De ferrieder fan Grou ûntmaskere

Publisearre op 24 mei 2016

MARRE SLOOTS – 

Nei 70 jier lang om let nij boek oer oarlochstiid yn Grou
Wa wie de ferrieder fan de fersetsgroep fan Grou? Jierrenlang wie dat de fraach dy’t it doarp oan de Pikmar dwaande hold. Mar deroer prate, dat die men net nei de oarloch. It hie west. Yn dy swijsume mienskip groeide skriuwer Ulke Brolsma op.

As jonkje lies Brolsma it boek Stormgetij! Leven en verzet in Idaarderadeel tijdens de bezettingsjaren 1940-1945 fan J.P. Wiersma, út 1948, santich jier lang it ienige boek dat ferskynd is oer dat ûnderwerp. It waard drukt yn de drukkerij fan heit Liuwe Brolsma. Wiersma hie foar it skriuwen fan it boek mei de doe foar it grutste part noch libjende tsjûgen praat oer it ferset. It wiene spannende ferhalen oer ûnderdûk, oerfallen en ferrie. 70 jier letter fûn Ulke Brolsma lykwols dat it tiid waard foar in update, in nije fizy. Mei nije fragen.

 

It is yntrigearjend om te lêzen hoe’t yn in lytse doarpsmienskip fûle nazi-sympaty neist oertsjûge anti-Dútske sentimenten bestean koe.

 

Sels die Brolsma yn syn wurk as gemeentlik foarljochter foar it earst ûnderfining op mei it skriuwen. Letter begûn er mei koarte ferhalen en proaza. Dat resultearre yn in tal boeken en yn 2000 yn in Rely Jorritsma-priis foar it koarte ferhaal Ioana. Trije jier die er oer it skriuwen fan dit boek. Brolsma ynterviewde tweintich (âld-) Grousters en brocht oeren troch yn argiven yn it hiele lân. Ynspirearre troch de bestseller De vergelding fan Jan Brokken rekonstruearre hy it libben yn it doarp oan de hân fan deiboeken, argyfstikken en literatuer. Brolsma: ‘De Oarloch is it ferhaal oer in doarp mei goede minsken, foute minsken, ‘grize’ minsken en helden.’

Haadfraach yn it boek is dus: wa hat de fersetsgroep fan Grou ferret? Op 2 en 3 maart 1945 waard by in razzia sa goed as it folsleine Grouster ferset oprôle. Brolsma hat wol in idee wa’t hjir ferantwurdlik foar west hat. Hy giet wiidweidich yn op de figuer Arjen de Leeuw, in fersetsman mei in dubieuze eftergrûn. Dat De Leeuw sympatisearre mei de nazi’s wie yn Grou gjin geheim. Ut it ferhaal fan de frou dêr’t er by yn de kost wie yn Huzum docht bliken dat er in portret fan de Führer op syn keamerke hingjen hie. Fan 1942 oan’t 1944 wurke hy sels foar de Dútsers op de Ljouwerter fleanbasis. Dochs rekke er yn 1944 belutsen by it Grouster ferset. De minsken fertrouden him. Hy soe feroare wêze, oare ynsichten krigen hawwe. Hoe koe hy, nettsjinsteande syn eftergrûn, it betrouwen fan it ferset winne? Wa wie hy echt? En hokker rol spile hy yn de lêste faze fan de oarloch? It binne fragen dy’t Brolsma yn syn boek graach beantwurdzje wol.

Behalve dat De oarloch yn en om Grou in boekje iependocht oer dizze kwestje, sketst it ek in hiel moai byld fan in doarp yn oarlochstiid. Oer in reade boargemaster foar wa’t de komst fan de Dútsers wol goed útkaam (doe koe er eindelik de portretten fan it Keninklik Hûs út de riedsseal ferwyderje). En de famylje Blaauw, dy’t twa jier lang fjouwer Joaden ferburgen wist te hâlden op harren krappe souder. Wêrby’t de buorlju, dy’t it wol opfallen wie dat der safolle wask oan e line hong, harren nea ferpraat hawwe. Ek de bekinde yndustryfamylje Halbertsma komt foarby. En fansels noch folle mear ‘gewoane’ Grousters.

It is yntrigearjend om te lêzen hoe’t yn in lytse doarpsmienskip fûle nazi-sympaty neist oertsjûge anti-Dútske sentimenten bestean koe. Sa’t bliken docht út De oarloch yn en om Grou gie dat in skoftke goed, mar as de besetting langer duorret giet it der hieltyd hurder om ta, mei in soad leed as gefolch.

 

Oarloch yn en om Grou – 1940-1945, Ulke Brolsma. Utjouwerij Bornmeer, 2016. 224 siden, €19,90

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels