claus, in stikje kleurefilm fan de wettersneedramp fan ’53 en nije bylden fan de alvestêdetocht fan ’63. Gerard Nijssen oer de keunst fan it finen. 

Healwei it ynterview smyt er de fraach samar ynienen op tafel: oft ik miskien ek noch immen wit dy’t bewegende bylden hat fan Piter Jelles Troelstra fan foar 1917. Hy is nammentlik dwaande mei in searje oer de skiednis fan de arbeider. It is dúdlik, hjir sit in begeisterd man. Gerard Nijssen (1956) komt net gau los fan syn wurk. Hy stiet dan ek net foar neat bekend as Neerlands earste én bêste byldresearcher. Hieltyd wer komt er mei bysûnder materiaal, siket mei passy, en rêst net foardat er fynt wat er siket. Dat jildt ek no wer. De bylden fan Piter Jelles hat er nedich foar ‘De Strijd’, in tsiendielige searje oer de skiednis fan de arbeider. Dat programma, dat útstjoerd wurdt fanwege it 90-jierrich jubileum fan de VARA, komt yn 2015 op televyzje.

Freelancer Nijssen hat it drok. Neist ‘De Strijd’ wurket er op it stuit oan ferskillende oare projekten. Sa docht er ynternasjonale research foar Herinneringscentrum Westerbork, Kamp Vught en Kamp Amersfoort. En as fêste meiwurker fan ‘Andere Tijden’ is er allegeduerigen dwaande mei dat programma. Dêrneist is er noch op syk nei histoaryske bylden fan Ljouwert. Dat lêste is in projekt fan HCL en Fries Film Archief; dy komme yn 2015 mei in dvd-boks oer it Ljouwert fan de 20e ieu. Nijssen: ‘Datselde ha ’k ek foar Amsterdam dien. It smiet unike bylden fan de stêd op. It moaie oan sa’n projekt is datst de stêd letterlik feroarjen sjochst, krijst dus in goed byld fan de ûntwikkeling fan sa’n stêd. En dat is net it iennige, ek de ûntwikkeling fan de technyk komt dúdlik nei foaren, trochdatst bylden hast mei lûd, bylden sûnder lûd, bylden yn kleur en swart-wyt en gean sa mar troch.’

 

Tafallich yn it fak

Nijssen – twa broers en twa susters – waard berne yn Feanwâlden. Syn heit en mem binne skieden doe’t er acht moanne wie en fan dy tiid ôf moast de húshâlding rûnkomme fan de foarrinner fan de bystân. De ynteresse foar skiednis siet der al betiid yn. ‘Op de legere skoalle – wy wienen ûndertusken ferhuze nei Snits – krige ik yn de fjirde klasse les fan master Hoving, in entûsjaste ferteller fan skiednisferhalen. Ik fûn it machtich om nei dy ferhalen te lústerjen, hie sowieso honger nei kennis. As bern al lies ik alles wat los en fêst siet. Doe’t ik in jier as 14 wie, besoarge ik de Leeuwarder Courant, ûnderweis lies ik de artikels. Ek kocht ik sa no en dan losse eksimplaren fan De Groene Amsterdammer en harke nei VPRO Radio. Wêr’t dy ynteresse wei kaam? Ik wit it net. Us mem stimulearre my wol, joech my mei datst allinne út ús kringen komme koest troch te learen.’

It wie ûnmiskenber dat Nijssen skiednis studearje woe. It waard in oplieding oan de VL/VU, de universitêre learare-oplieding yn Amsterdam, en behalve skiednis keas Nijssen ek foar ekonomy. ‘Ik hie yn dy tiid in freondintsje yn Amsterdam en woe dus perfoarst nei Amsterdam ta te wenjen. Dat wie yn it begjin in enoarme oergong, fan Snits nei Amsterdam. Foaral op kultureel mêd fielde ik dat der in gat siet tusken my en myn stúdzjegenoaten. Ik wist net iens wa’t de kabaretgroep Neerlands Hoop wie…’

As learaar kaamst yn de jierren tachtich net maklik oan ’e bak. Dat hindere neat, want by it meitsjen fan syn doktoraalskripsje – oer hierstakingen yn de jierren 30 – waard dúdlik dat Nijssen syn hert net yn it ûnderwiis lei. ‘Yn dy tiid wie it populêr om in presintaasje te hâlden oer dyn skripsje, mar ik makke leaver in dokumintêre. Al sykjend nei bylden ûntduts ik dat der op dat flak in hiel terrein braak lei: ik kaam hieltyd deselde bylden tsjin, allegearre út it Polygoon. Mar as ik efkes fierder socht, fûn ik de moaiste dingen. It koe dus wol! Doe’t ik hearde dat der yn it bûtenlân profesjonele byldresearchers bestienen, woe ik dat ek.’

 

Unkonvinsjonele syktochten

Op in ûnkonvinsjonele manier sykje is noch hieltyd Nijssen syn hannelsmerk. Achter in skerm sitte hâldt er net fan, hy giet leaver op paad. Ien fan de geheimen fan syn súkses is dat er fierder siket dêr’t oare minsken ophâlde. ‘In syktocht begjint tsjintwurdich op ynternet, mar it wurdt pas leuk as ik betink wêr’t ik op in oare manier bylden fine kin. Ik wol bylden hawwe dy’t net yn in database steane. Dêrom kom ik it leafst by minsken thús of dûk yn bedriuwsargiven. Ik bin der wis fan dat der yn Nederlân noch in skat oan partikuliere films op ’e planken leit.’

Bewarje docht Nijssen net in soad, dat lit er leaver oer oan de argiven. Lykwols, alle bylden dy’t er besjocht krije in plakje yn syn boppekeamer; hy hat in fotografysk geheugen op it gebiet fan film. ‘Ja, as ik in filmke ienris sjoen ha, ferjit ik it nea wer. Ad van Liempt (mei-oprjochter fan NOVA en betinker fan ‘Andere Tijden’) hat wolris tsjin my sein dat ik net ûnder de tram komme moat, want dan giet der in skat oan ynformaasje ferlern. Eins soe ik alles opskriuwe moatte, mar dêr bin ik dan wer net sa trou yn. Tsjintwurdich moat it trouwens wolris, programmamakkers freegje my hieltyd faker om in lochboek by te hâlden. Dêr stiet yn wêr’t ik de bylden wei ha.’

It Fries Film Archief – mei mear as 6000 films – is in fêste halte by it sykjen yn Nederlân. ‘It FFA hat in moaie kolleksje. Se passe hjir yn Fryslân prima op histoaryske bylden. Dat jildt trouwens foar de measte argiven yn Nederlân. Bûtenlânske byldresearchers keapje films faak sels op, mar dat doch ik net. Ik fyn it fierstente belangryk dat bylden by goede argiven ûnderbrocht wurde.’

Ek it lêzen fan boeken – wat er noch hieltyd in soad docht – is foar Nijssen fan grut belang foar it finen fan materiaal. Op it stuit leit de biografy fan Pieter Jelles Troelstra fan Piet Hagen op syn nachtkastke. Foar syn syktocht nei bylden fan de oarlochskampen lêst er de biografy fan Heinrich Himmler, deiboeken fan kampbewenners en wittenskiplike stúdzjes, en pluzet er de stikken fan de kamplieding út. ‘Sa lies ik bygelyks dat der by in oerlis yn kamp Westerbork yn 1948 in opmerking makke waard oer poeptontsjes. As ik soks lês, herinnerje ik my fuort bylden fan it yn de trein setten fan sokke tontsjes, dy’t ik weromfûn hie foar de NTR-searje “De Oorlog”. In part fan dy bylden kin ik wer brûke foar Westerbork.’

 

Twadde Wrâldoarloch

De Twadde Wrâldoarloch liket in weromkommend tema te wêzen yn Nijssen syn syktochten. Sa wurke er fan 2007 oant 2010 oan de website oorloginblik.nl. Op dy website stiet in grut tal (amateur)films fan de oarloch. Dêrneist wurke er mei oan de searjes ‘De Oorlog’ en ‘Na de Bevrijding’ en ferskate oarlochsdokumintêres. Hat Nijssen in foarkar foar de Twadde Wrâldoarloch? ‘Nee, dat kin ’k net sizze. De Twadde Wrâldoarloch is gewoan in ûnderwerp dat derta docht yn Nederlân en altyd belangryk bliuwt. Ik merk yn alles dat de oarloch der noch is.’

Oer de oarloch sprutsen, yn 2013 krige Nijssen as lid fan it researchteam fan de Amerikaanske dokumintêre ‘American Experience’ in Emmy Award foar ‘outstanding research’. De dokumintêre gong oer de Olympyske sporter Jesse Owens, dy’t fjouwer gouden medaljes wûn op de Olympyske Spelen fan 1936 yn Berlyn. Behalve oer de Spelen gong it foaral oer it rasisme yn Amearika. Nijssen socht bylden fan in yn Europa ferbliuwende Owens. Hy fûn ûnder oaren amateurbylden fan it Amerikaanske team op de boat nei Europa, mar ek fan de oarlochskopstikken Goebbels en Hitler yn it Olympysk stadion. Foaral dy lêste bylden wienen opfallend, omdat dêryn te sjen wie dat Hitler lêst hie fan opfallende senuwtrekjes. It materiaal waard lykwols net brûkt foar de dokumintêre en dat fernuveret Nijssen noch hieltyd. ‘It algemiene idee is dat Hitler pas nei de oanslach op syn libben yn ’44 lêst krige fan sokke trekjes. Dizze bylden út 1936 bewize it tsjindiel en binne dus fan histoaryske wearde. Miskien is de wrâld dêr noch net klear foar. De bylden foldogge net oan it standertplaatsje fan de kriichshaftige Hitler út de propagandafilms. Blykber sitte wy noch hieltyd gefangen yn dat propagandabyld. Mar dy bylden bliuwe der wol, ik ûnthâld se, ik bin der wis fan dat se noch wolris fan pas komme.’

Op de fraach hokker byld at hy yn de takomst noch graach fine wol, jout Nijssen gjin antwurd. Dat is it geheim fan ’e smid. Al kin er noch wol in byld betinke dat net fan maatskiplike, mar fan persoanlike wearde is. ‘Doe’t ik yn de fjirde klasse fan de Johannes Postskoalle yn Snits siet, organisearre Gerrit Oppewal – skoalhaad en earder fersetsman – in soarte fan klassepetear mei fersetslieder Piet Kramer. It petear waard troch de lanlike televyzje opnommen en útstjoerd yn in betinkingsprogramma oer de oarloch. Thús hienen wy gjin televyzje, dus ik ha de útstjoering by in buorfrou besjoen. Op in bepaald momint kaam der in close-up fan my yn byld… Ik sjoch it noch foar my, sil it nea wer ferjitte. Dat byld soe ik graach nochris weromsjen wolle. Ik moat ynkoarten mar ris op syk!’

‘Van Doarp en Durp’ is werom te sjen op www.geschiedenis24.nl.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014), 3 (juny) s. 42-45.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels