De Fûke

Publisearre op 21 september 2005

PIETER DE GROOT – 

Yn 1977 gong de doetiidske nestor fan de Ljouwerter Krante-redaksje, Sytse Jan van der Molen, mei pensjoen en koe ik yn syn plak beneamd wurde as provinsjeredakteur.

Sytse Jan, better bekend as S.J., wie by de krante in ynstitút. Hy skreau lange, yngeande artikels oer histoaryske ûnderwerpen en yn syn boekbesprekken liet er gauris skine dat er mear fan de matearje ôfwist as de skriuwer. Om dy reden naam de krante him foar datsoarte wurk graach wer as freelancer oan. Syn oare spesjaliteit wie it toaniel, dêr soe er ynearsten ek mei trochgean.

Myn sjef Thur Vandamme, dy’t sels jierrenlang resinsint fan it Frysk amateurtoaniel west hie, droech my op sa no en dan nei in útfiering fan in amateurselskip te gean, dan koe ik alfêst wat oefenje en S.J. skielk opfolgje yn it gruttere wurk. Mar ik siet der noch gjin healjier, doe waard ik al foar de liuwen smiten. Tryater makke wurk fan De Fûke, de novelle fan Rink van der Velde oer de lytse fiskerman, dy’t troch de Dútske besetter twongen wurdt ta in kar. De skriuwer hie him ynspirearje litten troch wat bekend stiet as it drama fan de Tsjûkemar yn de hjerst fan 1940.

It gûnze al in hiel set oer de redaksje, mar in dei foar de premjêre waard de fraach lang om let lûdop steld: soe it wol wiis wêze en lit de resinsje skriuwe troch immen dy’t yn de oarloch oan de Dútske kant stie? Vandamme hie net folle betinktiid nedich om de knoop troch te hakjen: nee, dat tsjûget net fan wiis belied. S.J. lei him by dat oardiel del, al fûn er it spitich (hy wie allang in oertsjûge PSP’er…) en sa siet ik, sûnder de minste tarieding, op 15 desimber 1977 yn De  Harmonie foar myn earste ‘grutte’ resinsje.

Ik wol leauwe, ik ha dy nachts net út ’e klean west, sa pakte ik mei de opdracht om. Hie regisseur Pyt van der Zee yn ynterviews net sein watfoar in bysûndere produksje De Fûke wie? En watfoar fergelikingsmateriaal hie ik om dat te hifkjen?

Yndied wie der net folle reden om Tryater net de himel yn te skriuwen, it wie ‘Pyt Sé’ slagge en krij fertsjinstlike amateurspilers as Piter de Vries, Katryn Wolthuizen, Feije Spoelstra, Anne Schumacher en Broer Sipma safier dat se boppe harsels útstiigden.

Dat der yn de foarstelling ek frijwat flokt waard, wie my as heiden kompleet ûntgongen. It waard my fyntsjes yndruid troch from tsjerkefolk yn de rubryk ynstjoerde stikken en kwetste riedsleden stelden der yn har gemeenterieden fragen oer. Ek dat makket De Fûke foar my ta in memorabele foarstelling.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005) 7 (septimber) s. 21.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]