Brief advyskommisje Gysbert Japicx

Publisearre op 10 november 2011

Acht kolleezje,

Hjirby advisearje wy de Provinsje Fryslân de Gysbert Japicxpriis 2011 ta te kennen oan Durk fan der Ploeg, skriuwer te Noardburgum. Fierderop yn dit brief fine jimme in wiidweidige ynhâldlike motivaasje foar dit advys.

Alderearst wolle wy as kommisje graach in advys útbringe oer it karakter fan de priis. Wy fûnen it dreech om alle sjenres literatuer, útsein poëzij, yn ús oardielsfoarming te belûken. Boppedat moasten wy kieze oft wy de priis takenne moasten oan in inkeld boek of foar in heul oeuvre.

Wy hawwe it earste oplost troch nei soarchfâldich beried alle sjenres behalve “literêr fiksjoniel proaza foar folwoeksenen” út te sluten. Dêrby muoide ús tige dat berne- en jeugdliteratuer nei dat beslút net yn de beneaming komme koe. Wy achten ús lykwols net by steat om sokke publikaasjes te beoardieljen, benammen net wannear’t wy de kwaliteit ôfweagje moasten tsjin folwoeksenen- proaza. Goede berne- en jongereinliteratuer is fan grut belang, ek út eachpunt fan de taalpolityk dy’t de Provinsje Fryslân foarstiet. In eigen Provinsjale priis mei prestiizje en in flinke jildsom soe tige stimulearjend wêze foar dit sjenre. Wy rikkemandearje jimme dan ek oan om de Steaten in útstel foar te lizzen wêrby sa’n priis ynsteld wurdt. Wis, de Simke Kloostermanpriis bestiet, mar ek foar de literatuer dy’t ornearre is foar folwoeksenen binne njonken de Provinsjale prizen partikuliere inisjativen. De stimulânsen foar it ta stân kommen fan oarspronklike Frysktalige jeugdboeken meie wat ús oanbelanget foars grutter wurde. Sa ‘n nije priis lit sjen hoe wichtich as de Provinsje de skriuwerij foar jongerein nimt.

Op it twadde fraachstik hawwe wy fansels ek in antwurd fûn. Wy liezen alle 79 boeken dy’t oerbleaunen nei ‘t wy besletten hienen ús te beheinen ta de boppe omskreaune kategory. By en nei it lêzen fregen wy ús ôf: is dit in boek dat boppe alles útstekt? Soe it antwurd ja wêze, dan wie dat wat ús oanbelanget de priiswinner. Soe dat net it gefal wêze, dan waard it in advys foar in oeuvrepriis.
De earste ferrassende konklúzje dy’t wy ienriedich lûke koenen wie dat it tal boeiende, goede boeken mei literêre kwaliteit ús perfoarst net ôffoel. Mear as tritich boeken wienen literêr ynteressant en it lêzen wie foar ús in genoegen. Ferrassend, om ‘t it doch wol in aparte sensaasje is jin te realisearjen dat in literatuer út in lyts taalgebiet, kommersjeel amper ynteressant, safolle prima wurk opsmite kin yn fjouwer jier. Ferrassend, ek om’t der doch faak wat kritysk en sêftsoer resinsearre wurdt. Wat in krêft hat sa’n taal dan doch noch, wat in kulturele driuw hawwe de brûkers fan dy taal.
De twadde konklúzje wie dat der net in absolute útsjitter by wie, sa bysûnder dat dy it rjochtfeardigje soe dat der gjin oeuvrepriis takend waard.
Ferfolgens hawwe wy ús ôffrege hokker skriuwers en skriuwsters foar in oeuvrepriis foar proaza yn oanmerking komme soenen. Wy kamen op fjouwer nammen. Doe hawwe wy ús op harren wurk konsintrearre. Rillegau waarden wy it der oer iens dat kwaliteit, ferskaat en omfang fan it wurk fan Durk van der Ploeg it rjochtfeardige dat hy de priis takend krije soe.

Eart wy op de motivaasje yngean, wolle wy noch trije ûnderwerpen ûnder jimme omtinken bringe. Alderearst it twaslachtich karakter fan de Gysbert Japicxpriis.
It is domwei skande dat der mei dy rike rispinge oan moai en/of boeiend proaza neat dien wurdt, wannear’t men in oeuvrepriis takent. Fan ferskate kanten kaam it fersyk op ús ta om in shortlist te publisearjen, of nominearren oan te wizen, sadat der om de priis hinne publisiteit makke wurde koe. Mear publisiteit is yndied goed en needsaaklik foar de Fryske skriuwerij. By in oeuvrepriis binne nominaasjes lykwols net passend. In wat frekwinter takende priis foar in inkel boek soe wol mei nominaasjes en it dêrby hearrende spanningselemint takend wurde kinne. Hjir leit neffens ús in taak foar Tresoar en de gearwurkjende útjouwers om, bygelyks yn ’e mande mei de boekhannel, in nije priis yn te stellen. De provinsje kin dat op twa wizen stimulearje: meitsje fan de Gysbert Japicxpriis definityf in oeuvrepriis en praat mei Tresoar ôf dat se sa gau mooglik mei relevante partijen wurkje oan de ynstelling fan in nije priis foar it bêste proazawurk fan bygelyks de lêste twa jier. En dêr hoecht de Provinsje finansjeel en organisatoarysk net oan by te dragen, dat Tresoar achte wurdt dêr tiid yn te stekken is genôch.

Twad it te winnen bedrach.
Fiiftûzen euro is fansels in moaie ynstruier, mar it is tige in beskieden prizejild wannear ‘t men it ferlykt mei wat yn oare taalgebieten troch de heechste oerheid oan jild ferbûn wurdt oan de priis mei it measte prestiizje. De hichte fan it bedrach seit wol degelik wat oer de maatskiplike relevânsje, alteast sa ‘t dy ûnderfûn wurdt troch de measte minsken. Fryslân docht mei sa’n yn ferhâlding lyts bedrach syn eigen literatuer tekoart: wy jouwe hjirmei it sinjaal ôf dat wy mar in lytse, minder wichtige literatuer hawwe. It soe omkeard wêze moatte: in krêftich boadskip dat de literatuer fan in lyts taalgebiet mei in taal dy’t fjochtet foar har fuortbestean likegoed prachtige keunst opsmyt, dêr is ferlet fan. At it oan ús leit kin der wol in nul efter dy € 5000.

Tred de beskikberens fan boeken.
Tresoar hie treflik wurk levere troch ús as advyskommisje te foarsjen fan in komplete list fan alle relevante boeken dy’t yn de ôfrûne fjouwer jier ferskynd binne. In negative ferrassing foarme foar ús de meidieling fan de amtlike top fan de Provinsje dat de 79 boeken dy ‘t úteinlik serieus meidieden yn ús oardielsfoarming, troch ús sels liend of kocht wurde moasten. Foar ús sjuerywurk fûnen wy it fan grut belang dat alle trije sjueryleden beskikke koenen oer alle boeken. Wy hienen domwei ferwachte dat dy foar ús klearleine. Úteinlik hawwe wy, tegearre mei de ús stypjende amtner, de útjouwers benadere en dy wienen allegearre ree om mei te wurkjen om boeken beskikber te stellen, útsein Bornmeer. Ûndertusken hienen wy natuerlik út eigen kolleksjes, by lokale biblioteken en by Tresoar ek al ien en oar liend. Mar sa amateuristysk moat it net wer.

Dan wurdt it no tiid om oer de beëage priiswinner en syn wurk op ’e tekst. Om te begjinnen in sitaat út in fraachpetear dat Fokke Wester mei Durk van der Ploech hie, út it “Nieuwsblad Noord Oost Friesland”, foarhinne de Kollumer Courant, fan 3 jannewaris fan dit jier.

“Ik bin in echte ferhaleman, in ferteller. Ik bin altyd wol mei in boek oan ’e gong. En ûnder it skriuwen spilet it folgjende my al wer troch de kop. Ik ha noait in momint dat ik neat by de ein haw, dêr soargje ik sels wol foar. Ik leverje in manuskript yn en krij in nij fel papier, dat is in trochgeand proses. Der is noch safolle te skriuwen. As ik oan in boek wurkje, hoech ik oars net as iten, drinken en sliep. Nee, ik bin net sa’n gesellich minske.”
(earste foto oan)
Tsja, dat is wol wat.
En oan in man mei sok praat jout de provinsje de Gysbert Japixspriis 2011.
Kompleet mei in feestje, mei wyn en iterij derby.
Durk van der Ploeg hat ornaris genôch oan in prûs jerappels en in pear swolchjes Rivella en dan baarnt it him alwer yn: gau werom nei syn hoekje mei it toetseboerd, it byldskerm en de noflike stoel mei de rjochte rêchleuning.
En hy moat foar dy priis en dat feestje ek noch nei Boalsert, wol sechtich kilometer fierder as de Burgumer heide.
Dat moat in heule opjefte foar him wêze, harkje mar wat er yn jannewaris fan dit jier folgje liet op it sitaat fan niis: “Ik hâld ek net fan fakânsje”.
It kin hast net oars of dizze priiswinner sit hjir út goed fatsoen by de útrikking en hy tinkt:
“At dit no aanst net al te let dien is, kin ik jûn miskyn noch in pear siden skriuwe oer Age Looxma Ypeij fan Swarteweisein.”
Want dêr giet syn folgjende boek oer.

Dy fakânsje, dêr komme wy nammers noch op werom. Durk Van der Ploeg fertsjinnet in oeuvrepriis fan de Provinsje Fryslân, om’t er no al fyftich jier literêr wurk ôfleveret fan heech nivo.
Kwalitatyf: Van der Ploeg is in masterferteller dy ‘t sawol it aktuele as it histoaryske ferhaal op in unike manier ta ús bringt. Syn taal is krytgeef en ryk oan idioom. Hy wikselet koarte en lange sinnen ôf, ferfrisselt yn de ferheljende passaazjes talleaze metafoaren, brûkt fan dy echte Fryske wurden en siswizen dy’t yn it deistich taalgebrûk stadichoan hast weiwoarn binne en dat alles op sa ‘n manier dat syn fertelling in ekstra diminsje krijt. Ta yllústraasje de rispinge fan ien boekside. Arjen Roelofs reizget yn “It Himelsk Oerwurk” mei syn maat Sieds op in boat nei Amsterdam. Sieds is “sa nijsgjirrich as in hin mei in glêzen gat”, hat in skoft “yn it omfierrens tahâlden” en hat op syn holle in “rodzich bosk hier”. Van der Ploeg docht gjin konsesjes oan de krimpende wurdskat fan it folk dêr’t er foar skriuwt – en likegoed lêst dat folk manmachtich syn boeken.
Syn tematyk is werkenber, syn styl ek, it dekôr wie faak Noard East Fryslân; mar it is nea foarsisber wat de ynhâld fan syn folgjende boek wêze sil. It ferskaat yn de ferhalen is grut.
Somtiden giet it om suvere fiksje, optochte minsken út de tweintichste of ienentweintichste ieu, fakentiids wrakseljend mei har eigen lytse skiednis.

It hichtepunt fan de ôfrûne fjouwer jier, “It Himels Oerwurk” spilet lykwols yn de achttjinde en njoggentjinde ieu; o sa soarchfâldich is dizze romantisearre biografy gearstald, in prachtboek dat net ûnstean koe sûnder yngreven tarieding en boarne-ûndersyk: kompleet, mei alle ûnderdieltsjes passend as in oerwurk. Wol it trochdraaie, krekt, presys, dan moat it yn elkoar passe, elk ûnderdiel, as in teleskoop. Sa moat literatuer skreaun wurde, sa skriuwt Van der Ploeg ek, gjin grutte halen gau klear, presisy, dêr kin it net sûnder. Trochskriuwe, trochlêze, feroarje, ferbetterje.

Dy krektens jildt foar al syn rekonstruksjes fan histoaryske dramatyske feiten, dy’t er útwreidet en útbout ta tsjokke sosjaal- histoaryske romans: wis, it binne ynterpretaasjes, mar Van der Ploeg kin- en fral wol- de wierheid miskien wol lige, mar net ferdraaie; it is dêrom des te knapper hoe’t de skriuwer dy feiten brûkt om breed opsette persoanlike skiednissen fan eins hiel gewoane minsken te fertellen. It oerlibjen fan minsken sûnder “glamour”, en dat ûnder de mikroskoop, fan dei oant dei; en likegoed bliuwe dy boeken jin meinimmen. Dat jildt foar “De kjeld fan it Noarden”, mar net minder foar “Foarby It Boarkumer Fjoer”. Wis, dat boek is hast al wer tsien jier âld, mar de advyskommisje fûn dat fan alle proazawurken fan Durk van der Ploeg it bêste en it meast karakteristyk.
Dat wol net sizze dat bygelyks “In Beferzen Mar” net tagelyk typysk Van der Ploeg is. In boeiend boek, mei de konsekwinte útwurking fan de tematyk fan in minske dy ’t as bern út hûs helle wurdt en de rest fan syn libben mei djippe fragen tangelet. Fragen dy’t net beändere wurde kinne faaks.
Doch jouwe wy as kommisje dy ekstra fermelding foar “It Boarkumer Fjoer”. By in oeuvrepriis mei dat, krekt fierder efterom sjen as de lêste fjouwer jier. Ik sil mysels yn dat opsicht aanst noch in lytse frijheid permittearje.

In heech nivo, sei ik krekt, kwalitatyf mar ek kwantitatyf: mear as tritich titels, en benammen de lêste jierren in produksje dy’t foar in útjouwer amper by te hâlden is, it iene boek jaget it oare. Alle minsken dy ’t de Fryske skriuwerij in waarm hert tadrage, meie allinne om dy reden al tankber wêze dat der sokke skriuwers binne; skriuwers as Van der Ploeg soargje dat der lêzers bliuwe, dat der nei it lêste boek dat jo krekt út hawwe net omdôch útsjoen wurde kin nei it folgjende.

Ik hie sakrekt wat de gek mei Van der Ploeg syn begearen om him, thús yn syn eigen hoekje, folslein te konsintrearjen op syn yndividuele literêre beuzichheden. Foar ien dy’t yn 1959 debutearre en al mear as fyftich jier literêr aktyf is mei dat fansels altyd. Mar Van der Ploeg hat ek foar de skriuwerij yn it algemien fan betsjutting west. De ferlieding is grut om de man, yn it ferlinge fan syn tematyk en yn oerienstimming mei it wêzen fan net te min fan syn roman personaazjes, te sjen as iensume bodder. Mar sa wie ‘t net: hy die de einredaksje fan Frysk en Frij, skreau resinsjes, wie redakteur fan de Tsjerne en de Stim fan Fryslân, karmaster by de KFFB, foarsitter fan it Skriuwersboun. En der wie noch gâns oare kulturele en tsjerklike aktiviteit. Yn in fraachpetear út 1995 relativearret er dat: “eins bin ik in ienselvich wêzen: de skriuwer dy’t mei himsels praat”.

Dat is fansels sa, wa soenen wy wêze om de laureaat tsjin te sprekken, mar brutaal binne wy likegoed. Beide dingen binne tagelyk wier.
Konsintraasje, yn jinsels besletten wêze, dat is nedich foar goede literatuer.
Mar it helpt ek wannear’t men midden yn it libben doart te stean.

Mear skriuwers, benammen dy fan wurk mei in sosjale ynslach, libje mei dy spanning: oan de iene kant wol men notearje wat der bart of bard hawwe kinne soe. De skriuwer wol mei de estetyske middels fan de literatuer syn eigen ferslach dwaan, in fisy jaan dy ‘t oankomt by de lêzer. Oan de oare kant hat er ferlet om ta dieden te kommen, engaazjemint te toanen, der sels wat oan te dwaan. Dat dit lêste net altyd ta risseltaat liedt, teminsten net fuortdaliks, kin ta lytse of grutte frustraasjes liede. Konkreter: Van der Ploeg skrommet de lêste jierren net om yn eigen wurk en yn fraachpetearen syn tige swiere noed oer it Frysk en de Fryske skriuwerij te etalearjen; dat mei foar ús allegearre in warskôging wêze, in oantrún. Tagelyk is der it besef dat Van der Ploeg sines der royaal te dien hat om taal en literatuer ek mei maatskiplike aktiviteit te tsjinjen. Dat kin er him bewust bliuwe, dêr mei er ek grutsk op wêze. Yn syn essay “Fryske literatuer yn swier waar” út 1997 skriuwt er: “Miskien haw ik my hjir en dêr dochs wat tefolle gean litten om ‘t my al skriuwende de strôt hast tichtknypte fanwege in werklikheid dy’t hyltiid wer safolle oars blykt te wêzen as doel en ideaal. En wylst ik mei muoite op azem kom, sykje ik fannijs hâldfêst yn de klamme mar taaie raaien fan it idealisme”.
Sa is it mar krekt! Hoe’t it komt, wa’t ek mar aanst de nije enerzjy opbringt en de goede foarmen fynt om ús skriuwerij en dizze moaie âlde taal te helpen by it oerlibjen, wy witte it net. Van der Ploeg hoecht de karre op dy manier net mear te lûken, it is op himsels in net genôch te wurdearjen prestaasje en skriuw ús yn de kommende jierren noch in protsje moaie boeken. Mar: ferlies de moed net, lit ús elkoar net ûntmoedigje. Wier Durk, jo ha jo paad skjin fage en it hat holpen.

Hoe krekt en wat it bliuwend effekt is kin gjinien jo sizze. En: wa wit komt it ea noch goed… Wis, de skriuwer dy’t mei himsels praat, dy is der. Mar echt skriuwer binne jo pas wannear’t jo lêzers hawwe. Wat jins ynfloed is, dat witte jo eins net. Mar Van der Ploeg hat ynfloed. “Dat boek hat my definityf ta Frysk lêzer makke,” sei ien fan de kommisjeleden. Dat boek -it kin net misse- is it Boarkumer Fjoer. Sa’n boek dat jo út hawwe en dêr’t jo net fuortdaliks frij fan binne. Dy brede skildering fan gea, minsken en ambachten. In boek dat it giet oer passy, oer libbensrin, oer needlot en oer jinsels steande hâlde. It tafal fan it oerlibjen.

Dan de lytse frijheid dy’t ik mysels tastean soe. Ik ken in lêzer, in boer, dy’t yn septimber, oktober as de simmerdrokte dien is fjirtjin dagen nei in waarm oard giet en dan de nijste Van der Ploeg meinimt. In jier of seis werom wie dat “Sykjend nei it lêste hûs”. Dat boek is myn persoanlike favoryt ûnder de boeken fan Durk van der Ploeg. Prachtich, mei dy skildering fan it kwetsbere famke yn de TB tinte. Mei de earmoedsaaiers dy’t de griemde swarte brant opsochten fan de koaletransporten mei it Dokkumer Lokaaltsje; dy spoarferbining, einliks ris sûnder in krom falsk sentimint realistysk werombrocht ta it stjonkend wif elemint dat it wie yn de ekonomyske struktuer fan de Dongeradielen. De oarloch en de befrijing en de by van der Ploeg sa karakteristike fraach oer waans befrijing dit no eins gie. De wreedheden dêr’t in wees mei grutwurde moat en de suver fernimbere stank fan de fellebleaters. Mar foaral: de relaasje tusken de haadpersoan, de weromkommende emigrant en de frou dy’t oan kanker stjert. It pendant fan de fierhinne platoanyske jeugdrelaasje mei it tuberkuleuze famke. Myn besibbe boer fûn it al sa moai, dat boek. Mar ien ding: “Dat er mei dy stjerrende frou op bêd giet, dat fûn ik wol heul apart”. Om dat te begripen, dêr hied er wol op omprakkesearre.

Sa ferrifeljend is literatuer, en ja, dit wie optocht mar wier, want: sa kompleks kin it libben wêze, sa kompleks is sykte en stjerren, sa kompleks is it wannear’t wy tagedienens toane, sa dreech en moai tagelyk is it wannear’t men einliks thúskomt yn it nimmenslân.

Dêrom fertelle wy elkoar ferhalen, dêrom skriuwe wy se op; om dingen troch te jaan, mei te dielen dy’t oars net as mei in ferhaal oerbrocht wurde kinne. Oft er gelokkich is mei de skriuwer dy’t himsels ferhalen fertelt, dat mei Van der Ploeg sels útmeitsje. “Skriuwen is echt in ferslaving”, seit Van der Ploeg yn datselde petear mei Fokke Wester dêr’t ik mei begoan. De measte ferslavings rendearje gâns minder. Wy meie tankber wêze dat er ús, dat er Fryslân, syn ferhalen skinkt. Lit dizze Gysbert Japicxpriis foaral fan dy tankberens in befêstiging wêze.

O ja, en dan noch dy fakânsje. It sil wol neat wurde, want hy hâldt der net fan en hy seit syn frou ek net, mar wat moat men mei sa’n protsje jild dat jin ynienen taskikt wurdt oars? Eltse ferslaving moat no en dan in “ôfkik” momint hawwe, wol men der net foar jins tiid oan stjerre. In fakânsje kin boppedat oanslute by syn langst nei kâlde oarden. Durk! In moaie cruise tusken de fjorden of sa. Pinne en papier mei foar in inkelde notysje, foarút, mar perfoarst gjin leptop . Foaral even lins, de frou en jo tegearre lit ús sizze ûnwennich ûnderweis, mar nim fan ús oan ek even lokkich. In lyts en wif aventoer, in trochbrek yn jo eigen fêste gewoanten, yn it folle besef dat jo in fantastyske bydrage levere hawwe oan it Frysk en Fryslân en dat se jin dan foar straf ek noch op fakânsje hawwe woenen…

Oant safier ús advys: mei rju achtinge, Sietske de Jong, Ate Grypstra, Willem Verf

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels